De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 23] [p. 23] Marten Sikkema: * * * Einleaze sé mei dyn ientoanich sjongen, Dou hast myn maitiidsdreamen widze gol en tear; Einleaze sé, dy't séfolk fiert yn 't near, Hâld sêft myn wize hjersttij-smert bifongen. Dou weach, dy't komt mei flaeikjend fluensk gekâlt To slomjen op it dún dêr't bittre krûden dije, Widzje, widzje myn hert, as wie 't dyn bern sa mijen, Forfolje 't mei azuer en rynske rook fan sâlt. Fier fan 'e stêd wol 'k fan tormint fan tinzen Mysels bifrije yn dit stil ûntwyk, En eltse tins, de wisse sésweal lyk, Sil stige yn d' einleasheit sûnder grinzen. Oersetting nei in fers fan Jean Moréas (Johannès Papadiamantopoulos) Vorige Volgende