De Tsjerne. Jaargang 13
(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 15]
| |
[pagina 16]
| |
Concerto foar Sitavokalise
wurden foar in âld gedicht
uterst kein en sober
einleas masker dyn gesicht
blêdden yn oktober
- teisters en in wynbraubooch
yn in himelsk dialooch -
taesten yn in nauwe romt
hjoed is ivich juster
hân dy't jimmer neijer komt
yn in hoeden tsjuster
| |
J'avais rendez-vous
as oer de stêd de rein
de rein sa ivich dript
dit is de ein
sa mankelyk
as dû en ik
nea tochten
dit lêste rendez-vous
c'est fou
en dochs
it is de ein
de ein
ein yn de rein:
wy moat' ús
stadich wer
allinne meitsje
| |
[pagina 17]
| |
It famke
har twadde wrâldbyld wie to nij
en hie syn foarmen net útsetten
in bern yn die en fantasij
hearde hja ûnder beide wetten
de eagen dy't om 't wêzen sochten
bigriepen ûnbiwust har frij
en oaren dy't dit witten brochten
doe waerd hja trânsformearre nij
hja is harsels altyd foarút
en de narkose fan dy dagen
leit as it fruchtfleis yn de nút
hja giet allinne dizze reis
en stjittend troch de lêste fragen
folkomt it brekken fan it fleis
|
|