Toanielkronyk:
Fjouwerkaert sunder spiler
Der wurdt yn Fryslân, yn forhâlding ta oare provinsjes, in soad toanielspile, mar as wy in forgeliking meitsje soene op it mêd fan it kabaret of hwat dêr foar trochgean moat, dan soe wolris bliken dwaen kinne, dat de lêste tiid suver nearne dizze kunstfoarm sà bloeit as by uzes. Dy bloei is der lykwols hast allinne yn it kwantitative; hwàt der bloeit is skieppeblom, hynsteblom en ûntúch troch elkoar hinne; in bloeijende roas dêr't de minske him yn biwûndering oer hinne bûcht is amper to finen.
As wy oan de ein fan 1957 de - forjow ús it prozayske wurd - kabaretbalâns opmeitsje, dan is it gjin greate toer en neam in moai tal nije selskipkes, dat yn de rin fan dit jier mei Frysk kabaret kaem binne. Mar as wy de eask stelle dat it programma yn alle gefallen Frysk en dan ek noch in bytsje kabaret wêze moat, dan komme der ús mar fjouwer yn it sin, dy't oan dy eask foldogge. It binne it nije selskipke fan Klaes Westra, dat ûnder de nou just net pretinsieuze namme Minsken en bylden út Fryslân mei gaem, it èk nije selskipke fan Pyt de Jong, dat syn programma Wip-Wap neamde, it kabaret De Spinnekop (Roel Oostra) dat syn twadde kabaretrevu, Kike, kike, lôke, sjoch! brocht hat en it selskip Tetman en Jarich, dat mei in pear nije krêften Fryslân oerein! op de planken bringt.
It is, binammen yn Fryslân, in toer om fêst to stellen hwat nou winliken kabaret is. Mei toaniel is dat folle makliker. Toaniel dat is: in stik. In tradisioneel stik, in âlde draek, in modern tiidstik of in tige eksperiminteel gefal, mar yn alle gefallen: in stik. Kabaret is hwat hiel oars; it is nea wiid útspoun, it is in bytsje yntym, it hat geast en sfear. Tetman en Roel Oostra hawwe dat beide wolris fortoand en dat is fan dy gefolgen, dat hja foar kabaretartysten hâlden wurde en dat hja, as hja hwat nijs bringe, nei kabareteasken hifke wurde. Roel Oostra kin dêr mei ynstimme; hy neamt syn selskip mei opsetsin in kabaretselskip. Mei Tetman hat it syn útfallen; hy hat gauris kabaret brocht, mar Fryslân oerein! neamt er in ‘toaniel- en sjongspul’. Dat wol dus sizze dat er yn toanielspile en songen wurdt, mar dat wie mei syn oare stikken ek sa. Meastal hawwe wy it oer ‘Tetman syn nij stik’ - it bliuwt dus maklik hwat yn it genre fan it toaniel en binammen dizze lêste kear is dat it gefal.
De Fryske toaniel- en kabaretkritisi hawwe de ûnderfining, dat Klaes Westra der gjin priis op stelt, dat syn nij programma nei de easken fan it kabaret bioardiele wurdt. Hy sil der lykwols ek net foar fiele, dat wy syn wurklist sjogge as in rige brulloftssketsen; nou't hy foar himsels bigoun is, sil hy der dochs fan útgien wêze, dat syn wurk in biskaet niveau helje moat. Toaniel is it yn alle gefallen net; it hat hjir en dêr hwat fan kabaret, dat wy nimme it frij en neam it hjirre. Net mei al to folle weardearring; Klaes Westra en syn dochter Tine hawwe in steat fan tsjinst dy't hwat betters weardich is en it soe ús muoije as hja yn dizze nije foarm to gau tofreden wêze soene.
Us greate weardearring foar Pyt de Jong komt net yn it foarste plak troch hwat er oant nou ta birikt hat, mar earder troch hwat er bisiket. Hy libbet tige yn de sfear fan it Hollânske radio-amusemint, mar bisiket dòchs der in Fryske foarm foar to finen, dy't èfkes