lju fan Mounewier krekt as dokter; dy sljochtweihinne man.
Sit der humor yn dit boek? Men soe Akkerman ûnrjocht dwaen as men biweare soe dat by de vis comica miste. Ut party wurk fan sines hat wol oars bliken dien. Mar yn In man allinne? Soms is der yn it praet fan guon doarpslu in ironyske byklank to fornimmen. Mar sadré't de haedpersoan, Dokter, foar de lins stiet, dan giet it forhael yn âlde earnst fierder. Dokter is nou ienkear in tragyske figuer mei in swier libben en dat it komyske krekt skerper aksint jaen kin oan it tragyske liket Akkerman alteast hjir net biseft to hawwen. Hie er net hwat mear yn de lear gean kinnen by dy oare doarpsdokter fan Frysk komôf, Tjerk van Taeke, dy't in Antoon Coolen yn syn roman Dorp aan de rivier sa fol humor en tragyk tekene hat?
Hwer't de skriuwer ek foar op hat to passen is it gefaer fan de sentimintaliteit. It sil ek by him wol de kearside wêze fan de forneamde Fryske ynbannichheit, dy't makket dat ien fan de wêzenstrekken fan it libben, it erotyske, yn Akkerman's boek gjin biskriuwing kriget fan wearde. Yn In man allinne liket alle erotyk wol kontrabande to wêzen, kulminearjend yn neutrale en ûnmachtige wurden as ‘oangean’ en ‘oankrûpen’.
Dit tokoart fynt in parallel as der praet is fan dingen dy't it religieuze oangeane. Dizze dokter leaut neffens de skriuwer amper of net oan God. Mar wrakselet er mei dit skynber oanberne atheïsme? Bliuwt it probleem wer net hingjen yn uterlikheden lyk as it al of net nei tsjerke ta gean, as er in grifformearde frou út it folk trout? Lyk as de godstsjinstige bilibbing fan de (frijsinnige) âld dominy de heechste formulearring liket to finen yn it ‘God is leafde’, sa komt de foarstelling dy't de skriuwer jowt fan heterodokse, sagoed as orthodokse kristenen net boppe it peil fan sneinsskoalle of dameswykblêd út.
Is dizze ‘roman fan in doarpsdokter’ dus in fornijing fan de forteller Paulus Akkerman? Forgeliket men In man allinne mei de oare forhalen dy't by de jierren lâns fan him forskynd binne, dan hoecht men alhiel net to kleijen oer efterútgong. Mar fornijing hêldt yn, dat in earder al tapast, mar ôfsliten prosédé forlitten wurdt. Soks is hjir net it gefal. Better kin men sizze dat it de skriuwer slagge is mei deselde itige middels in fariaesje to jaen op âlde thema's fan earder.
De Fryske roman lijt ûnder in euvel: in tofolle oan ‘kopieerlust’ en in tomin oan sielkundige fordjipping. In man allinne is dêr, by alle kwaliteiten as maklik lêsber folksboek, in dúdlik symptoom fan.