It eardere respekt foar in goede arbeider libbe doe noch djip yn de âldboer. Letter waerd dat der ek net better op: hy lies to folle, seach to folle... de âlde trou en hert foar it wurk, hwat der kunst en glâns oan joech, it rekke út alle arbeid wei - dat hwat der krekt syn gouden stimpel op sette.
It fornielde him sa, al dy argewaesje, it friet oan syn sounens en fleur. En de âlde frou hie wol wurk mei delbêdzjen en yn 'e like praten... as it oer de jonges gyng. Mar der wie gjin salve oan to striken, gjin krûd foar woechsen, Jelle Sikkes waerd der fan fornield. Hy waerd sà minnich, dat hy der sels tsjinoan seach, syn eigen hoekje bou om to dollen. De jonges hienen dêr fansels gjin tiid foar, en hy bitroude it harren ek net heal ta. Doe frege er in oars wol fikse arbeider, syn túntsje kreas ûnderstboppest to smiten, mar dy sei, dat er jouns syn nocht hie en dat er it net dwaen hoegde om der noch in pear dûbeltsjes by to fortsjinjen.
Krekt, sà lei de wrâld der nou hinne: wòl jild genôch fortsjinje, mar gjin nocht mear oan it wurk sels. En it holp neat, doe't de âlde frou noch sei, dat er him dêr net oer opwine moast, dat de tiden sa foroare wiepen en dat de minsken it gemak fan de masinen en de motoaren net keare koenen.
De oare moarns wie Jelle Sikkes ier fan 't bêd. Hy helle de as oppoetst sulver sa glêdde lodde út it skuorke, striek mei de tûme oer de skerpe sneed en aeide syn ark suver. Doe nei de bou. Earst foel it him net ta, mar hy sette troch. Breaiten die er him suver net oan tiid. It warskôgjen fan de frou holp neat... dy tún soe om. Kreas en kunstich leinen dêr de krekte stekken fan de lytse ekerkes, en hwat wienen de kanten fan de fuorchjes mei soarch bislein. As in foarbyld foar oaren; sjoch, sá diene wy dat eartiids... der wurdt nou mar hwat knoeid. Mar sahwat op 'e ein fan it lêste ekerke die net allinne de âlde rêch him slimme sear... hy fielde him ek sa naer wurden. ‘It falt dochs net ta’, sei er noch tsjin himsels en doe foel hy der hinne, dwers oer it fiem fan de lodde, dy't knapte. De dokter en de jonges hienen der hiel gau west...
De oare deis libbe Jelle Sikkes noch.
De tredde deis naem er al wer in slok drinken en in byt iten.
Mei in fjirtjin dagen siet er al wer yn 'e greate stoel foar 't finster.
- Ik hie Jo oars al trochkrast, sei de dokter. Och ja, dy dokter...
It kaem sa fier, dat syn âld arbeider, dy't elke dei oan 'e