De Tsjerne. Jaargang 12
(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 360]
| |
Vreewyk (feestjoun iisklub ‘Drachten-Noard’)
hwerom net blier to laitsjen
mei dit weagjende folk
nou't it triljende feestgerûs
ûngrypber as in ingel
ûntwykt mei de reek
troch in sigende doar
de blidens fynt yn my
in bolwurk
jimmeroan ûnnimber
de fleur gounzet om my
as deade blêdden
yn in hjersttwirre
stompend dounsjen bûket
as in swypkjende rein
tsjin myn ruten
ûnsinnich hurd
hwerom
bliuwe myn ruten sletten
|
|