op de dea, dy't û.o. as selsmoard ynterpretearre wurde kin.
In tsjinwicht tsjin Harm's earnstige libbenshâlding is syn kammeraet, de sergeant Willem. Hy fortsjintwurdiget in oare kant fan it minskebistean: forlet fan rang en oarder, bigien wêzen op it stoflike en it sinlike. Hy bidobbet syn eangst foar dy iene doar ûnder fiksdwaen en libbet by it bisef dat de biwenners fan it hûs nou ienkear in hel makke hawwe, dêr't neat oan to foroarjen, lit stean to forbetterjen falt. Hy skout de forantwurdlikheit fan him ôf en laket oan de ein fan it stik mei de kostfrou en har omkoal fan in greate soan om idioate wurdtsjes dy't hja yn in wurdboek opsykje: sinnebyld fan de absurdens fan it bistean. De studint ropt omdôch dat er fan de architekt fortelle wol, mar syn warskôgjende wurden wurde yn bête laitsjen wei. In grotesk en spannend slot, dêr't de skriuwer jin yn dúdlik makket, dat de stimme fan Johannes de Doper ek yn ús wrâld klinkt út in woastenije fan lichtsinnigens, dommens en ûnbigryplikheit.
Uterlike hanneling sit yn dit koarte stik mar in bytsje. It giet om de eftergroun, de oare diminsje fan de dialogen, dat inerlike spanning, soms troch it opinoar yn sprekken, mar meast troch it krekt byinoar lâns praten, hat dit toaniel nammerso mear. Under de banale en ûnsjogge oerhûd fan dizze petearen brûst en broeit it fan psychyske spanning. Bynei elke claus hat in dûbele boaijem en dy dûbelens wurdt birikt mei it wurd yn de dialooch sels, dat it uterlik barren transparant makket.
En just yn dat trochsichtige leit de wearde fan De Jong's biskieden earsteling. In publyk, biwend oan naturalistyke útbylding, sil by dizze symbolyk en problematyk licht wol kâld bliuwe en nei in opfiering mei in: ‘hwat nuver!’ nei hûs stekke. Mar ek al hawwe wy yn Fryslân gjin, of gjin genôch toanielreizgjend folk foar soks, it sil in jonge skriuwer, hwaens talint him dizze kant opstjûrt, net tsjinhâlde moatte op dizze wei troch to gean. Ek as lektuer is sok probleemtoaniel tige de muoite wurdich.
De symbolyk fan it sletten hûs lit jin hjir en dêr sterk tinke oan it wrâldforneamde stik Huis Clos fan Sartre. Ek dêr ropt it ûnûntkombere fatum fan de sletten doarren in swiere dramatyske spanning op. Mar it Frânske stik spilet yn in fatael hjirneimels, de persoanen hawwe in libben éfter har, elkums dwaen en litten wurdt biskaet troch dat hwat west hat. Jelle de Jong's sujetten, de haedpersoanen alteast, hawwe it libben mei syn mooglikheden noch foar har, hja biwenje in wrâld diskant de dea, dy't mei syn oarlochsdriging, syn flecht yn de dommens in hel liket, mar it net is om't der ien doar iepen stiet. In symboalysk stik. In eksistinsieel stik? Ommers: existieren ist leben Angesichts des Todes! Dat dogge de minsken yn ien doar wie iepen stik foar stik allegearre. Grif net sûnder bidoeling hat de skriuwer Pensée 121 fan Pascal syn stik as motto meijown.
In great technysk bouwer is De Jong hjir noch net. Tusken toaniel 6 en 7 lit er it earste bidriuw eingje en it twadde bigjinne. Dat leit ek yn de reden, hwant dêr falt it gordyn. Nei toaniel 2 giet lykwols it doek ek del. Logyskerwize bigjint dêr in nij bidriuw en soe it stik dus net út twa, mar út trije bidriuwen bistean. Faeks om it noch in krom gearstalder to meitsjen fornijt it quatrebras-omslach jin, dat hjir sprake is fan in ienakter. Mar dat kin fansels ek in redaksioneel grapke wêze, al is it hjir dan mispleatst.
D.A. TAMMINGA.