De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 4] [p. 4] Sybe Sybesma: Simpel hjerstlietsje Ien ding, fan al ús dagen mids hiel dit wreed biweech fan lêsten en fan lagen, it herte leech, ien ding, mank al ús winsken en langstmen sûnder doel, it great forlet fan minsken, mar 't herte koel, ien ding by al ús stribjen nei ierdske macht en jild, it stjerren en it libjen, it moed fortild, ien ding, dêr't efter alle bigearten, slach op slach, wy ienris oan forfalle, it herte wach, ien ding: twa blauwe eagen, in blanke famkeshân - dit, efter eltse leagen it lêst bistân! Vorige Volgende