De Tsjerne. Jaargang 12
(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 350]
| |
Yn 'e fierrekiker:
| |
[pagina 351]
| |
dat al docht, nei alle gedachten omt Prof. Collinson lid is fan de Fryske Akademy. De Fryske saek hat yn Ingelân in great forlies lit troch de dea fan Sir William Craigie. Foàr syn stjerren hat hy my forsekere dat syn samling Fryske boeken, troch de jierren gearbrocht, in duorjend plak fine soe yn de BodleianGa naar eind2) of it Britsk Museum. Mar dit epistel is net foar de Ingelsken ornearre, mar foar jimme. Hwat kinne jimme dwaen om bigryp oer-enwer to stipelearjen? Mei alle earbied wol ik in mannich winsklikheden oan de hân dwaen. Alderearst in revyzje fan Dr. Sipma's baenbrekkende spraekleare. It is de iennige boarne yn it Ingelsk. Yn it twadde plak in Frysk-Ingelske wurdlist of in lyts wurdboekje. Sels in meartalige wurdlist (mei it Ingelsk derby) soe al tsjinstich wêze. It is in ommelânske reis om troch it Hollânsk, of sels it Dútsk, ta it Frysk to kommen. Der is navenant mar in bytsje yn it Ingelsk of Frânsk oer de Friezen skreaun, hoewol't dy talen by de yntellektuélen yn myn lân de oerhân hawwe. Ik sjoch fansels folslein yn dat it skreaune yn Fryslân, sil it op 'en bêsten, út 'e earste hân komme moat - út it formogen wei om jim tael to lêzen, en dat bisykje ik to birikken. Ik sjoch altyd út nei De Tsjerne, It Beaken, en soms komme Frysk en Frij, De Stim fan Fryslân, It Heitelân en De Stiennen Man myn kant út. As it poststimpel Grand Rapids is, komt it nijs yn it Ingelsk. Ien fan de fruchtberste en noflikste kontakten dy't ik ea lein ha, hat dat mei de Friezen west. Ik haw by jim manmoedichheit, rjochtutens, frijdom, sounens, dreamryk réalisme en freonlikheit foun. Dêrom wol ik de kennisse oer jim kulturele en litteraire ûntjowing ûnder de Ingelske lêzers forspriede. ‘Nimmen is in eilân’ is yn it Ingelsk in faek oanhelle epigram, likemin is in litteratuer dat.
E. HOWARD HARRIS |