De Tsjerne. Jaargang 13
(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 29]
| |
nea genôch fan liket to krijen, likemin trouwens as blykber guon skriuwers. De skriuwer Fokke Sierksma hat ek forlet field fan sa'n publike selsforantwurding, mar dan yn earslinge sin. Yn it ‘litterair nummer’ fan Der Clercke Cronike, it Grinzer studinteblêd, bisiket hy in fariaesje op dit thema to jaen troch de nijsgjirrige fraech op to smiten: Hoe't ik skriuwer ôf wurden bin. Hwant Fokke Sierksma, docht nou bliken, hat net allinne de theology, mar ek de litteratuer de rêch takeard. En alle klerken sille it witte. Litteratuer bidriuwe, seit Sierksma, bitsjut to set wêze mei twa dingen: a) it blazen fan sjippebuorlen; b) it ik. Hwat de buorlen oangiet, dy spatte lykwols yn wen- en sliepkeamer útinoar. En men bliuwt sitten mei it sjipsop fan de private banaliteit. Fan sok sop wurde de (litteraire) polemiken makke. Dus hwat stiller hwat better. Bliuwt oer: it ik. Mar hwa't ienkear yn gefjocht mei himsels rekke is, libbet syn duël en skriuwt it net mear. ‘En voor de man, die geluk heeft, worden deze en andere regels van dit duel gegarandeerd door de gemeenschap met de vrouw, met wie hij niet zijn litteratuer, maar zijn leven deelt. Dan heeft men de theologische en de litteraire polemiek vaarwel gezegd.’ Opmerklike en nijsgjirrige flecht fan idéën oars: it houlik as litterair stopsein! In heap litterair-histoaryske forskynsels wurde jin klear yn dit reade flikkerljocht njonken it houliksbêd. Hat dêrom Dante sa'n lang en slim gedicht skreaun? (hy koe Beatrice net krije); pielde dêrom Tolstoï in libben lang mei litteratuer? (hy koe min mei de frou); is dêrom in Vestdijk sa produktyf? (hy hat gjinnen). Ien fraech bliuwt ûndertusken oer. Hoe forklearret Sierksma djiptepsychologysk it oeuvre fan in Salomo, in Vondel, in Verwey, in Thomas Mann? Earbere en warbere húsfaders allegearre.
D.A.T. | |
Iepen briefkeSnits, des. 1957. Achte hear N.,
As it boeteklaed my net al to slim misstiet, hjirby myn forûntskuldiging foar op syn minst ien ding, en dan binammen foar it feit, dat de âlde Adam wer ris út my losbrutsen wie - spitich, tink ik sels, hwant it gyng krekt sa goed, de lêste tiid. Jo sette my raer foar skut, troch swart op wyt oan to wizen, dat ik my hwat dat ‘essayist en kritikus’ oanbilanget mislêzen haw. Sels by it gear-stallen fan dat Tsjerne-stikje haw ik my net mear tiid gund as om hastich efkes oer Lolle Nauta syn bledsiden hinne to flodderjen. Ik hoopje nou mar, dat it mysels ta in warskôging wêze mei: men docht jin de dingen nou ienris to min oan tiid en nimt to folle hea op jins etc. Ik haw oan myn blunder fan forkeard lêzen konklúzjes forboun dy't net earlik en der folslein by troch wiene. Dy ûnfreonlike dingen, oan Jou adres ôffjurre, hie ik net skriuwe moatten. Dat it bard is, muoit my. | |
[pagina 30]
| |
Ik bliuw derby, Jou werjefte fan de stikken fan Nauta en Schurer wie hwat tendinsieus, mar ik jow graech ta, dat soks lang net opweacht tsjin de stompe bile dy't ik (troch hokfoar geastlik defekt dan ek) op Jo loslitten haw.
Mei groetnis en achtinge, Jins démoedige ANNE WADMAN | |
It greate (ge)lykMynhear N. út de Ljouwerter Krante, Jo ha gelyk. Ut myn essay oer Anne Wadman ha Jo it wurd kritikaster oanhelle, de hear Wadman hat forklearre dat Jo biwust myn wurden fordraeiden, om't sa'n wurd der net yn stie, en my rehabilitearre; doe hawwe Jo skreaun (L. Crt. 27-12-'57) dat it der àl yn stiet en dat it sneu is foar in akademikus as Wadman dat er net goed lêze kin en wier, mynhear N., wiswier Jo ha gelyk. Dat is moai foar Jo, hwant hwa doar it tsjintwurdich noch oan en helje foar akademikus Wadman oer syn geastlike degens foar it ljocht, n'twier? Ja, ik wol noch fierder gean en sizze, Jo ha gréát gelyk, mar kinne Jo wol bigripe dat de biheindens fan in gelyk evenredich wêze kin oan de greatens en grouwens derfan? Né? Jo kinne dat net fetsje? Dan wol ik, om Jo dat dúdlik to meitsjen, mysels eefkes de-habilitearje. Bigryp my goed, allinne om Jo to re-habilitearjen en oan to toanen dat Jou gelyk great en machtich is. Like great en machtich as dat fan alle lju, dy't it gelyk fortsjintwurdigje yn de wrâld en ek sa stomme graech in studearre man op in flater trappearje ûnder it sizzen fan dat men soks fan in yntellektueel of akademikus dochs net forwachtsje soe. Sa'n ien soe dochs better witte moatte. Hy hat der op it lêst foar studearre om it better to witten. Né, ik hallusinearje net, mynhear N., polysjemannen hawwe dat faker as ien kear tsjin my sein, as se my yn biskate situaesjes, dêr't Jo nei riede meije, oanhâldden en opbrochten. Jou gelyk is sels noch greater as Jo tinke, hwant as Jo goed lêzen hiene, dan hiene Jo ek my op in flater trappearje kinnen. Jo sitearje nammers mar in part fan de biwuste sin. Net allinne haw ik skreaun dat Anne Wadman ‘as essayist en kritikaster syn foarm, dat wol sizze himsels foun hat’, mar fuort dêrnei yn deselde sin: ‘en hjirre de dichter gjin lêst hat fan de skerpsinnige tinker en de yntellektueel tankber de meiwurking fan de kunstner akseptearret’. Sawol út it hiele essay as út dizze iene sin mei dúdlik en klear wêze, dat ik it wurd kritikaster net brûk yn malam mar yn bonam partem. Kritikaster bitsjut hjir: kritikus mei each foar it litteraire détail; it wie myn doel net Anne Wadman as in splintersiker of wurdtsjepik to ûntmaskerjen. Om dy kwaliteit to bisitten, hoecht men nammers net tige skerpsinnich of artistyk to wêzen en it is dêrom to bigripen dat de hear Wadman as net-wurdtsjepik it wurd kritikaster net fine koe, likegoed as dúdlik is, dat ik net wit hwat in kritikaster is, om't men dat wurd allinne yn negative sin heart to brûken. Sa fier koene Jo lykwols yn Jou konklúzjes net gean, dêrfoar is Jou gelyk to great, to grou en to biheind. Sa great, mynhear N., dat ik hurd it wurd ‘kritikaster’ út myn | |
[pagina 31]
| |
essay oer de hear Wadman weromnim ûnder it fleurich roppen fan in blier ‘peccavi!’ en der it wurd kritikus foar yn 't plak set. Allinne om alle anonime hearen N., dy't al jierren froed sitte to wachtsjen op in gelegenheit om de hear Wadman in stek forkeapje to kinnen, de kâns to ûntnimmen soks mei in birop op myn wurden to dwaen. Bigripe Jo nou, mynhear N., dat ik it oan Jo to tankjen haw, dat ik wit hwat in kritikaster is? En ek, dat ik my nou foar mysels forantwurde fiel, as ik hjoed in brief nei myn âld skoalle stjûr mei in forsyk om it skoaljild retournearre to krijen? Ik kin it och sa skoan brûke optheden. Noch ien ding. De hear Wadman is alhiel net misledige, as men him foar in kritikaster oansjocht. Dat tsjûget fan in great en rom herte. Ik wie al misledige, doe't ik yn Jou skerpsinnich stikje as ‘dy siel’ oantsjut waerd. Nou't ik it letter lykwols nochris goed en ‘mei sin’ oerlês, moat ik ta myn skea en skande ynsjen, dat Jo my sa neame, omdat myn namme mei deselde letter bigjint as it anonime teken, dêr't Jo Jou apostelstikjes yn tsjinst fan de wierheit mei ûnderskriuwe. Dy selskennis hie ik wer net fan Jo forwachte en dêrom wier, Jo ha gelyk. Ik ha ûngelyk. Om fan de hear Wadman, dy't my syn dynamyk as treast foarhâldt, mar to swijen. LOLLE NAUTA |
|