De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Sybe Sybesma: Hjerstdei Hear: it is tiid. De simmer wie net earm. Liz Jo Jins skaed op oan de sinnewizers, en lit oer miene en fjild de winen gean. Jit nou de lêste fruchten rypdom yn; bied harren jit twa sudeliker dagen, pres har ta waechsdom, driuw mei laech op lagen de lêste swietens yn 'e swiere wyn. Hwa't nou gjin hûs hat, bout ek net mear ien. Hwa't nou allinnich is, sil it lang bliuwe, sil wekker wêze, lêze, brieven skriuwe, en yn 'e leanen fier fan elkenien omswalkje as troch de loft de blêdden driuwe. Oersetting Rainer Maria Rilke Herbsttag Vorige Volgende