De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 353] [p. 353] [Nummer 12] Sybe Sybesma: Etude de lêste treast: in moarnske sigaret; deawurge eagen dy't net sliepe koene, en tinzen: ‘mei gjin inkel lot forsoene’ - it daget al, en it is fiersto let. men lit jin net fan wanen mear bitsjoene, dronken démonen dounsje in âld forlet; de lêste treast: ien moarnske sigaret, reekslierten dy't gjin stalte winne woene. en yn 'e keamer spoeket wyld fenyn, de muorren wurde swart, de boeken lêstich: myn hertsear is oan ein, en sûnder fêstich- heit swalkje ik tonei myn nachten yn. ik leave dy, en dou bigearst my net - ien lêste treast: in moarnske sigaret. Amsterdam, 23 july 1957. Vorige Volgende