Frysk en frjemd:
Fryske romans
De Fryske Boekewike - ornaris, wol bigryplik mar net altyd like forstannich, it jierlikse hichtepunt yn de útjowerij - hat fan 't jier in opfallend bytsje oarspronklike romans oan de merk brocht. Dêr stiet foaroer dat fan ien fan de wichtichste romans fan nei de oarloch, Ta him dyn bigearte fan Ypk fan der Fear (1949) mei gauwens in twadde printinge forskynt. It twadde diel fan Watse Cuperus syn trilogy De Gouden Tried sil allyksa op nij útjown wurde.
It stiet nou al fêst dat takomme jier ek in nije roman fan Abe Brouwer forskine kin, hanneljend oer de ûndergong fan it Fryske fiskersdoarp Wierum yn 1893. It sil it earste diel (De ramp) foarmje fan in trilogy mei as titel Springtij; de oare beide dielen soene dan Gods biddelers en Thúsreize komme to hjitten. Brouwer is fan doel sawol de ûndergong en de oarsaken dêrfan as de ûntjowing fan it doarpslibben nei de stoarmramp har gerak to jaen.