| |
| |
| |
Y. Poortinga:
Unbikende fersen fan Pyt van der Burg
Libben en wurk fan Pyt van der Burg binne in ûnderdieltsje fan de Fryske litteratuerskiednis wurden, dat wy hjir net wer opikkerje sille. De feitlikheden kinne wy koart lêze yn it foarwurdtsje fan Fersen en moai wiidweidich yn Waeksen ark fan Yke Boarnstra. Hy is ien út it bikende, frysksinnige Van der Burg-laech, soan fan Jan Linses, de dichter fan It Heitelân. Hy is yn 1893 to Boazum berne en 1922 as jonge boer to Jelsum oan tb stoarn. Op syn 18de jier rekket er al foar in kuer nei Davos en sûnt moat er gauris in skoft lizze.
Syn gedichten, foar in great part al yn Frisia forskynd, binne yn 1934 troch de Fryske Bibleteek útjown yn in bondel dy't sljochtwei Fersen komt to hjitten. De wurdearring fan dit wurk hat blykber noch al ûngelyk west. Kalma priizge it om syn suverens. Men kin him partidich neame, om't de dichter in Jongfries wie, ik leau net dat dat yn dit gefal opgiet. Boarnstra jowt in fornimstige analise fan de muzikaliteit fan dit wurk. As Rilke-kenner koe er by Van der Burg in biskaet lûdpatroan fêststelle; it wie foaral de trijeslach fan einrym en binnenrym, faek ôfwiksele mei in twaslach, dy't dy aparte klankkleur oan it wurk jowt.
De oare kwaliteiten formulearret er tige koart sa: ‘Hwat de fersen fan dizze dichter fierder allinnich al ta hege kunst stimpelet, is de greate ienheit, dy't hy konstatearret en oars skept tusken itjinge hy uterlik oanskôget en ynderlik trochlibbet. Op in direkte wize, dy't men allinnich by echte lyrisi fan it formaet fan Goethe, de Noardfries Theodor Storm, de Eastenriker Lenau fynt, fordjippet er dat, hwat er skôget ta eat djip minskliks; hy symbolisearret it natuerbarren of leaver set it ûnder ien biljochting mei hwat der yn it minskene hert omgiet.’
It wurk fan Pyt van der Burg is in ‘swietlûdich treurliet’, krekt as de skriezerop. It is foar in great part natuerlyryk, mar troch de blydskip om it bilibjen fan de natuer hinne brekt hieltiten wer de klacht oer it eigen net to hieljen leed. Der is in Sang fan leed:
Jit binne ús jierren lyts yn tal,
It libben moat jit bigjinne,
Mar de soargen drig' en weage al
En steap'lje har op om ús hinne.
| |
| |
Dêrneist stiet in Sang fan lok, mar dat is ek al gjin kleare lok:
Sa is dit liet fan wémoed swier,
Dat dochs in sang fan lok oars wier;
Fan 't leed, it soe forbliede.
De dichter klaget wol, mar wurdt nea opstannich. Syn koartswilich aerd helpt him hjir net oerhinne. It godstsjinstich elemint is tige swak, nammensto greater is it forlet fan weromflechtsjen nei it forline, de dream fan de ûnbisoarge jonkheit, doe't er noch soun en sterk wie:
Yn it fjild fan stille dreamen
Ha 'k myn tinzen weidzje litten.
Mylde bylden fan 't forline
Kamen op út kleare fierten.
Yn it fjild fan stille dreamen
Leit it lok fan earder dagen;
Dêr is myld ûntwyk to finen
As de bange soargen jagen.
It wie bikend, dat der noch fersen fan sines yn hânskrift leine, to persoanlik om destiids yn it ljocht jown to wurden. Doe't lykwols forline jier de faem dêr't se foar skreaun wiene, juffer Meike Steenstra (direktrise fan it Ljouwerter Stedssikehûs) forstoar, hawwe wy der wurk fan makke. Troch de freonlikens fan de hear R.J. van der Burg, in broer fan de dichter, krige ik de gelegenheit om de hiele hânskriftlike neilittenskip nei to gean. Bûten de fersen foar syn faem blykte der net folle mear to wêzen. De bisoarger fan Fersen hie trije gedichtsjes net opnommen. Mei rjocht net, om't se swakker wiene as it oare wurk. Fierder wiene der acht oersettingen fan gedichten fan Klaus Groth, dêr't wy yn in foarich Tsjernenûmer al hwat fan sein ha. De twa fersen dy't wy as foarbyld jown hawwe, kin it wol mei ta; de oaren binne net mear as fingeroefeningen.
Dochs bin ik bliid, dat ik alles efkes ûnder eagen hawn haw. Sawol de gedichten dy't yn Fersen opnommen binne as dy oan Van der Burg syn faem binne nammentlik datearre. De earsten binne yn de jierren 1918 oant 1921 skreaun; de fjirtjin oan syn faem op ien fan 15 desimber 1916 nei allegearre yn 1918; nei't er yn it foarôfgeande fearnsjier fjouwer fersen skreaun hie, komme der op de 1ste april fjouwer tagelyk. Dy deis moat der in soarte fan trochbraek fan it dichterskip
| |
[pagina t.o. 366]
[p. t.o. 366] | |
PYT VAN DER BURG
Frysk dichter (1893-1922)
| |
| |
by him pleats hawn hawwe. Op deselde dei stiet nammentlik it âldste gedicht út Fersen datearre, to witten Fan it lok, it iepeningsfers fan de bondel.
Wy kinne ús yntinke, dat de fjirtjin fersen destiids efterhâlden binne. Hja geane oer sokke teare, persoanlike dingen tusken de dichter en syn faem; der komt hjir en dêr yn út, dat har âlden, bigryplikernôch, net foar dizze forkearing wiene. Mar nou't de tiid en de dea alles ta skiednis makke hat, is der alle oanlieding om se yn it ljocht to jaen.
Dizze fersen meije fan foarm sa geef net wêze as dy út de bondel, dêr stiet foaroer, dat de dichter hjir mear fan syn sielelibben bleat jowt. Wy sjogge hjir folle direkter, hoe't er lit hat om it hopeleaze fan syn tastân; de swierste smert hie er om it fortriet dat er de leafste oandie sûnder dêr sels hwat oan foroarje to kinnen. ‘Dy't my leavje lije mei’, is it greate thema fan dizze fersen. De flecht yn dit forline helpt hjir neat foar. De trou yn alle omstannichheden is it iennichste hâldfêst. Der is in sonnet - eigenaerdich: hjir wol sonnetten, net yn Fersen -, in sonnet Oan myn Lytse Faem!, sa mar opskreaun op de efterkant fan in biljet Inventarisatie Oogst 1918, dêr't in triomfantlike rigel yn opklinkt as: ‘Hwat macht of swakkens sil ús nou ea skiede’, in wûnder harmonyske rigel as út in âlde troubilofte, mar dêr stiet in djiptepunt as Jierdei mids Desimber foaroer. Dizze fersen hawwe foar in jong minske de mooglikheit west om syn ‘ynlikst fielen’ to uterjen yn de need dêr't it libben him yn brocht hie.
| |
1906 - 15 Des. - 1916
Hoe'n sé fan tiid gie hinne
Sûnt ik foar 't earst dy hie,
Nou lit ik myn tinzen rinne
Oer alles hwat ienkear wie.
Jeugd-libben yn dreamestêd.
Safolle bliids is gongen,
Mar 't bliid útlitt'ne sjongen
Is lang ús mûle ûntdreaun.
| |
| |
Mar hwat wy ek forlearen,
Noch tichter wol as earen
Nou stean wy stil to eagjen
Nei 't frjemde takomstlân,
En hwat ek komt to pleagjen,
| |
't Utlitten geijen
't Utlitten geijen ha 'k allang forleard,
Sloech net de tiid my mennich woune swier?
Wie net de himel treastleas skier,
As swarte soarch syn skerpe pylken skeat?
Doch bin ik net forslein, foar 't lot forfeard,
Al liket nou de blide tiid ek fier.
My lokket jimmer wer de takomst blier;
Nei eltse slach is blide hope keard.
En wurdt ek wreed it jonge moed biseard,
Noch bliuwt myn krêft, en waechset jier op jier;
Geniet it hjoed en siikje it net to fier;
Dat hat my 't libben wijs biskôgjend leard.
Mei moed foarút, al fâlt it faken swier,
Nei tsjustre nacht blinkt wer de dage blier.
| |
Alle jounen wachtsje ik dy...!
Alle jounen wachtsje ik dy,
Sjoch ik nei dyn kommen út.
- Oft ik dyn stimme hear -!
Klinkt in fuotstap licht en rêd,
Nei myn stille keamer op:
- ‘Hark, strak stiet se by myn bêd,
Jowt my 'n hân en tutet my’. -
| |
| |
Alle moarnen tink ik: hjoed
Sil ik mûlk myn fanke sjen
Dy't my faek de moed binimt.
Gean myn tinzen nei dy ta:
‘Soe se ek sa'n langst ha nei
Rêstich praten meielkoar?’
Troch de stiltme fan 'e joun
Hear 'k de âlde toerklok slaen -.
‘'k Moat de buorren efkes roun?
't Is my oft dy klank my ropt.’
O, hoe faek mei langst yn 't hert,
Fol forwachting, roun 'k om 't doarp;
Mar myn fanke seach ik net,
- Bin bidrukt nei hûs ta gien. -
Mar gjin joun liet ik it nei;
Koe 't net dwaen, de langstme loek,
En soms wie 't gelok my mei,
Trof ik dy of seach 'k dy mar.
En as 'k nou de toerklok hear,
Lûkt de langst mei fûler krêft;
'k Jow m' oerein, it docht my sear,
Unmacht triuwt my wreed wer del.
Sa wurdt my birêsten leard,
Teamme al to greate moed.
Mar de hope wurdt net keard,
Dy't neat my binimme kin.
Rêstich driuwt de tiid foarby,
D' iene dei is lyk as d' oar;
Fage frees en langst nei dy,
Dat 's myn tinken jimmer wer.
'k Tel gjin dei dy't hinne teach,
'k Tel gjin wike dy't forroun.
Hwant de tijd dy't sa forfleach
Moat ik diedleas ûndergean.
| |
| |
Hwat d' ûnweitsjend' ierde biedt
Nim ik dreamend yn my op;
't Earste grien en 't fûgelliet,
Alles is m' in bliid ûnthjit.
Komt ek net 't ûnthjitten nei,
Is de simmer kâld en wreed,
't Hat ús dochs, hwat komme mei,
Tiid fan stil genieten jown.
Alle jounen wachtsje ik dy,
Sjoch ik nei dyn kommen út.
Alle jounen op 'e nij...!
Swiet forlangen, stil geniet!
| |
Neitinken
Ik seach dy oan; de eagen ticht,
As wiest yn swiete dreamen wei,
Hongst fol bitrouwen tsjin my oan;
Myn earem om dyn skouder lei.
Dyn dimmen streakjen fan myn wang
En ink'le wurden mijen sein
Ha my dyn teare leafde teand;
Dêr hast in djip gefoel yn lein.
O, hoeden fanke, mei dyn stil gesicht.
Hoe lûkst my nei dy ta, mei wûnderkrêft.
Dyn rêstich glimkjen, earnstich bliid,
Dyn kleare blauwe eagen, rein en sêft.
| |
| |
| |
| |
Soarch
Der leit sa'n hillich waes oer dyn gesicht,
Dat telt fan bitter leed, dat stil forkroppe waerd,
Fan greate triennen, sûnder snokjen skriemd,
Fan lange dagen, sûnder fleurich praet.
Sa soarchlik sjoch 'k dyn dagen foar my lizzen,
Fol swier fortriet, dat gjin meifielen foun,
Gjin helpend hert, dat stevich steund' en stipe,
Op 't styklich paed, dy fan dyn leafde jown.
O, koe ik mar dyn sêfte wangen streakje,
En lûk dy trou biskermjend tsjin my oan;
Datstou dy deljoechst, stil en fredich drôgjend
Fan swiete takomst, fan gjin noed bidoarn.
| |
| |
Nou stamm'rj' ik dy myn breklik liet tofoaren,
Dat kleijend klinkt, fan soargen tear en drôf,
Swiersettich weak, yn pleats fan krêftich treastgjend,
As naem my 't libben alle moed al ôf.
| |
Fan leed en leafde
As mei de joun, dy't oer de fjilden lûkt,
Wémoed'ge langst nei dy myn hert bislûpt,
En ik sa treastleas stil allinne bin,
Dat my it bitt're leed, sa swier, bikrûpt,
Dan tink ik oan dy jonge fleur'ge tiid,
Dy't fan ús giet, sa sûnder 't bliid geniet,
Dat oaren dochs in trouwe leafde joech,
Dy't ús hast neat as swiere soargen liet.
Wol is myn leafde great, datstou sa trou,
My net forgeatst, al wie myn libben faei,
En doe't ik rêstich freegjend by dy kaem,
Lyk as fan âlds, dyn hân yn mines lei.
Nei al it leed dat ús de leafde brocht
Jowt wis de tiid in hearlik treastlik lean.
It ripet ús en yn in glânzgjend ljacht
Sjoch ik ús blide takomst foar my stean.
| |
Lystersang
De swarte lyster sjongt syn súv're sang
Fan hjitte langst en leafde great en tear.
't Klinkt nei my ta, troch 't leven fan de stêd;
Ik fiel it leed, dat 'k yn dy klanken hear.
It seit dat soarchleas leavjen ier forgiet.
Noch wurdt natûr by dagen moaijeroan;
Mar is 't mei koarten al yn heechste pronk,
Tel is de teare nijste gloed bidoarn.
| |
| |
As sa de maitiid moai op kommen is,
Bidjert dat tinken ûnformongen freugd.
Ien froast'ge nacht, it earste grien is skeind;
Hoe drôvich koart is d' ûnbisoarge jeugd.
| |
Doe!
Yn stille earnst, it moed sa fol,
Hwat fleurich, soarchleas frijen is,
Dat ha wy noch net witten.
Forgeaten w' al in skoft ús leed,
Dan woe de rêst net komme,
Dy't ús de tinzen klearje soe
Doe hast fan ivich skieden praet;
Dou woest dyn leafde twinge.
Yn wanhoop hast in leagen sein,
Soe dat dan 't lok ús bringe?
Doe hastou myn bilofte kocht:
Dan soestou iènkear mei my gean;
Ik moast it sels mar witte.
Dy koarte nacht forjit my nea,
Hoe't wy togearre sieten,
Mei 't fêst bislút, it wie foar 't lêst,
Us langst regearje lieten.
Djip earnstich ha wy doe bipraet,
Hoe oft de saken stienen;
Hoe't troch dyn âlden, leed en soarch
Dy to oermachtich wienen.
Doe ha wy treurich ôfskie nomd,
Hoewol't wy beide fielden,
Dat ús gjin lok op ierde wie,
As w' elkoars soarch net dielden.
| |
| |
O, dizze handel om myn wurd
Dy priemme my troch 't herte;
Doe fielde 'k hoestou folt're waerdst
Troch twivel en troch smerte.
Doe baernde my myn lytsens yn,
En troch myn selssucht hurd en wreed
Ik moast wol tajaen, 'k fielde 't wol,
Dou mochtst dysels net twinge;
As sa de soarch dy moedleas sloech,
Koe 't dochs gjin lok oanbringe.
En doe dyn brief, it koart biskie:
Dou woest my hwat fortelle,
Dou hieste mei dyn âlden praet,
Dy woenen hwat foarstelle.
Doe ha wy jitris mei'noar praet,
Wy mienden 't noch elkoarren;
Dat waerden wy foargoed gewaer
De jouns dêr yn 'e buorren.
De ûnderhand'ling slagge net,
'k Woe my net bine litte;
Oan dy koe 'k in bilofte dwaen,
Mar hjir woe 'k net fan witte.
Doe ha wy wer ris ôfskie naem,
D' oerienkomst wie forbrutsen;
En like noch de loft ek skier,
Dochs wie it hwat oplutsen.
Op sneintojoun, tsjûk lei de snie,
Dat wie by tafal wer fansels;
Ik koe it dochs net witte?
Doe wist ik net hoe rom as 't wie,
Dou wiest sa blier en fleurich,
Dou hieste moed, en oars altyd
Dan wiest sa stil en treurich.
| |
| |
En alle kearen nei dy kear
Dat wy inoar wer neijer stien’,
Us leafde sterker striele.
Der wie in skieding fallen, dy't
Sa sûnder dat ik wist hwertroch.
Wie mûlk dyn soarch formind're?
Hoe ek, wy rekk'nje op elkoar,
Dat d' iene d' oare stypje wol,
Dat jowt ús krêft to striden.
En sjoch ik dy mei koarten wer,
Oer 't leed dat wy bilibbe ha
En hwat ús fan 'noar skaette.
| |
O, dou, myn fanke!
O, dou myn fanke stil en bleek,
En mei dyn eagen klear en blau!
Ik moat dy treastgjend yn myn earmen ha,
En fiel, dyn bûkjend hert sa rein en trou.
Dan bloeit ús leafde tear, en sûnder wurd
Wurdt der sa folle sein mei mûle en each.
O, 't wurdleas út'rjen yn 'e stille nacht,
As der sa'n frjemd forlangen yn ús teach!
En hwat ik tink en hwat ik woe,
Ik kin 't net sizze as yn wurden swier.
Ik ha sa'n langst, it driuwt en jaget sa.
By dy is rêst, mar och, dou bist sa fier!
| |
| |
| |
Wie 't net sa?
Hoe't ik foar 't earst dy in tútsje joech?
Hoe't ús it herte sa wûnder sloech?
Hoe't klear de moann' yn it easten stie?
Syn dream'rich ljacht om ús hinne wie?
Koarnjumer toer dy't fjouw'r ûre sloech?
Tiid ús sa rimpen to kennen joech,
Hearste en sjochste en fielst it noch wol?
Witste? Hoe soe 't net, 't hert wie sa fol!
| |
Oan myn lytse faem!
Myn lytse faem, dyn sêfte wurden binne
My wize rieden dy't myn dieden stjûre;
Yn tankber tinken fiel ik eltse ûre
It rêstich stypjen fan dyn sterke minne.
As lean foar 't kwea dat ik om dy bidimme
Strelet de langst, as 'k sillich swiet forwachtsje,
| |
| |
Hoe't lokkich bliid dyn kleare eagen ljachtsje
En fleurich klinkt dyn rêstich sêfte stimme.
Sa kinstou, faem, myn wylde sinnen liede
Ta beider bêst, hwant hoe't de tiden wiene
Fol striid en soarch, 't hat ús noch mear foriene;
Hwat macht of swakkens sil ús nou ea skiede?
De takomst winkt sa noegjend yn de fierte,
Troch leafde sterk geen wy him bliid tomjitte.
| |
Yn frjentsjer
Troch 't âlde stedtsje gongen wy;
Der lei oer hûs en grêft in lichte mist,
En fredich moanneljacht, sa tear,
Skynd' op in wrâld dy't fan gjin striden wist.
Hoe nuver roun dat, mids safolle folk!
- Oars mocht gjinien ús ea togearre sjen -
Mar hjir wie alles frjemd en nij,
Hjir koe gjinien ús as de ‘stoute’ bern.
Wy dwaelden stil it bolwurk lâns,
Mei d' ivige ûnrêst yn ús hert:
Hjir dêr't ús dochs gjin minske koe
Wie noch foar ús it rêstich fielen net.
My is de oantins faech as fan in dream,
En 't fêste witten is my wol ûntgien;
Mar 't selde hielen huvert troch myn hert
As doe't wy skou tomûk der út roun wien’.
| |
Jierdei mids desimber
Myn bêste winsken op dizze dei!
O, dat dit winskjen helpe mei!
Fan al it oare dat ik die
Allinne leed dy tapart wie.
| |
| |
O, jimmer brocht myn leafde smert
Oan hwa't dy myld biand're het,
Hwant swier fan wédom is myn wei
En dy't my leavje lije mei.
Sa sjoch ik dy't my nei bistean
Jimmer yn swarte skaden gean;
Hja tôgje swier, sa skjin to'nein,
En sjogge moedleas út nei d' ein.
Dit is it liet fan de skiere dei,
As kille mist oer alles lei;
De mist dript del fan beam en sket
As leed dat him forgearre het.
| |
As it lud stuket
Faek as ik op in stille joun
Dan wâlje wurden yn 't herte op
Dy't ik dochs net sizze kin.
De ink'le wurden klinke hurd,
En drôgjend skôgj' ik foar my út,
Dan moat ik dy yn 'e eagen sjen
En streakje sêft dyn wang;
It leed dat dy ús leafde brocht
|
|