| |
| |
| |
Geart Jonkman:
Ik haw dy leaf, dat is 't him
foar Lamkjen
Mei't er syn wiif taboldere dat er dan wol om in oar hinnekommen sjen soe, stau master Swart de doar út en sette yn de ûnlijige joun mei kosmopolityske foarnimmens nei it stasion.
Dat dit krekt de jouns foar de hjerstfakânsje barde wie kleare tafal. Hja hiene nou de hichte, woe er hawwe, hy hie syn nocht, skjin syn nocht fan alle gejeuzel. As er in slokje yn 'e hûs helle dan helle er in slokje yn 'e hûs, soks kaem in kunstner ta en nimmen hoegde it to bilijen, bern hiene hja dochs net en dy soene der ek wol net komme, hwat deale....
De hoed efter op 'e plasse, de jas wapperjend yn 'e wyn, snuorre Herre Joukes Swart as in wyld by de huzen lâns, himsels by alle gevels en goaten foar eagen hâldend dat der rjocht dien waerd. Hja soe by dit en by dat gewaer wurde dat er net ta it itige slach janhinnen bihearde en dat er syn hiele libben net fordwaen woe mei skipperjen en skamperjen. Hy soe him wol oars rêdde, hy hie op 't lêst net om 'e nocht by de marine west en plak wie der altyd wol to finen, byneed op in kuster. En hja moast der dit kear mar net op rekkenje dat er wer yn 't lij falle soe. Tonei gyng er eigen wegen, hy hie hwat yn him fan 'e kosmopolyt, dat ûnwennich soe er net wurde, fan har alhiel net. Gjin minske dy't him dit kear keare....
Op 'e Beursbrêge ûnderbriek in forriederlike pûster syn breinroere opmars mei him de hoed fan 'e plasse to skuorren en op dat stuit kaem master Swart net allinne hwat ta himséls, mar ek ta it bisef dat it fanwegen de lette ûre ynearsten net sa hurd rinne soe mei it wiermeitsjen fan syn foarnimmens. Aldergeloks kaem him yn 't sin dat der grif noch wol in trein op Harns ride soe, Harns wie op 't lêst ek in séhaven. Hy kipe by de brêge del, stelde fêst dat dêr yn 'e djipte oars net folle to sjen foel as it glinsterjen fan swartskolperich wetter en stiek doe sûnder hoed it Suderplein oer.
Yn 'e stasionsfestibule ûntkaem him in ûnfoech wurd, hwant mei't er nei de beurs taestte krige er foar 't forstân dat dy thús yn 'e oare broek siet. Dat kaem fan dy ellindige forstrûperij, it bigreate har altyd dat er jouns yn 'e hûs de knappe klean oanhâlde.
Even stie er yn bistân om werom to gean, mar doe't de
| |
| |
net ûnkreaze lokettiste hwat fyntsjes gnyske, sûnder mis om him, taestte er alle bûsen ôf en fandele noch sa'n daelder lytsjild byinoar. Hy bistelde in inkele reis Harns, lei in goune op it skoulaed en klaude it kaertsje der knoffelich ôf. Op 'e nij stie er even yn bistân, mar doe't er fornaem dat de faem him noch hieltyd achtsloech, bjiske er sleepsoaljend as in foroardielde nei de kontrôlle. Faeks hie er it lot noch biswarre kinnen mei lofts troch de kontrôlle wer nei de útgong to rinnen, mar it woe sa treffe dat de kontroleur him der freonlik op oanstie to draven en dêr oan tafoege dat er rjochts om 'e doar op 't earste perron wêze moast. En nóch soe der neat to rêdden west hawwe as de treinkondukteur him mar net yn 't fizier krige hie. Doe't dy sokses lykwols hommels in doar foar him iepen-skuorde wie der gjin forwin mear op.
Sadwaende rekke er efter de pûst en mei twa kwartsjes bûsjild de Blauwe Ingel yn, waerd dêr mei ‘in knikkert op 'e kant’ en lyksoartige sizwizen forwolkomme, fan dy gefolgen dat er daelk trochskau nei ‘Net smoke’, dêr't aldergeloks gjin minske tahoud.
Wylst de trein oer de wiksels davere, stelde master Swart fêst dat er in earste omkoal wie, mar mei't it barren fan 'e joune - en net allinne fan dy jouns - him wer foar de geast kaem, boaze syn grimmitigens wer oan en mei dy grimmitigens kaem ek it selsrespekt wer. Deinum foarby hie er al gâns bigryp foar himséls en doe't er yn 'e ruten syn spegelbyld ûntdiek, stelde er fêst dat de man dêr yn 't rút, mei syn forwaeide prúk, net ta it biwende slach skoalmasters rekkene wurde koe.
De man dy't him dêr út 'e glêzen wei taknikte wie in bijeftige, sij it fan 't needlot forfolge artyst. Skreaude it net oan 'e protters, wie it net by de wylde spinnen om't ôf, dat der yn dizze fêstrustke maetskippij langer romte noch bigryp foar it skeppend geny wie?!
It hiele libben siet fol fuotangels en klammen, rêst om to tinken, om ta skeppend wurk to kommen wie der net mear by, nacht en dei forfolgen jin de plichten en seden fan de boargerlike steat en it amt.
Dat it skeppen fan in toanielstik jin op hwat oars ferge as it domme neigean fan sifers, jiertallen en jierdeikalinders, hie nimmen yn 'e rekken sa't like. Moarns nei skoalle ta biselskippen jin, knikkend en dopjend foar Jan, Pyt en Klaes, de boadskippen en leksums fan 't wiif. Op it skoalplein koe men der kuijerendewei mar wer op losjeuzelje oer waer en wyn mei it oare personiel, men wie al bliid dat der yn Israël of Egypte in pear deaden foelen, safier wie 't hinne en men
| |
| |
winske bytiden dat it mar earne losbarnde, allinne om fan it sljochte gejeuzel ôf to wêzen. Men hie mar mei to rinnen en to stimmen yn it koar fan neatsizzende praetsjes en hoflikheden en werom yn 'e hûs koe men de film op 'e nij draeije, sij it dan mei de biwende ûnderbrekkingen.
By Ike draeide binammen alles om it eigen binaud en binypt libbentsje, hja foun altyd wol hwat út om jin by 't skriuwen wei to skuorren en it omtinken to krijen, ivich mei deselde oanrin: Herrèèè! Herre dit en Herre dat! Herrèèèè! wolst tonei yn 'e goedichheit dyn fuotten wol feije? Moatst ris yn 'e gong sjen, 't is skande! Herrèèèè.... nou dalik dy jas út, dou hast der al wer in knoop ôf. Herrèèèè.... dy en dy hat skille en ik haw sein datst him foar achten even weromskilje soest. Doch it nou daelk, Herre.
Der wie altyd wol in ellindeling dy't skille hie, der wie altyd wol hwát. Dán wer by de apteek oan, dán dêr wer om tinke, om gek to wurden. En nou wer dat gejammer om in luzich slokje. Wie 't in wûnder dat men soms dagen stinne moast op in heale side dialooch? Hwa koe dêr in minskelibbenlang lykmoedich ûnder bliuwe?!
Master Swart knikte syn spegelbyld ta en rôp: Ja hwa?! Dou? Dou Herre Joukes?!
Nei 't er hommels fêststelde dat er it ryk noch altyd allinne hie, forfette er hwat dimmener: Dou koest net oars as gean, jonge, dou hast alles bisocht, yn goedens en tsjoedens, en nea hiest it ret. Ornaris kamen der triennen en nei hwat forwiten oer en wer, jitris triennen. En dou dyn kopij mar forskuorre en toanielspylje ynpleats fan skriuwe. Ja, dou Herre Joukes Swart!
It spegelbyld seach him meilydsum skodholjend oan, dat fan gefolgen sei Swart: Twade bidriuw! En hy forfette: Hja sit by de tafel mei har nifelwurk en forûngelike gesicht. Hy - ja, dou dêr jonkje! - hy sit dwers foar it skriuwburo en sjocht har oan mei in wrâld fan bigryp en bigreatsjen yn de eagen. Hy sjocht it peareljen fan twa heldere triennen dy't lang om let weiwurde yn it nifelwurk.
Hy: Och fanke, wy moatte sa net, ik mien it sa slim net, ik wit wol datstou it goede mei my fóar hast, mar ja....
It spegelbyld knikte meistimmend, sadwaende dat Swart sei: Sa stjonkst der hieltyd op 'e nij yn, jonge.
It spegelbyld knikte en like alle bigryp foar him to hawwen. Mei greate tagedienens knikten hja elkoar jitris ta. Swart wie der suver mei oan en om de oar syn byld to ûntgean, liet er de eagen oer it lewant dwale en lies lûd-op: Net smoke! Ik bin
| |
| |
nou allinne baes, sei Swart, wylst er yn 'e bûse taestte. Hy bleau lykwols yn in aldernuverste hâlding sitten, hwant ynpleats fan it bitroude, sloppe pakje sigaretten, hiene syn fingers in koel hurd ding fêst. Doe't er ien en oar forarbeide hie, helle Swart in platte flesse út 'e bûse, heve dy nei syn spegelbyld en sei: Sjoch jonge! Hy draeide de dop der ôf, naem in fikse swolch en forfette: Nou moatstou ek mar ien hawwe. En doe seach er dat syn spegelbyld de flesse ek oan 'e hals sette.
Sa, nou de dop der wer op en it sigaretsje oan. Hy stiek de flesse yn 'e bûse, stiek in sigaret oan en seach dat de man yn 'e ruten itselde die. Doe't beide in fikse reekkolom útstaetten, sei Swart: Ja, ja, it sigaretsje mar oan, yn it tredde bidriuw op 'e sliepkeamer wurdt net smookt.
It spegelbyld wie dêrmei op 'e hichte, hwant it skodde de holle. Dêrom sei Swart: Tredde en lêste bidriuw. Hja leit op bêd mei it gesicht nei 't finster, de tippe fan 't lekken yn 'e mûle en snokkert súntsjes. Hy leit op 'e rêch njonken har, harket nei it tikjen fan 'e wekker en suchtet. Ynienen smyt hja har op de oare side....
- Herrèèè....
(It bliuwt even stil.)
Hja: Herrèèè hâldst net mear fan my?
Hy: Dat witst wol better.
Hja: Siz it dan ris, Herre.
Hy: Och ja, moat ik nou hieltyd op 'e nij....
Hja: Sjochst wol, dou jowst neat mear om my, dou....
Hy: Och fanke, hwat moat ik dan yn 'e goedichheit sizze?
Hja: Neat! Neat! Ik wit nou genôch!
(Smyt har wer op de oare side en gûlt.)
Hy: Och Ike, wy moatte sa net, wy moatte....
Master Swart swei, hwant dwers troch syn spegelbyld fûnkelen ljochtsjes yn prismatyske kleuren. It reinde sa't it like. Wie dat Frjentsjer? Né, Harns! Hiene hja dan to Frjentsjer net hâlden?
De trein mindere gong, de remmen krasten. Swart stelde jitris fêst dat er it ryk allinne hie, taestte nei de hoed dy't der net wie en stapte út. Daelk mar nei de haven, tocht er, faeks lei der op dit stuit in kuster, hy moast plak hawwe foar de nacht. De stasionsklok joech him dêr net folle hoop mear op, mar it slokje wurke en Herre Joukes hie sadwaende de gek mei alle klokken.
Doe't de rein him op 'e Roazegrêft fûl en kâld yn 't gesicht sloech bikaem er al hwat, mar hy soe de kop der foarhâlde, kuster of gjin kuster, nacht of gjin nacht.
| |
| |
In eintsje fierder, by de brêge, stie in ûnbitrouber yndividu mei in platte pet op en in wite sjael om 'e hals. Doe't Swart by him lânsskau ûnder de lantearne, tikke it yndividu oan 'e pet.
Ynienen kaem Swart op it idé dat de man, lyk as hy, in fan 't needlot forfolge minske wie, sij it dan gjin artyst. Hy draeide him om, taestte yn 'e bûse en treau de man syn lêste fiif dûbeltsjes yn 'e hân.
Jo binne oan in slokje ta, in lyts dreech slokje, as 't my net mist, sei er.
De man seach him forheard oan, soe hwat sizze, mar Swart weau mei de hân en sei: Gjin forklearringen, ik haw alle bigryp foar Jou tastân.
Dat bigryp is oer en wer, sei de man en hy treau Swart it jild wer yn 'e hân.
Ik seach it daliks, sei Swart.
Ik ek, sei de man.
Herre Joukes wist net hoe't er it hie, mar hy fielde in net to sizzen tagedienens foar de ellindige. Nim it oan, sei er, it is alles hwat ik foar Jo dwaen kin op dit stuit. Mar ik sil Jo yn myn mémoires bitinke! rôp er.
En ik Jo yn myn gebeden, sei de man, wylst er mei de achteleazens fan de grand-seigneur it jild yn 'e broeksbûse glide liet.
Swart hufte him op 't skouder en sei: De moedfearren net hingje litte, letter wer dei en rie. Mar in goede nacht winske. Doe sette er de brêge oer en roun by 't spoar lâns nei de haven, yn 't bisef dat er in minske metten - en in goed wurk dien hie. Earne sloech in klok, dat moast healwei tolven wêze. By de haven barnden in pear suterige lantearnen, op 'e skippen wie alles tsjuster en yn 'e rêst. De wyn boaze oan en yn 'e fûl delswypkjende rein wiene de ljochten fan Flylân en Skylge mar skraechwurk to sjen.
It wurdt him joun net mear, mompele Swart. To earm om nei in herberch en to koppich om nei in oar gaedlik hinnekommen om to sjen, naem er him foar, de nacht by de haven troch to bringen en de oare moarns nei in skipper om to sjen sadré't der hwat biweging yn 't spul kaem.
Nei lang omstrunen foun er biskûl ûnder in dekseil dat oer in steapel balen spand wie. De touwen hwat losser en klear wie Kees.
Dêr lei er yn syn trochweakke reinjas en skodde as in wetterhoun. Boppe syn holle sloech de rein in ûnbarmhertige roffel, de wyn hoartte wyld oan it seil. Dêr lei er op 'e hurde
| |
| |
balen, in skoaijer, in paria. De huver gyng him oer de lea, hy bibbertoske dat it sahwat die. Koarts, ornearre er, kleare-bare koarts. As it net goed mei him kaem, as er dy nachts forstoar... nou, dan wie 't syn skuld net.
Ynienen kaem him de drankflesse yn 't sin; de deale dat er dy omtrint forjitte soe! Hy hise him mei lijen op 'e earmtakken, draeide de dop der ôf en naem in fikse swolch.
Sa, dêr waerd it net minder fan, noch mar ien... en jitris ien. Hè, hè, dat foel der yn... nou moast er him mar deljaen. Moarn soene se him fine, stiif, kâld, omkaem fan ellinde. Krekt hwat foar de sensaesjeblêdden fan it lân, in foto, in krúske boppe de bael dêr't it lyk op lei. Bisûnderheden út syn persoanlik en húslik libben. Spitich dat de Ljouwter Krante fan soks net folle gewach makke, Ike lies oars net as de Ljouwter. Haha, hja soe raer fan 'e bok dreame moarnier. Op bêd as frou Swart en der ôf as de widdou Swart-Stielstra. Haha, jow dy mar del fanke, fannacht komt er net hoasfuotling de treppen op, hy net. Haha, moarn swarte nylons om 'e mûtele skonkjes... It lyk sil wol bislach op lein wurde, de polysje sil ynearsten de kiste wol forsegelje. Haha, tonacht gjin bikentenissen, tonacht gjin ûnthjitten, gjin forklearringen, gjin tuterij. Leaver dea as slaef... wacht jitris in mûlfol... haha, sa wie 't stjerren wol oer to kommen, de heltedea soe er stjerre... de martlersdea soe er...
Herre Joukes Swart bifoelen de lea, hy rekke yn 'e sliep mei paradyslike fisioenen fan brede bêdden, dûnzen kjessens en waerm wollen tek. Hy stie tusken de dûbele rige bêdden yn in ûnbidige sliepseal en seach himsels yn de spegeldoar fan in mânske kleankast, dy't op de oare ein fan it milpaed stie. Ta syn greate binijing hie er net in readstreekjese pyama oan, lyk as oars, mar in lang wyt himd. Boppedat hie er de bloedkralen fan Ike om 'e hals.
Njonken it fierste bêd stie in wekker op it nachtkastke dy't oanienwei lûd rattele en him fan 't sintrum brocht. Krekt doe't er it ding ta swijen bringe soe, draeide de spegeldoar fan 'e kast iepen. Dêr stie Ike yn syn readstreekjese pyama. Mei in forneatigjende blik op him stapte hja weardich op it neiste bêd ta en liet har der slachtofferich op falle, sûnder acht to slaen op de ratteljende wekker.
Nou, as hja sà woe, dan mar sà. Swart liet him op it foarste bêd falle, loek it tek oer de holle en harke nei it ratteljen fan de wekker. Hwat in bêd! Hy lei op 'e rêch en harke. Hy koe net nei de wekker rinne hwant dat soe hja útlizze as in biliesjaen fan syn kant. Hy bleau lizzen en harke...
| |
| |
Ynienen hearde er Ike sjongen, hiel yn 'e fierte song hja... It ratteljen fan 'e wekker boaze oan, hy hise him op de earmtakken om to hearren hwat Ike song. Mar op itselde stuit bigoun ek de wekker wer lûder to ratteljen, lûder, aloan lûder, as in hammerjend protest... Welstom, dat wie gjin wekker, dat wie de roffel fan 'e rein op it dekseil!
Forbjustere liet master Swart him wer op 'e hurde balen falle, mar op itselde stuit hearde er ek it sjongen wer. Hy bleau even lizzen om ien en oar to forarbeidzjen, kaem ta it bisef dat er dreamd hie mar dat it sjongen gjin forbylding wie.
Op 'e nij hise er him heal oerein, treau it seil sa goed en sa kwea hwat omheech en wrotte de holle der ûnder wei.
Forhip, gjin tsien meter fan him ôf stie in frommis yn 'e ljochtkring fan 'e lantearne, it gesicht nei de waed. Hwa yn 'e goedichheit sette op dizze ûre en mei sok waer nei de haven om to sjongen? En dan noch wol in frommis!
Hoeden liet er him op 'e groun sakje, hy stie ûnwis op 'e skonken, fornaem er wol, en houd him oan 'e balen fêst. Ynienen draeide hja de holle hwat fansiden en koe er in pear wurden fan it liet opheine, it like wol in lofsang op 'e drank, op wyn of sokssahwat, hwant hy forstie klear: ‘Dou fûnkelst woldiedich yn glês en yn geast, wy witte ús ienriedich genêzen en treast', dyn hearlik geniet, by peareljend liet, dou...’ It wie de wize fan in forneamde wals.
De lêste strofe forwaeide yn 'e stoarm, om't hja de holle wer nei de waed draeide. Bang dat hja ynienen fordwine soe, rôp er: Héla!
Hja draeide har om, mar koe him sa't it like net sjen tsjin it swarte dekseil.
Hy strampele op har ta en rôp: Ik koe my wol in nofliker plak yntinke foar sa'n dithyrambe!
Ynsté fan kjel to wurden naem hja him rêstich op en sei: En ik koe my wol in nofliker plak yntinke om to strunen. Boppedat bin ik gjin dithyrambe of sokssahwat.
Swart wie der even ôf, binammen doe't hja ek noch lûd bigoun to laitsjen. Har blik folgjend, ûntdiek er dat de boksen him oan de knibbels ta opstrûpt wiene. Hy skodde se del, mompele in ûntskuldiging en stammere doe: Ik bin Swart, ik bin...
Dat treft, ik bin read, lake it frommis.
Swart seach dat har hier yndied hwat út in readens skynde. Hy gappe har ûnnoazel oan en sei lang om let: Swart is myn namme, ik hyt Swart...
Haw ik Jo dat ûntstriden? sei hja.
| |
| |
De flikkering fan har spotske blik ûntkaem Swart net, hy fage him in tûfe hier foar de eagen wei en sei: Né, dat hawwe Jo net, mar ik ûntstriid Jo al dat ik dêr lei to strunen.
Jo wolle dochs net sizze dat Jo dêr op 'e Blauwe Ingel leine to wachtsjen?
Né... op 'e reade en net om 'e nocht.
Om 'e ûnnocht faeks?
Né, om 'e nacht. Om 'e nacht troch to kommen, ik haw de lêste Blauwe Ingel forsitten.
Yn 'e herberch tink'.
Dêr hie 'k it jild net ta.
Dan hat immen Jo frijhâlden, Jo stjonke in ûre yn 'e wyn nei drank. Hawar, 't is ek likefolle, Jo kinne hjir net bliuwe, kom mar mei my nei hûs.
Har stim wie ynienen minsklik en waerm. Swart fielde in greate tagedienens foar har, mar hy woe har gjin lêst bisoargje.
Kin dat wol om Jou thús? sei er.
Ik bin sels baes en myn man is op sé, sei hja.
Ear't Swart der op bitocht wie, heakke hja har earm yn sines en liet er him meilûke.
Hja rounen omtrint deselde wei dy't er de jouns oarsom gien wie. Earne by de greate tsjerke loek hja him in strjitsje yn. It woe Swart mar oan dat der in nij tiidrek ynlaet waerd, de holle sûze him wol hwat, mar it ûnforwacht avontûr wurke wakker op syn forbylding.
Om hwat to sizzen, sei er: Jo forprate Jo ek net.
Aenst kinne wy wol prate, Jo moatte earst hwat opweidzje, sei hja; mar kom, wy binne der.
Hy hearde har de kaei yn 't slot stekken en folge har, nei't hja ljocht makke hie, troch in portealtsje nei in greate fjouwerkante keamer, leech ûnder de balken.
De kachel opratteljend, sei hja: Mar gau dy wiete krous út, ik sil droege klean krije, myn man en Jo ûntrinne elkoar net safolle, leau 'k.
Hja fordwoun troch in doar, syn each foel op in breed âlderwetsk ledikant mei in haechwyt sprei. Doe't hja weromkaem mei in earmfol klean, seach er dat hja kreas wie, kreas en jong, tritich op syn heechst.
Sa, forstrûp Jo nou mar gau, dan sil ik yntiid hwat kofje sette en sjen oft Teake al op bêd leit.
Teake? sei Swart en der wie hwat fan toloarstelling yn syn stim.
Dat is myn broer, sei hja, hy hat in taksybidriuw en is
| |
| |
ornaris let. Sadwaende bin ik ek let op in baen, sjoch.
Hja fordwoun en wylst Swart him forstrûpte hearde er har kofjemeallen. Even letter kreake der in ljedder en hearde er har roppen: Teake, bist al thús?
Der kaem gjin antwurd. Yn 'e koken fluite in tsjettel en doe't er in grouwe wollene trui oer de holle strûpte kaem hja der yn mei de kofje.
Master Swart naem de frou tomûk op. Hwat soe Ike der fan sizze as hja dit wist? Mar Ike sliepte al as in roas, alhiel yn 't bisef dat er yn 'e nacht op wol thúskomme soe, lyk as oars. Mar hja soe raer fan 'e bok dreame, moarnier. It bigreate him dochs wol hwat om har.
Efter him sloech in klok, hy seach om... healwei twaën.
Nou, mar gau by de kachel en Jou kofje opdrinke, sei de frou. En dan moatte Jo mar ris sizze hoe't Jo it sa hawn hawwe, Jo lykje neat op in swalker, tinkt my.
Swart socht om in gaedlik antwurd mar op dat stuit gyng de bûtendoar.
Dêr sil Teake wêze, sei hja. Dy sil ek eagen opsette.
Herre Joukes sette him yn postuer, der moast aenst in forklearring komme fansels.
De keamersdoar waerd iepenstaet en op 't selde stuit sakke master Swart de mûle ek iepen.
Yn 'e doar stie de man dy't er de jouns twa kwartsjes yn 'e hân treaun hie.
Welstom, sei de man, Jo hjir? Hwer hast dy opdien, Gryt?
Kenne jim elkoar? sei de jonge frou forheard.
Dat is myn woldwaner, sei de man, jas en pet op 'e stoel smitend. Ik haw twa kilometer oan him fortsjinne.
Twa kilometer seistou?
Ja, hy hat se my bitelle sûnder to riden en hy woe my boppedat noch earne yn bitinke, sei er. Is 't net wier, mynhear...
Swart, sei Swart, oereinrizend.
Alteast net blau, sei de man.
Herre Joukes lake ûnnoazel, dy lju wiene net op har bekje fallen, dat hie er wol foar 't forstân.
Mar doe't de man fiif dûbeltsjes út 'e broeksbûse helle en him dy yn 'e hân treau, waerd er ynienen tige swiermoedich.
En doe't er ek hwat mankelyks, ja suver hwat fan tragyk yn de man syn eagen lies, wist er net hoe't er it hie, mar hy moast oan Ike tinke, oan har fortriet, har wanhoop, as hja de oare moarns hearre soe dat er forstoarn wie.
| |
| |
En sûnder him to réalisearjen dat er libbe as in hart, barstte er yn in heftich gûlen út, de holle op 'e tafel.
In lytse hân aeide him oer 't hier, hy hearde in sêfte stim, hy hearde in doar gean en stappen foar de glêzen. Mar it gûlen woe net bidarje. Woldiedich streamden de triennen oer syn hannen en hwat mear de lytse hân him oer it hier aeide, hwat mear er skrieme moast.
Lang om let hie er gjin triennen mear. In stim sei: Drink Jou kofje op, mynhear Swart, dan sil ik nochris ynjitte. Aenst binne Jo wer thús.
Swart seach har mei syn readbigûlde eagen oan, mar koe gjin wurd útbringe. Hy slobbere de gleone kofje op en hearde doe it brommen fan in auto.
Dat is Teake, sei de frou. Wy ride Jo togearre nei hûs, Jo wenje dochs yn Ljouwert?
Swart barstte op 'e nij yn triennen út, hy fette de frou har hannen en treau se tsjin syn gesicht. Ik bin in egoïst, in greate egoïst, snokte er. Hoe kin ik dit wer goedmeitsje?!
In kertier letter siet er njonken har yn 'e auto. Mar hwat tichter hja by Ljouwert kamen, hwat mear Swart ta it bisef kaem dat er in fint fan neat wie, in weiten hin, in sloppeling.
Hy seach nei de frou njonken him en suchte djip. Hie er nou net by dit en by dat...
Doe't er lykwols hoasfuotling de treppen opsloep, fielde er him as in bigenedige forrieder, feilich, tankber en alles tagelyk. Hy koe wol sjonge en doe't er har sykheljen hearde, wylst er him yn 't tsjuster útklaeide, suchte er: Ik haw dy leaf, Ike, dat is 't 'm.
En mei dy bikentenis kaem ek it selsrespekt wer.
|
|