Twade prizen
Earste prizen koe net lije, sa die bliken by de útslach fan de jierlikse romanpriisfraech fan de KFFB. Mei in twade priis binne bikroand hânskriften fan Dj. Weening-Meijer en A.A. van der Werf. Yn beide gefallen giet it om forfolgen fan romans fan beide auteurs dy't al earder yn KFFB-forbân publisearre binne. De jury hat fierders advisearre, in ynkommen hânskrift It bigoun op Bolletongersdei fan E.S. de Jong, better net to witten earder alris publisearre as feuilleton yn it Bolswards Nieuwsblad, as pocketboek út to jaen. - De jury fan de Rely Jorritsmapriisfraech: prof. dr. K. Fokkema, ds. H.J. Brouwer en G(erben) G. Brouwer, hat foar dit jier 22 forhalen en 17 fersen to bioardieljen krige.