De Tsjerne. Jaargang 13
(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 18]
| |
Risteard O Glaisne:
| |
[pagina t.o. 18]
| |
RISTEÁRD Ó GLAISNE
Iersk skriuwer, berne 1927 | |
[pagina 19]
| |
hiele wide wrâld; as litteratuer de lêzers út beide gebieten - har djipste hert en gewisse, net har foaroardiel fansels - net bigeasterje en bifredigje kin, mei men it gjin litteratuer neame. Greate litteratuer ûntsprút oan de oaneigene libbensûnderfining, sa't dy sparket op in inkelde geast, en it litteraire wurk kin nea skaet wurde fan it libben dat dêryn tekene wurdt. En nou wurket de Ierske skriuwer hjir ‘oan de rânne fan de wrâld’, sei Céitinn, yn de tael fan in lyts folk dat hjoeddedei noch foar gjin fjirdepart dy tael prate en lêze kin, nettsjinsteande it har ûnbikende feit dat de ynfloed fan dy tael op al har tinzen noch altiten heislike great is. It stiet by my persoanlik net yn de kiif, dat wy dy't it Iersk brûke, it by it rjochte ein hawwe: ús skriuwen giet werom op in erfskip, sa't skriuwen yn it Ingelsk dat nea dwaen soe, en der is noch in kâns, dat wy ús doel birikke sille, hwant wy bisykje it Iersk net ta nij libben to bringen, mar om it wer by de wâl op to helpen, en wy hawwe by eintsjebislút al hwat birikt en der is noch fuortgong, hoewol't it makliker is de takomst mei optimisme as mei wissichheit to bisjen. Hwat de Ierske skriuwer syn posysje yn wrâldforbân oangiet: hy is net minder út as in skriuwer earne oars. Victor Hugo hat ris sein, dat der tusken de greatte fan in folk en syn bilangrykheit likemin forbân leit as tusken de greatte fan in man en syn bilangrykheit, en hy hie fansels gelyk; en wierlik de man fan idéën is de iennichste wrâldboarger - de man fan idéën sil yn lannen dy't er nea bireizgje sil, as konfrater biskôge wurde. Minsken fan ûnderskate nasionaliteit yn Europe lêze op 't heden in boek, dat oarspronklik yn it Iersk skreaun wie troch in jonge Garda SíochánaGa naar eind1), hikke en tein op in eilantsje oan de rûge kust fan Kerry, en in pear jier forlyn yn Conamara forstoarn - ik doel fansels op Fiche Blian ag Fás (Tweintich-jierrige groei) troch Muiris O Súilleabháin. Dat is mar ien foarbyld fan hwer't ik op doel. Hwat bitsjut ús nije Ierske litteraire biweging nou? Faeks hiel hwat, tinkt my, dat ik haw der myn moed wol oer. Ik tink oan boeken as An Chéad Chloch (De Earste Stien) of Síol Eabha (Jountiidsbern) troch Pádraic O Conaire; Pádraic O Conaire agus Aistí Eile (Pádraic O Conaire en oare essays) troch Seosamh Mac Gráinna; Micheál Mac Liammóirs Diarmuid agus Gráinne (Diarmuid en Gráinne); Séamus O Néill syn Tonn Tuile (Floed); Braon Brogbach (In Smoarge Drip) en Cré na Cille (Tsjerkhôfsklaei) troch Máirtín O Cadhain; en Seán O Ríordáns Eireaball Spideoige (In Reaboarststurtsje). Dizze soe ik yn alle gefallen to lêzen jaen oan hwa't nei Ierlân komme | |
[pagina 20]
| |
soe op siik nei Ierske litteratuer, hwant hja hawwe kwaliteiten: waernimming, fantasy, oarspronklikens yn technyk en tins, in nasionale ynslach, útbalânsearre biskriuwingstrant. Micheál Mac Liammóir seit yn syn lêste Iersk boek, Ceo Meala Lá Seaca (Hunichdize op in froastige dei), dat hy fan bitinken is, dat elke sprekker fan it Iersk biwust of ûnbiwust bigrypt, dat it Iersk de komste bidet fan syn master, sa as Ingelân dat Shakespeare dien hat, Itaelje Dante en Noarwegen Ibsen. Wy hoopje dat hy komme mei. Yeats en Joyce, de beide greatsten ûnder ús neffens my, skreauwen yn it Ingelsk en wiene suver ûnbikend mei de Ierske tael. Wis, in biskate, wize Frânskman - syn namme wol my net yn 't sin komme - hat ris sein, dat elkenien in burd hat as er to wrâld komt, en it wie fansels Ierlân dêr't dizze beide wûnderbern by opgroeiden; dêrom kin nimmen sûnder kennis fan it Iersk har wurk, nettsjinsteande har eigen ûnkunde op it stik fan it Iersk, foldwaende bigripe.... En as de tradisionéle bitsjutting fan it wurd ‘Iersk’ bistean bliuwt, dan hoecht immen dy't leaut dat der noch in skriuwer greater as Yeats en Joyce opstean kin, ear't de ûnfoltôge oardielen oer dizze wrâld in ein foun hawwe, noch net in dwaes to wêzen. In moai great part fan de Ierske litteraire produksje hjoeddedei mei men forlykje mei hwat op it selde mêd yn oare lânnen forskynt, en it greatste part fan hwat der net is, is allinne mar yn tarissing foar de dei dat it der wêze sil. Nei myn bitinken is de algemiene hâlding fan de Ierske skriuwers tsjintwurdich folle souner as dy fan ús skriuwers yn it Ingelsk - neffens my seit soks ek net folle. Faeks soe it de muoite leanje in skoftsje tiid to jaen oan de dingen dy't de geast fan in great skriuwer foarmje. Wy soene it, leau ik, allegear iens wêze dat by eintsjebislút alles ôfhinget fan in skeppende geast (‘dichters wurde berne, net makke’, seit de âlde Romeinske sizwize) - alles, útsein it skerpe, nea-wurge, earlike opkweken derfan. Hwat binne de dingen dy't in skriuwer meast helpe himsels to forwurklikjen? It soe in fortrietlike boel wêze as de skriuwer net profitearre fan de kennis en manearen fan de greate skriuwers dy't foar him wiene - it burd oan it kin fan elkenien by de berte. Alleman wit, hoe earmtlik ús woelige histoarje ús litten hat op it stik fan dy dingen dy't frije folken yn tofreden rêst bidriuwe (muzyk, skilderkunst, boukunst en litteratuer), fansels - it is genôch as men yn dit forbân neamt, dat toanielstikken en romans yn it Iersk net earder skreaun waerden as yn it bigjin fan dizze ieu. En dôch witte mar in pear fan ús hwat wy | |
[pagina 21]
| |
hawwe, sa't persoanen fan hwat oplieding yn oare lânnen dat fan har heitelânske kultuer dogge - ik alteast net. Hokfoar irony is it net, dat it fakentiden makliker is fan in great Iersk wurk in Ingelske oersetting to krijen as it origineel sels - it is goed nijs dat Tomás O Floinn en Proinsias Mac Cana nou bigoun binne mei it útjaen fan ús proaza-litteratuer foar de sljochtweihinne lêzer: it waerd tiid de klok to forsetten. De Ierske skriuwer moat fansels net alhiel ôfhingje fan de Ierske litteratuer. En as by útlânske boeken net lêze kin yn de originéle tael, dan, soe ik sizze, is it it bêste, dat er se lêst yn de tael dy't er sels skriuwt. De GúmGa naar eind2) wurdt der soms op oansjoen, dat hja tofolle oersettingen yn it ljocht jowe, mar dat is fansels net wier. Hja hawwe tofolle oersettingen út it Ingelsk forskine litten, yn forhâlding ta hwat hja publisearre hawwe út oare talen, en húnderten boeken dy't yn alle talen wol to krijen wêze sille, hawwe hjir noch gjin oersetter foun. Plato, Euripides, Dumas, Plutarchus, Molière, Tchekov, Turgenew, Thomas Mann, Ibsen - fan elk fan dizzen hawwe hja alteast ien boek jown, fan guon mear, mar men kin noch gâns skriuwers bitinke dy't oant nou ta yn it Iersk noch net mei in folsleine oersetting fortsjintwurdige binne: Sophocles, Dante, Goethe, Flaubert, Dostoyevsky, Tolstoi, Puskin, Balzac, Voltaire, Mauriac, Manzoni, Sigrid Undset en folle net genôch. As de Gúm tsien jier lang in greate espel oersetters hie, soe it Iersk mear achting krije en mear fruchten rispje as op 't heden: de greate wrâld-klassiken soene biskikber wêze foar immen dy't leaut dat men net allinne op Cathal O Sándair syn boeken tarre kin, hoe goed dy ek binneGa naar eind3); wichtige en nijsgjirrige boeken út it bûtenlân, noch net printe troch ús neiste buorlju yn har tael, soene dat yn it Iersk al wêze (lit stean fan tekstboeken en alderhande technyske boeken, dy't ús yn it sin bringe soene dat net allinne Ingelsk-sprekkenden har ophâlde mei de natuerwittenskippen, yndustry, godstsjinst, ensfh.); en ynpleats fan An TreallánGa naar eind4) koene hja faeks in goed tydskrift útjaen, dat ús fiere koe nei it hjoeddeiske wurk fan de greatste skriuwers en tinkers fan bûten Ierlân wei. Hja moatte ek in heech peil oanhâlde, mei ik yn it foarbygean wol efkes sizze; guon fan it lyts tal oersettingen dat hja oant distiid ta útjown hawwe, hiene wol krekter wêze kind, tichter by hwat de auteurs fan de originelen skreauwen. Lykwichtige, krekte krityk is in ding dat iksels slim bilangryk achtsje. Hwa sei ek mar wer, dat it like slim wie in goed kritikus to finen as in goed dichter? My tinkt, dat de Ieren folle better kritisi binne as de Ingelsken - wy en de Frânsken | |
[pagina 22]
| |
kinne ús losmeitsje fan hwat wy ûndersykje, hwat de Ingelsken nea slagget - mar alle forkearde eigenskippen fan provinsialisme en ek noch in pear oare dingen binearje ús Ingelskskriuwende kritisi, en al is it dan ek wier, dat de ûnôfhinklikheit fan de Ierske biweging it talint en de kriich en de earlikheit by dyjingen dy't har oanhingje oanmoediget, it is ek wier dat der fakentiden by de kritisi forlet is fan discipline, fan strangens en hurdens, om't hja net al to skerp wêze wolle tsjin har konfraters, of om persoanlike redenen net, of net om't hja it publyk net wjerhâlde wolle om boeken to keapjen dy't yn de bêste tiden net in bêste forkeap hawn hawwe soene. Wy hawwe noch gjin goede kritikus, tinkt my, mar der binne in stik of seis, faeks mear, dy't it net sa min dogge, en lykas de boeken dy't wy skôgje, wurde wy njonkenlytsen better. Mar gjin wide bilêzenheit, gjin ynkringende krityk makket fan immen in skriuwer. Troch gjin Greenwich Village, Montparnasse, Bloomsbury, in souderkeamer yn Dublin, in litteraire klub wurdt immen skriuwer. De skriuwer moat krije hwat er fan it libben togoede hat, mar yn dat proses moat it libben krije hwat it fan de skriuwer togoede hat. Mei oare wurden: net op in souderkeamer, mar op de dyk tusken it folk leart de skriuwer it swierste part fan syn ambacht. Is fearr an troid ná an t-uaigneasGa naar eind5). Ik wit net hwat ús wachtet. Mar dit wit ik: de gewoane Ierske skriuwer sil offers bringe moatte - hy sil net safolle jild en biwûndering krije as skriuwers yn de greate wrâldtalen. Nei alle gedachten kin it him neat skele - ik leau, dat der hjoeddedei net in Ierske skriuwer is dy't tagelyk net flot Ingelsk skriuwt, en dêrom wurdt langer elkenien dy't leaver yn it Iersk as yn it Ingelsk skriuwt oanfitere troch in net ûnbilangryk idéael. Mar wy moatte dit ûnthâlde: hwat it wrâldpeil oangiet sit de Ierske skriuwer yn itselde boatsje as in skriuwer yn in oar lân. As de Ierske litteratuer fuortfart, sa't dat de lêste tsien jier gien is, doe't ik der niget oan krigen haw, sille, ear't wy bidobbe wurde, de oersettingen út it Iersk om utens machtiger wêze. En op in goede dei mei in great man opstean. Faeks is er al ûnder ús? (Oerset fan Klaes Dykstra) |