De Tsjerne. Jaargang 12
(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 379]
| |
Op it harspit:
| |
[pagina 380]
| |
benga my taskikt hetGa naar voetnoot*). De hear N. wol dit ûntstride: ‘Hwat dit lêste oangiet’, forfettet er, ‘moat net forjitten wurde, dat men fan skriuwers, dy't har noch mar krekt of winliken noch net iens goed ûntjown hawwe, noch gjin folsleine skôging en weardearring jaen kin.’ Ik wol mysels graech bûten it spul hâlde, ik wit ek wol, dat it mei myn ûntjowing noch lang gjin sprekken lije kin, mar ik soe der dochs biswier tsjin meitsje wolle, Geart Jonkman to rekkenjen ûnder de lju ‘dy't har noch mar krekt of winliken net iens goed ûntjown hawwe’. Ien fan twaën: Of de hear N. doelt hjir op oare skriuwers as de twa dy't er neamt, en dan hied er dy twa net neame moatten, òf, en ik haw myn reden derfoar my dêrby to hâlden: de hear N. wit alhiel net hwat er skriuwt. Trouwens, as dizze N. deselde is as de man dy't anonym yn de Ljouwerter fan 6 nov. Fryske tydskriften skôget - en dat moat ik hast wol oannimme, hwant krantebidriuwen hawwe foar sokke gruzige kerweikes ornaris har fêste mantsjes - moat ik him noch efkes by syn flodderich nekfel fêsthâlde. Dan is er in ûnnoazele siel, dy't earst noch leare moat úttreksels to meitsjen. Ut Lolle Nauta syn essay oer my yn it oktobernûmer fan De Tsjerne fisket dy anonime griemer dizze konklúzje: ‘as essayist en kritikaster hat er (ik dus, A.W.) syn foarm, dat wol sizze, himsels foun, neffens lolle nauta.’ Ik haw it stik fan Nauta der jitris mei sin op neilêzen, mar haw it wurd ‘kritikaster’ net ûntdekke kinnen. Twa konklúzjes: òf dy krantesiel wit net hwat in ‘kritikaster’ is, en yn dat gefal moest de Ljouwerter Krante him mar ris in Nederlânsk wurdboek presint jaen, of him ûntslaen fanwegen breklike legere-skoalleoplieding, - òf hy wit wol hwat in ‘kritikaster’ is en brûkt dy oantsjutting biwust as in falske werjefte fan Nauta syn wurden. Om't de Ljouwerter it sels net dien hat, op it plak dêr't soks hearde, sil ik de hear Nauta mar efkes rehabilitearje. Hwat mysels oanbilanget, ik bin alhiel net misledige, earder docht it my goed, dat dyselde goede, âlde Ljouwerter sa rom fan opfetting en sa breed fan visy is, dat hja graech sa'n kritikaster ienris yn de 14 dagen in pear fan har kostbere kolommen bi-kritikasterje lit. Fan mear bilang as it gejeuzel fan dizze krante-lakei is lykwols de skôging fan Schurer, nijsgjirrich binammen hjirom: It is út alles dúdlik hoe't hjir twa alhiel forskillende visy's foar elkoar oer steane. De histoaryske fan Piebenga, de anti-histoaryske fan Schurer, beide trochlutsen oant yn it uterste, op de grins fan historiomany en historiofoby. Piebenga syn skôging komt hjir op del: skriuwers ûnder de 40 binne (bihalven as hja al stoarn binne) noch net droech efter de earen, Schurer sines hjirop: De Fryske litteratuer bigjint mei Kalma. Yn myn ôfwizing fan de historiomany stean ik leafst neist Schurer, yn myn fordigening fan it histoarysk-wittenskiplike neist Piebenga. Ik leau nammentlik dat it miskien net mooglik is in folsleine synthese to skeppen tusken dy beide visy's, mar dat it wol mooglik is der folle tichter by to kommen as men út it greate forskil opmeitsje soe. In goede oanwizing jowt Schurer ús yn de hannen as er dy twa fersen foar elkoar oer set: Auke Boonemmer syn Breidzje, neffens | |
[pagina 381]
| |
Piebenga in ‘kostlik fers’, neffens Schurer ‘sa stadichoan walchlik’, en fan Rinke Tolman De wente, dat Piebenga net neamt, mar ûnder in hwat skrale wurdearring foar Tolman biflapt, wylst it foar Schurer is ‘ien fan de seldsumste gedichten’ yn it Frysk skreaun, in suver en ûntroerend stikje ympressionisme. Schurer syn oardiel oer Breidzje lit dúdlik sjen hwer't by him de oast sit. Ommers ien fan beiden is wier: Breidzje hat altyd, fan 't bigjin ôf oan, ‘walchlik’ west, en dan is de tafoeging ‘sa stadichoan’ der by troch, of it is bûten de skuld fan de dichter om, troch ús of ús sjongende foarfaers, walchlik màkke. Mar men mei in fers net sjen troch de gruzige bril fan âljende kriteleden, allinnich troch jins eigen bril en dy ûnbislein, dat wol sizze: mei eigen, ûnôfhinklik, farsk oardiel. Wis, in gedicht kín, lyk as in muzykstik, populair wurde, òm't it walchlik is, de publike smaek is nou ienris net altyd like keken. Mar dat jowt ús net it rjocht alle populariteit út walchlikheit to forklearjen. De wierheit leit hjir - spitich foar de lju dy't sa'n ynskepen ôfkear fan klisjé's hawwe - sa likernôch op healwei, mar mear nei de kant fan Piebenga oer. Breidzje is net fuortdaliks in ‘kostlik fers’, mar likemin, né, folle minder is it ‘walchlik’; it is in aerdich tekene, libben stikje folkspoëzij, ienfâldich, sûnder pretinsjes, minsklik, net sûnder humor; in stikje 19de-ieuske Kleinmalerei fan it goede soarte, dat ek nou noch om syn simpele earlikheit rjocht hat op in biskieden wurdearring, dat, as it nou skreaun wie, alhiel net misstean soe yn in gefoelich kabaret-programma. En dan it fers fan Tolman. Yndied is it mis fan Piebenga om de lêzer de konklúzje op de lea to triuwen, dat immen dy't ‘ûnder ynfloed fan de Hollânske Tachtigers’ stiet, gjin goede poëzij skriuwe kin. Dy Hollânske ynfloed nammers is by Piebenga altyd it lilke bist. As it út Ingelân oerwaeit of út Dútsklân, dan mei it hinnebruije, dan is it sels nijsgjirrich, en út Yslân of fan de Faer-øer, nou ja, dan kin men der winliken ek gjin kwea fan sizze, mar as it út ‘Hollân’ wei komt dan wurdt it òf forswijd (Tamminga-Nijhoff, Van Tuinen-Marsman, Wybenga-Van Ostayen, Sikkema-Minne) òf forspijd. Mar goed, as nou Schurer De wente oanhellet as biwiisstik tsjin Piebenga-oer-Tolman, sit er my mei syn wurdearring wol ryklik heech yn de beam. De wente is net ien fan de seldsumste Fryske fersen, it is suver, nou ja, bihalven hwer't it net suver is, mar ‘ûntroerend’, né, dat wol net earlik yn my del, dan rekket de simpelheit fan Breidzje myn hert noch earder. De wente is ek ienfâldich, sympathyk, hwatte simplistysk, mar dan op in hwat ‘litteraire’ wize. It hat steurende klisjé's: it ‘lege en lytse hûs’, dat nettsjinsteande syn lytsens en legens by de spjirren ‘riist’, ‘foarjiers treastlik-trouwe tiid’. It hat noch al hwat deade pleonasmen en tautologyen: ‘stil en dimmen’, ‘hate... noch niid’, ‘inkeld bart it soms’, ‘in ruter rydt en jeit’. It is slim mei allitteraesjesucht oanhelle. En it hat in pear aerdige, tekenjende rigels:
Hoe fredich krinkelt tinne reek allyk in tried
Wyt nei de romme loften...
In gedicht dat as ympressionistyske Kleinmalerei, as sfeartekening, as idyllysk skilderijke, mar sûnder sterk byldzjend formogen - it mei my alteast net slagje en sjoch dizze ‘wente’ foar my, al wurdt er mei noch safolle adjektiven omhinge - út syn tiid wei en mei hwat histoarysk bigryp syn wearde noch wol hat, en dat de trochsneed fan de Jongfriezene ferskunst wol sahwat bilykje kin. As it | |
[pagina 382]
| |
in ècht skilderijke wie, soene tûzen boargers it mei noft oan it bihang spikerje. Mar de hear Schurer net, dêr bin ik wol wis fan.
Schurer sjocht leau 'k hwat al to folle apen en bearen op de dyk, siket dingen efter Piebenga syn wurden, dy't der net efter sitte. Ik bin alhiel net sljocht op dy Piebenga's-eigenaerdichheden, b.g. de wize hwerop er op bls. 230 de figuer fan Douwe Kalma yntrodusearret. Mar hwat Schurer sjocht as ‘spot en parodisme’, as it hunen fan de dichters lyk as de boargers dat troch de ieuwen hinne dien hawwe, is yn wêzen neat as it Piebenga's-forlet om sa nou en dan efkes yn in kwasi-epyske, Yslânske-saga-styl, hwat ironisearjend, op in distânsje en gemoedlikwei greate en royale linen troch syn relaes to lûken. Hy docht dat mear, bls. 261-262 bygelyks, en it is irritearjend, mar minder kwea bidoeld as Schurer mient. En as Piebenga de sûnder mis hwat skoalmasterige opmerking oer Rinke Tolman makket: ‘Waling Dykstra soe ek raer guod spuid hawwe, as hy lêzen hie hwat hjir foar Frysk trochgean moast’ (de skoalmaster wol sizze: Waling-om wie doe al dea, en der wie op it stik fan de tael wol in greate kleau tusken dy en de nijere skriuwers), dan fettet Schurer sok sizzen op as it oanheljen fan Walingom as tsjûge tsjin it dichtwurk fan Tolman. Dat is yn myn each ûnbillik. Piebenga hellet Waling net út it grêf om to tsjûgjen tsjin Tolman-as-dichter, mar tsjin syn tael. Dat is alles. En wòl Piebenga dêrmei ek tsjin Tolman-as-dichter hwat biweare, wel, ik mien dat er yn syn folste rjocht stiet om yn de Fryske skriftekennisse de taelsuverheit as eask to stellen. Op bls. 345 forklearret Schurer nammers sets, dat suverens fan de tael, krêft fan styl en rykdom fan taeleigen dochs tige ticht by litteratuer komme.
Op mear plakken bihinderet Schurer syn emosionéle woede-op-de-skiednis him to lêzen hwat Piebenga bidoelt. Foar Schurer is Waetze Gribberts in ‘útsprutsen rotstik’, akkoart; op morele grounen dan altyd, dy't ik oars earder by Piebenga as by Schurer forwachtsje soe, mar... 't is ommers ek sa: Waetze is histoarje, as Jan Wybenga it skreaun hie, lei it faeks krektoarsom. Hawar: in rotstik, akkoart. Mar pleitet dat tsjin it sizzen fan Piebenga dat it ‘faek seldsum libben’ skreaun is? De hiele Hollânske kluchtelitteratuer, fan de Buskenblaser oant Focquenbroch, Tengnagel, Paffenrode, Bormeester en har soarte, is der om to biwizen, dat in klucht in ‘útsprutsen rotstik’ en tagelyk ‘seldsum libben’ skreaun wêze kin, libbener alteast as de alexandrinen fan Vondel.
‘Har wurk komt spontaen en net mei de bidoeling “literatuer” to jaen’, seit Piebenga fan de Halbertsma's. En wer set stikelbaerch Schurer al syn stikels oerein, sûnder to sjen dat it wurd ‘literatuer’ tusken oanhellingstekens stiet en dat Piebenga dat wurd dus fette hawwe wol yn in bysûndere, spesialistyske bitsjutting; in bitsjutting dy t Schurer as ‘litterator’ sa goed ken, dat ik it net nedich achtsje it him út to lizzen. Ik bin it mei Schurer iens, dat de nammen Bilderdijk, Potgieter, Beets, Van Lennep, Bosboom-Toussaint, Conscience, Tollens en Da Costa kroantsjûgen genôch binne om Piebenga syn stelling to ûntkrêftsjen, dat de Romantyk har yn Fryslân navenant sterker en eigener oppenearret as yn Hollân. Schurer wol Busken Huet der oan tafoegje, ik dan noch leaver Multatuli, en oars: Hofdijk, Van der | |
[pagina 383]
| |
Hoop, Drost, Bakhuizen van den Brink, Haverschmidt-Paaltjens. Mar mis is Schurer wer yn syn útliz fan Piebenga's forklearring dat der yn Fryslân ‘swierder potinsje’ en ‘bigryplikerwize’ ‘swakker prestaesje’ is. Dy swierder potinsje lit ik dêr, al mien ik wol sahwat to fetsjen hoe't Piebenga it bidoelt. Mar ûnbillik is Schurer, as er út dizze wurden konkludearret ta in ivich en altyd en oeral opgeande paradoksale logika, dat alles hwat swierder fan potinsje is needsaeklikerwize liede moat ta swakker prestaesjes. Dat ‘bigryplikerwize’ bitsjut út de mûle fan de histoarikus-Piebenga neat oars as: sjoen de hiele Fryske tael- en kultuersituaesje fan dy tiid, dy't nou ienris net gunstich wie foar it ûntstean fan greate prestaesjes; en men moat a-histoarysk tinke, as men sa'n feitlikheit ûntkenne wol; men moat oan de oare kant historiomaen wêze om sa'n feitlikheit to absolutearjen, mar dat docht Piebenga hjir grif net. Piebenga syn krityske wurdearring fan Kalma leit Schurer swier op de mage. En yndied binne hjir mooglikheden ta in persoanlik mear of minder; ik bin it oer 't generael wol mei Piebenga iens, mar kin it ynskikke, dat men de aksinten hjir en dêr hwat oars lizze wol. As lykwols Schurer konstatearret, dat Piebenga oangeande it lêzen fan Kalma syn lyryske poëzij de ‘loaije lêzer’ byfalle wol en sizze: Lês it mar net, it is to slim, dan kin myn konklúzje net oars wêze as: Schurer is spoeksjoch. ‘Forskate lêzers, net ûngefoelich foar poëzij oars, hawwe wurk dizze dichter to gripen en to bigripen’, seit Piebenga. Hwat stekt dêr oars yn as de konstatearring fan in feit? Tajown: it wurd ‘bigripen’ is yn dit forbân net gelokkich, of men moast it nimme yn de oarspronklike sin: Der om hinne gripe kinne, sadanich dat men hwat yn de hannen hat; mei ‘gripe’ allinnich hie it wol takinnen. Dy earste lyryske poëzij fan Kalma ís min to ‘gripen’ - dy't it oars seit, liicht. Kalma syn formalistyk, al to maklik verbalisme komt nou ienris yn syn lyryk fuort út de esthetisistyske driuw it wurd ta hwat ûnstofliks to meitsjen. Dy't op dizze poëzij omstudearret, hâldt by einsluten neat oer, stiet mei lege hannen, taest yn in idele romte, kin him allinne noch mar bidrinke oan klanken en oan it gefoel, dat ús ieuwenâlde sprake hjir dus ta yn steat is, har namme sij priizge. En dan noch: oars as Schurer suggerearret (‘Kalma syn gedichten’), giet it sizzen fan Piebenga oer in spesiael tydrek en in spesiale tûke fan Kalma syn dichterskip, binammen oer de lyryk, samle yn de bondel Sangen. Oer De lytse mienskip, oer de drama's, oer de oersettingen praet Piebenga, en mei rjocht, hiel oars.
Ik haw greate wurdearring foar Schurer syn skôging, ek as wrantelige réaksje op in al to histoarysk eachweid, en syn humor biniidzje ik him om. Ik wurdearje dizze skôging ek as er de planke folslein mis is. Der binne nou ienris net folle skriuwers dy't mei sa'n ûntwapenjende charme de planke misslane. En ek net sa folle dy't sa iepen en bleat mei har eigen dynamyk omwouterje. ‘In kunstner, dy't net folslein los komt fan dit folk, sil gjin kunstner wêze kinne en dus by einsluten foar syn folk weardeleas wêze.’ In útspraek, dêr't dizze en jinge noch wolris op ombriede mei, al sil men, leau 'k, net lang hoege to sykjen om in útspraek fan dyselde Schurer dy't, yn in oar forbân en út in oare situaesje wei, krekt de oare kant út wol. Dat is nou ienris de dynamyk fan de libbene minske, en as Piebenga der net mei anneks wie, soe ik hjir Ter Braak oanhelje. Dynamyk of net, ik sil de lêste wêze Schurer oan | |
[pagina 384]
| |
to kleijen om't er hjoed oars seit as moarn. Dat is nammers - en dat mei Lolle Nauta, dy't ik hjirby graech tankje foar syn earnstige oandacht foar myn skermesearjen mei folpinne en skriuwmasine, ta in treast wêze - ek de reden hwerom't ik mysels, nettsjinsteande alles, noch wol lije mei. ANNE WADMAN
NEISKRIFT (1). En ien ding bin ik folslein mei Schurer iens: dat de litteraire paedwizer de litteratuer yn biskerming nimme moat tsjin de mannichte, yn pleats fan de mannichte tsjin de litteratuer yn it gewear to roppen. De mannichte wurdt fan widze oant grêf genôch biskerme fan polysjemachten en sosiale forsekeringen. De litteratuer, èk en binammen de nije en moderne en ûnbigryplike en bjusterbaerlike, hat net genôch oan de biskerming fan in stikmannich snobs. NEISKRIFT (II). (Allinne om't ik net wit hwer't it oars publyk makke wurde kin). Guon lju hawwe har mei Lolle Nauta fornuvere oer it feit, dat Fioele en Faem net yn De Tsjerne bisprutsen is. Ik kin dat feit net ophelderje, mar haw it formoeden, dat it leit oan de sleauwichheit fan de man dy't doedestiids redaksjeskriuwer fan De Tsjerne wie; faeks kinne de Notulen útwizing dwaen; oangeande it weibliuwen fan in bisprek op Frieslands Dichters kin ik wòl ynljochting jaen; dat wie om't J.C. Bloem syn resinsje-eksimplaer weibrocht hie;Ga naar eind1) en de Fryske Fersleare sil nou lang om let yn it jannewaris-nûmer fan 1963 bisprutsen wurde.Ga naar eind2). A.W. |
|