Net wer nei de polysje, dat joech neat. Wachtsje, by buorman op 'e oare hoeke baernde noch ljocht. Hja treau it skynfet yn e bûse en stiek de strjitte oer.
‘Aha’, sei buorman, ‘yn it eftertún, seine jo? Ik gean mei jo, daliks. Mar wy sille dêr wol net folle sjen, it is dêr tsjuster. O, jo hawwe in lampe? Jow dy my mar efkes.’
Hja giene troch it hûs hinne, hwant de doar yn it muorke tusken tún en strjitte hie hja altyd op slot. Buorman skynde ûnder alle beamkes.
‘Neat to sjen. En hwa soe hjir ek komme? Nou ja, deis klimme der wolris jonges oer it muorke, by uzes tominsten, mar dy lizze nou allang yn 'e rêst. Hawwe jo it wol dúdlik sjoen?’
‘Jawis, it wie in keardel!’
‘Mar hoe koene jo dat sjen? Jo seine ommers, dat jo eagen seagen? As jo nou in burd of in snor sjoen hiene!’
Ja, dat wie yndie nuver. Mar dochs wie hja der wis fan.
‘Ik soe my nou mar rêstich deljaen en my neat mear yn 'e holle helje.’
Hy joech de lampe werom mei in meilijich glimke. Dy tocht dus ek al, dat it senuwen wiene. Ei ja, it koe ek bêst wêze.
De nachts wie it wer sa ûnrêstich yn it tún. In pear kear hie hja oanstriid en sjoch foar ien fan de finsters oan 'e efterside, tusken de kleden troch. Mar der ôf yn it tsjuster lake har ek net oan. En der wie fansels neat to sjen, om't it bûtendoar neare nacht wie, en miskien ek wol om't der alhiel neat wie. Hja dûkte wer wei ûnder de tekkens. En doch, hja soe sward hawwe dat dêr ien stie. Hja soe dokter, as er wer by mem kaem, doch ris freegje.
Doe't dokter in pear dagen letter mem ûndersocht hie en syn bifiningen meidield, sei hja:
‘Ik moat jo foar mysels ek noch efkes rieplachtsje, geane jo efkes mei nei de wenkeamer ta?’
It fornuvere him, sa ûnwis kaem dat der út.
Hja die him de saek út de doeken.
‘Och, soks komt wol faker foar’, wie it andert. ‘Jo hawwe it ek net maklik hjirre, altyd mei sa'n pasjinte om to gean, der suver nea ris út to kinnen. En as jou mem nou geastlik noch hwat wie. Op 'en dûr kriget elkenien dy't soks meimakket syn ynsinkingen. Ik makke my mar net al to ûngerêst.’
Mar dat die hja al. Hja bigoun nou alle mooglike forskynsels to obstrewearjen, dy't hja earder net bispeurd hie, binammen as it jountiid waerd. De fal fan it ljocht oer de dingen wie de iene kears hiel oars as de oare, en bikende saken