De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 1] [p. 1] [Nummer 1] D.A. Tamminga: Ballade fan it Baltrumer dungref Foar L.N. en J.S. Doe't Baltrum noch in oarde wie dat inkeld simmergasten hie dy't op twa wjukken fleagen, doe't Baltrum noch, in skepfol sân ûntrûgele oan in reuzehân, libbe fan wyn en weagen, doe hie dêr op in dei hwat plak dat waerd yn 't eilânsalmanak mei reade letter murken. Noch jowt in dúngrêf, âld en grien, it simpel tsjûgenis yn stien fan Gods bistel en wurken. It wie de snuorje om Sint-Jan doe siet in Grinslâns farrensman by Baltrum yn in blakte. Syn seilen leine yn 'e swym en 't hiele Waed fan fan kym ta kym wie ien útstoarne flakte. Hwat kin in skrepsum skûteboer dy't binnentroch yn ballest foer op wei nei Wezermoune óárs noch as hingje oer de gyk? Hy flokt it wantij en it slyk dat gleon is as in oune. Dat Baltrum seach dy simmermoarn in skipper dy't op 't eilân oan him oer de slinken weage. ‘Skaf my hwat ta myn middeismiel! De rook fan wier en flauwe iel hat langernôch my pleage!’ [pagina 2] [p. 2] ‘Eilaes, wy ha gjin spize of drank as hwat in ink'le mokselbank by ebbe ús hat to bieden, as hwat in ink'le geit ús jowt. De túnfrucht is ús ûnderstoud en weislein binne ûs mieden.’ ‘Jim moksels, abbah! bin my tsjin, jim geiteflut, as waei sa tin, ik sil der net fan nimme. 'k Soe op sa'n sânbult toar en soar net libje wolle en as ik stoar net lizze. Ik groetsje jimme!’ Hâldde de sé de siken yn? Yn trije dagen brocht de wyn gjin wetter oan dat makke. De kimen baernden hjit en til, en by de farder bleau it stil as hie it waer him rakke. Mar bûten minskene biroai lei dêr oan board in man to koai as yn it lêste toevjen. In sinnestek, waerd letter sein, hie him mei kweade koartsen slein .. En hjir tsjin op to loevjen lei bûten minskene biskik. Hy heart it droege tik-tik-tik fan houtwjirm yn in goarring. Hy heart it bûtsen fan syn hert, hy heart de Dea dy't lang om let de stap set troch de warring. De moanne stie yn 't lêst kertier doe't eilânsfroulju mei de bier him droegen oer de slinken. In iensum grêf wie him tatocht, in dúngrêf om't er God forsocht en lekke spize en drinken. [pagina 3] [p. 3] En sûnt birint de floed it Waed, mar yn it dún wol, is it praet, Sintjanskrûd net mear bloeije. In ink'le dúngeit pluzet dom hwat op 'e flantergerzen om dy't by in grêfpeal groeije. It grêf is âld, it grêf is grien, in simpel tsjûgenis yn stien fan jierren dy't forfleagen. En Baltrum leit, in skepfol sân ûntrûgele oan in reuzehân, bitusken wyn en weagen. Vorige Volgende