| |
| |
| |
Fedde Schurer:
Fan Bernlef oant Tetman
Inkelde oantekeningen by Jan Piebenga Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse. Laverman N.V., Drachten, 1957. Twadde útwreide printinge.
As men de minsken fordiele koe yn vitalisten en biologen, yn bilibbers en yn biskôgers fan it libben, dan soe men Jan Piebenga by de twadde skift nimme wolle. Mar spitigernôch kin dat net. Gjinien is stealleas dy't er is, dêr komt altyd in forbjusterjende skep yngrediënten fan syn tsjindiel by. En hwa't it foarrjocht hat, lyk as de skriuwer fan dizze marginalia by in bilangryk boek, Jan Piebenga langer kend to hawwen as hjoed en juster, dy wit dat er hjir yn dizze skôger, ynkûlder en boelbiskriuwer to meitsjen hat mei in man, dy't mear as hwa ek tangele is mei de drift om net efter de touwen to bliuwen, mar diel to nimmen oan it libben. In man mei it forline fan in revolusionair en nonkonformist, dy't noch altyd it nonkonformisme yn it bloed hat en der soms op ûnfortochte stuiten de wyldste utering oan jaen kin. De tiid, dat er de takomst by stoarmrin nimme woe, leit efter him, mar deselde energy hat him omset ta de driuw om it forline to foroverjen, en it lân dat er forlitten hat yn kaert to bringen.
Hat er it forlitten? Dat lân hjit Fryslân, en yn dit wurd fynt de greate leafde fan syn hert utering en stal. Foarby-datwurd bistiet foar Jan Piebenga net. As hy it hat oer it twahûndertjierrich bistean fan de Ljouwerter Krante, dan is it net liker as hie er sels om de tafel sitten mei de oprjochters, en syn ynmoedige redaksionele arbeid is net inkeld it foldwaen oan eigen aktiviteit, mar ek it ôfdwaen fan in eareskuld oan har, dy't op him delsjogge as de fjirtich ieuwen op de jonges fan Bonaparte yn Egypte. Dêrom wie hy de man, dy't it fjild fan de Fryske litteratuer, fan Bernlef oant Tetman, oerskôgje en mei sin biskriuwe moast. Hy, miskien de greatste bibliofyl fan Fryslân, ken syn boeken net allinne fan bûten mar ek fan binnen. En hy kin it net hawwe dat safolle Friezen neat witte fan har forline, fan har skriuwers, fan har komôf, fan harsels. It essayistyske motyf, it forlet fan de man dy't syn oardiel oer tiden en dingen kwyt wol, formingt him mei it didaktyske motyf, it plichtsfielen fan de learder, dy't syn
| |
| |
jongerein net yn it wyld fan de ûnwittendheit opwaeksje litte wol.
Sa is dit boek Koarte Skiednis fan de Fryske Skriftekennisse ûntstien út dûbelde need.
Dit boek is in twadde printinge, mar salang nei de foarste forskynd en safolle bywurke en útwreide, dat der alles foar to sizzen is om oer dy foarste nou mar net mear to praten. By it trochlêzen fan dit wurk moat men wol earbied krije foar hwat hjir efter sit; it forarbeizjen fan sok in oermachtigen stoffe, it opsykjen fan gâns teksten dy't her en der forsille lizze, en it oarderjen fan hwat skynber sûnder forbân der hinne leit. Hwat soe it folle nofliker west hawwe in rige aparte rubriken op to setten foar de poëzij, de roman, it essay, it toaniel, en elk by syn eigen rubryk ûnder to bringen. Mar dat kin hjir net; yn dizze ‘skriftekennisse’ komt men, krektlyk as yn in stik fan De Jounpraters of It Lyts Frysk Toaniel, iderkear wer deselde persoanen tsjin, dy't alles tagelyk of fan alles neat binne.
Piebenga hat by syn ûndernimmen wol foarbylden hawn: ik neam dr. G.A. Wumkes en dr. D. Kalma. Hy neamt se sels ek, mei earbied, mar tagelyk mei reserve. Hwant hy is bang foar har noarmen, dy't de forlieding fan de mythe deun njonken de doar ta de histoarje sette. Wumkes libbe sa út de mythe fan Great-Fryslân, dat er lyts-fryslân, it echte, der foar oerslaen koe; Kalma hie de mythe fan 1915 en siet mei oare jiertallen wolris yn tsjokwaer.
Nou is it maklik sein: hoedzje dy foar de mythe. Mar dan sakket de timperatuer ynienen sa'n stik, dat it suver klam om jin hinne slacht. Hwat binne weardearringen, hwer moatte hja fan út gean, hoe swier binne de wurden hjir? Dostojevsky wie in great skriuwer yn Ruslân, Reinder Brolsma in great skriuwer yn Fryslân, - akkoart. Mar as Wumkes Brolsma de Fryske Dostojevsky neamt, dan skuort elkenien oan de needrem. Men sil dy weardearringen op Frysk gebiet, binnen Fryske forhâldingen, wer op 'e nij útkavelje moatte en dat is sinnich wurk. Ek sil men de winsk net hearskje litte meije oer de wierheit; allinne de eigen protter in lyster neame as men sels mient dat it sa is, net as it in goed effekt hawwe kin. It bidriuwen fan Fryske litteratuer sawol as it biskriuwen derfan hat in stik selsrjochtfeardiging yn; wy miene noch altyd opkomme to moatten foar it rjocht en de erkenning fan ús ienfâldich bistean. Dat leart men net sa maklik ôf. En dan komt men der wolris ta om yn oeriverige skeppingsdriuw de
| |
[pagina t.o. 340]
[p. t.o. 340] | |
JAN PIEBENGA
Frysk skriuwer, berne 1910
| |
| |
dingen dy't net binne to roppen as wiene hja. Yn de wierlik skeppende litteratuer is dat net sa slim, it is sels de wei; mar yn de biskriuwende bisnijt it himsels.
Hwant lit ús it nou mar earlik sizze; de rispinge oer rûchwei tûzen jier is biskamsume lyts. Der binne alle mooglike forklearringen en ûntskuldigingen foar, ik wit it allegearre wol, mar foar ús pretinsje in folk mei in eigen kultuer to wêzen sjocht it der net sa bêst út. Krekt dy pretinsje docht it him; hja twingt ús min ofte mear boppe ús stân to libjen: de houtene skinke foar it finster en ierpels yn de fioelkiste. Wis, wy kinne wol in rige skriuwersnammen opneame, en gâns fortelle oer har libben, dat al folle in tragysk forrin hie, earmoede en drank en froulju en breklike oplieding en tsjinwurking en selsmoard en folle net genôch, mar as wy wier bigjinne oer har wurk dan falt it net ta.
Der wie yn lang forfleine jierren to Drachten in jongfeint dy't him yn de holle set hie om sindeling to wurden. Dat mislearre troch in gearrin fan omstannichheden, dy't ik hjir net ophelje sil, mar it wie fan dy gefolgen dat er jouns de sûphûzen platroun en faken yn it holle fan de nacht de buorren yn opskuor brocht. ‘Fan sindeling op swindeling’, sei de polysje dan en burch him op yn it hounegat. Dêr hearde er dan ek thús, mar dochs net yn de sindingsskiednis.
It falt op, dat Piebenga noch al ryklik omtinken jowt oan dizze tragyske libbens, en faken mear sjocht nei hwat it wurde kinnen hie as alles meiwierre hie, as nei hwat it wurden is nou't alles tsjinwierre. It bigjint al by Bernlef: ‘...wie der mar hwat fan syn wurk biwarre bleaun. Hwat in rykdom soe dat wêze: alliterearjend dichtwurk yn it Aldfrysk út it lêst fan de 8ste ieu.’ Jawis, alteast, miskien - mar wy kinne lypje of pypje, it is der net. En it hat gjin doel der nei to rieden hoe't it west hawwe soe. Oer S.K. Feitsma: ‘As der út dizze man kommen wie hwat der yn siet oan kinnen en wollen, hwat soe Fryslân der mei bate west hawwe!’ ‘As Rinse Zylstra ris mear tiid fan libjen hawn hie, soe er dan net folle goeds jown hawwe?’ Dizze uteringen binne, hoe bigryplik en foar de hân lizzend ek, yn de groun fan de saek ûntskuldigingen foar hwat net wurden is. Sels fan Onno Sytstra, dy't dochs wol tiid fan libjen hawn hat, wurdt sein dat er ‘net de forfolling brocht fan it ûnthjit dat der fan bigjin ôf dúdlik yn lei.’ Unbitelle en ûnbitelbere rekkens; wy soene ryk west hawwe, as wy mear jild hawn hiene.
Piebenga hat him hjir nei myn sin wolris tofolle fange litten
| |
| |
yn de âlde falstrik fan it oannommen (en oanwiisbere) forbân tusken it libben fan de skriuwer en syn wurk. Ik nim oan dat dat forbân der is; ik ûntken dat it sa oanwiisber is, dat men der mei wurkje kin. Leaver as de, lit it wêze biheinde en dêrtroch soms hast komysk oandwaende relazen oer it libben fan dizze minsken hie ik in karakteristyk fan harren sjoen yn in pear koarte sitaten. Foar Piebenga en foar hwa't mei him yn de litteratuer trochkrûpt binne, is dat net nedich; dy sitaten gounzje harren by it skriuwen en by it lêzen as miggen om de holle. Mar foar de ienfâldige man dy't dit boek lêst en der hwat út leare moat, net oer de soargen fan it libben mar oer de freugden fan de litteratuer, hie dit gjin lúkse west; hy hie mear hâldfêst hawn oan twa dichtrigels as oan fjouwer mislearre houliken en acht stjerbedden. Ik bigryp ek wol dat de skriuwer, dy't sels safolle fan al dy dingen wit, in boek nedich hawn hie, trijeris sa grou as ditte, en dat er doe it nijs mar yn in nútdop meijown hat, mar it komt oan de komposysje fan it gehiel net to'n goeden. Hwat men der wol posityf fan oerhâldt is dit, dat hjir blykt hoe't it swakke en it lytse útkard west hat om it swiere en moedsume wurk to dwaen, dat gjin útsjoch hie, en dochs middel wêze soe om de fakkel fan de tael oan lettere slachten oer to jaen. En hoewol ik yn de rin fan de jierren hwat skruten wurden bin foar greate wurden, leau ik wol dat men hjir prate mei fan it wûnder fan Fryslân. Mar ja, it giet oer litteratuer, it bigryp dat wy nou ienris mei skriftekennisse oantsjutte, en dat is noch hwat oars as de ahasverosgong fan in tael troch de ieuwen, hoe bitsjoenend op himsels dit forhael wêze mei.
It slagget Piebenga yndied de geasten foar ús op to roppen, en yn in trochrinnende film dizze skriuwende Friezen stal to jaen. Net altyd is dat stal like skerp en werkenber, soms komt it taestber út de mist nei foaren. De stim fan de gids en syn kommentaren forlitte ús net. Hy lit net allinne sjen, hy oardielet ek. En dat oardiel is needsaeklik it oardiel fan in 20ste-ieuwer, lyk as dat ûnder forskillende ynfloeden foarme is. It leit foar de hân, dat wy, konfrontearre mei de Aufklärung, glimkje oer dit kultueroptimisme en dizze oerskatting fan de minsk; mar men soe jin der yn jaen moatte hwat foar perspektiven dy skôging iepene hat yn in tiid, doe't hja noch nij wie. Itselde jildt foar de somberens en mankelikens fan de Romantyk; in farsk en forheftich libbensfielen, dat syn birin hawwe moest. It kritearium is hjir net, hoe't de skriuwers foar de streamingen fan har tiid oer stiene, mar
| |
| |
hoe't hja har hâlding skriuwende rjochtfeardigen. Piebenga polemisearret noch alris mei syn objekten oer har wrâldskôging, en hja glimkje en skodholje, hwant hja hawwe Karl Barth net lêzen en nea fan Toynbee heard. Mar har litteraire foarmjowing slacht er alfolle yn de jamkste fâlde en set er yn de list fan har tiid.
Mar krekt mei dy list is it sa'n nuodlik gefal. It tal skriuwers is sa lyts, dat it yn Fryslân sels meastal oan lyktidich forlikingsmateriael ôntbrekt. It binne al folle ienlingen, of keppeltjes fan twa, trije. Mei it bûtenlân munsterje soe ûnrjochtfeardich wêze; Piebenga hat yn syn forantwurding ek al sein, dat er by syn weardearring jimmer de Fryske forhâldings yn it each hold. Dochs is der by litteratuer ek hwat fan in absolute, algemiene mjitte, in minimum fan easken op it gebiet fan taelplastyk, byldspraek, rym en ritme, dy't men altyd oanlizze kin. It wurd ‘technyk’ wurdt hjir wolris hwat achtleas brûkt: de technyk fan de litteratuer is op it lêst alles hwat heart ta de kunst, om troch de tael in byld of in stimming oer to bringen.
Ik kom hjir op in faei punt; de weardearring fan Gysbert Japicx. Oer syn greate bitsjutting en it alhiel unike en ûnforfangbere fan syn figuer binne wy it wol iens, dêr hoecht net oer tsierd to wurden. Mar wy binne nou stadichoan dochs wol frijernôch fan de mythe, om hjir ek, mei alle forskuldige earbied, ús krytyske sin sprekke to litten. Piebenga hat dit field, ek al het er him net út it âlde sok losmeitsje kinnen. Men fornimt it oan syn dizenige karakteristiken en oan de fêststellingen dêr't er by einbislút in oar foar opdraeije lit (gelyk hat er). As men praet oer de ‘geve, byldzjende tael’ fan Gysbert Japicx, soe men dêr einliks in pear foarbylden fan bybringe moatte. Wierheit is dat Gysbert Japicx syn tael, mei alle kwaliteiten dy't er hat, it krekt yn de ienfâldige bylding, yn it plastyske en visuele, sitte lit. De bikende, prachtige rigel út Tsjesckmoar: ‘Mar dû skoddest holle en plommen’ (ik sitearje yn moderne stavering) is, lyk as like bikend achte wurde mei, fan Vondel.
‘Stoplapen forachtet er djip’, seit Piebenga. It mei wier wêze dat er se djip forachte, mar hy brûkt se der net minder flitich om, en it soe gjin poepetoer wêze der in lapekoer fol fan by to bringen; as wy alteast ûnder stoplapen itselde forsteane. En as it oer de wurdkeppelsykte fan de Barok giet, ûntskuldiget Piebenga dy kwael mei oan to merken dat men nea forjitte moat, ‘dat sa'n fers by lûdop lêzen faken in swier en fonkeljend effekt hat.’ Jawis, it hinget der mar fan ôf op
| |
| |
hwa. Ik nim oan, likegoed as Piebenga, sels in fers fan Rintsje Klazes sa swier en fonkeljend to lêzen, dat ik der in hiele gearkomste mei biswindelje. Mar dat is gjin kritearium. En de hoflike forklearring fan Folkertsma, dat it spul sa min rint omdat hjir himel en ierde yn de foarm fan lûd en ritme opelkoar stjitte, is my foar in foarbygeand litterair moadeforskynsel ryklik djip socht.
‘Hy is wol mei John Bunyan forgelike’ seit Piebenga. Mar hy lit ús yn it ûnwisse troch hwa, en wol der sels blykber net garant foar stean, twa omstannichheden, dy't it oertsjûgjende, fan sok in forliking net to'n goede komme. Sa docht Piebenga ús ek troch, dat de fortaling út it Frânsk, de Suwnerlinge Forhanlinge ‘alris in nasionael kunstwurk fan 'e earste rang neamd is.’ As de auteur der net by neamd wurdt, seit it neat, nammersto minder omdat Piebenga it sels ek net foar syn rekken nimt. Hwat er wol foar syn rekken nimt is de forklearring, dat Gysbert Japicx gjin neifolging fynt, omdat it foarbyld to heech en to great is. Mar hwerom hat Vondel, dy't safolle heger en greater wie, dan wol neifolgers foun? Dit sintsje, dat lof foar Gysbert bidoelt to wêzen, wurdt in testimonium paupertatis foar de Friezen. En it klisjé fan prof. Gosses: ‘Wy Friezen biseffe noch net heal hoe wiis wy mei him wêze moatte’ kin men it allegear mei iens wêze, omdat it gjin ynhâld hat. It muoit my dat Piebenga dizze gelegenheit net waernommen hat om dizze dichter nouris wier to earjen, troch him yn syn relativiteit to sjen.
Soms weaget de skriuwer him yndied oan forlikingen mei Hollân. As hy de Althuysens bisprekt en derby seit dat dit wurk ‘net min, mar wol faeks forfeelsum’ is en yn de midsmjitte bliuwt, hellet er dêrby as foarbyld oan it ‘grêfskrift op 'e blommen’, dy't it yn 'e kâlde winter sitte litten hawwe. Hy fynt dat nochal in boargerlik motyf, dêr't ek net folle goeds fan to meitsjen wie. Mar it leit net oan it motyf, it leit oan de dichter. Heiman Dullaert koe mei syn fortaling ‘een korenwanner aan de winden’ in fers skriuwe dat yn de Hollânske litteratuer ûnstjerlik bleau. En Piebenga hat him dochs grif mear troch syn patria-fielings as troch syn litteraire smaek liede litten, doe't er skreau dat it wurk fan Poot en Langendijk ‘grif net folle better’ is as dat fan Althuysen.
Allyksa is de preek foar eigen parochy net suver yn de leare as wy hearre moatte dat Waetze Gribberts Brilloft (in útsprutsen rotstik) ‘faek seldsume libben’ skreaun is. Ik siz dizze dingen omdat ik net leau dat men ús litteratuer in deugd docht troch har earmoede to forguldzjen of troch to sizzen dat
| |
| |
it by de buorlju ek net safolle moais wie.
Nuodliker is noch, hwat Piebenga skriuwt oer de Romantyk: ‘Dy romantyk oppenearret har hjir navenant sterker en ek eigener as yn Hollân.’ Hy neamt dan Bilderdijk, Potgieter, Beets, Van Lennep, Bosboom Toussaint, Conscience, Tollens en Da Costa. Oars kroantsjûgen genôch om syn stelling to ûntkrêftsjen. Hy hie Busken Huet der jit by neame kinnen. En dan, nei it neamen fan dy nammen, komt deakalm de forklearring, dat der yn Fryslân swierder potinsje en - bigryplikerwize - swakker prestaesje is. Dy swierdere potinsje (potinsje bitsjut hjir dochs ‘formogen’?) moat dan biwiizge wurde út de Halbertsma's, Rinse Posthumus en Jan Knjilles Salverda. Wier, dy skealjes doge net, likemin as de paradoksale logika, dat swierder potinsje ‘bigryplikerwize’ swakker prestaesje meibringe moat.
Der moat my noch hwat fan it hert oer de wize dêr't Piebenga it wurd ‘litteratuer’ op hantearret. Hwat moat ik der fan tinke, as hy oer de Halbertsma's skriuwt: ‘Har wurk komt spontaen en net mei de bidoeling ‘literatuer’ to jaen?’ Ik tochte dat it wol wis mei dy bidoeling west hie. As men manuskripten ré makket, dy nei de printer bringt en útjowt, dan is men net oan it pankoekbakken, mar dan makket men litteratuer. Dat hjit nou ienris sa, en der is neat forachtliks yn. Wylst Piebenga in peer bledsiden fierder fan dizze selde minsken seit: ‘mar foar alle romantyk en moarael wurdt der eerst dochs om 'e suverens fan 'e tael tocht; de krêft fan 'e styl, de rykdom fan it taeleigen...’ Dat komt dochs tige ticht by litteratuer.
Mar hwat wy graech witte wolle: hwat nou Piebenga syn litterair oardiel is oer b.g. de gedichten fan Eeltsje Halbertsma, dêr bliuwe wy kâld fan. Hy fortelt ús earst hwat Tsjibbe Gearts der fan seit (nou, dat is wol yn oarder fansels) en dan dat goed treddelieu letter in ‘dryste jongerein’ dr. Eeltsje bitichtsje doarst fan ‘komselden dichterlike bisieling.’ ‘Beide oardielen binne oerdreaun’, seit Piebenga, en hy foeget der foar himsels aan te: ‘Dr. Eeltsje is yn syn fersen net allinne earlik, ienfâldich en sjongsum, mar grif ek tige dichterlik.’ Hwer't bliken út docht, dat as in fers ‘earlik, ienfâldich en sjongsum’ is, it dêrom noch net dichterlik hoecht to wêzen, en dat it dichterlik wêze kin, sûnder dêrom in goed gedicht út to meitsjen. Dat wy bliuwe mei dit mes yn de mage sitten, om letter noch to fornimmen dat inkelde fersen sûnder oerdriuwing ‘suvere folkskunst’ neamd wurde kinne. Mar hwat moat nou dy slach om de earmtakke; is suvere folkskunst nou itselde as suvere kunst of is it hwat oars?
| |
| |
Ik hoopje net dat ik mei dit geïggewear de yndruk jow, gjin weardearring foar it wurk fan Piebenga to hawwen. It is krekt oarsom; ik haw de greatste earbied foar syn kunde, syn geduld, syn krektens en ek foar syn persoanlike mieningen oangeande ûnderskate skriuwers. Syn stelling daget my iderkear wer út ta in kontrastelling en in oanfal. Kin ik dan net better mei him fjochtsje as inkeld mar sizze dat syn boek yn gjin Fryske hûshâlding dy't noch net alhiel ta weismiten keard is, ûntbrekke mei? Ik gean dêrom priizgjend en faek mei ynstimming foarby oan hwat hy seit oer de folksskriuwers, oer Waling Dykstra, oer Piter Jelles, oer Jan Jelles Hof en safolle oaren, om dan torjochte to kommen by Douwe Kalma en de Jongfryske biweging. En dan falt it my op, dat, hoe tichter wy by de eigen tiid komme, hoe minder myld it oardiel fan Piebenga wurdt, hoe't er hjir faek foroardielet op deselde grounen der't er eardere slachten op priizge hat.
Hy lit, as hy op bledside 230 oer Kalma bigjint, de toan fan de objektive skiedskriuwer farre foar in toan fan spot en parodisme: ‘in nije stjer’; ...‘hy komt... oansetten mei in foege fyftich siden swier to fortarren poëzij... en wrychtich, de hexameter - biwiis fan klassike opfieding - wurdt brûkt. Itselde nije ljocht doar ek yn syn krytysk proaza in steil wurd to dwaen’;.... ‘hy is net eang fan absolutisme, fan drigemint, fan foroaring fan taktyk; koartom: de lieder is foun, de Jongfryske biweging is berne’; ....‘min frysk en skrikbaerlik lange sinnen...’ Ik wol efkes fêststelle dat it hjir giet oer in man, dêr't ik withoefolle op tsjin hawn haw en noch haw, mar der't ik nea fan forjitte sil dat er yndied mei syn Jongfryske biweging de romte skepen hat dêr't wy hjoed de dei, de Tsjerne sawol as de Akademy en de Kultuerried yn sykhelje. Sa'nien kin men mei op de degen of op it floret gean, men kin ek de cocktails fan de fynste satire út jins forgifkast helje, mar men húnt him net sa't boargers troch alle tiden hinne de dreamers húnd hawwe.
Piebenga komt, ek as hy de Jongfryske dichters bisprekt (dit yn it foarbygean) yn nuver selskip. Sa lês ik op bledside 233 oer Rinke Tolman: ‘Dichterlik wie Tolman sûnder mis, mar syn wurk stie ûnder de ynfloed fan de Hollânske Tachtigers. (Is dat forbean? F.S.). Waling Dykstra soe ek raer guod spuid hawwe, as hy lêzen hie hwat hjir foar Frysk trochgean moast.’ Ik wol der dit fan sizze. Hjir leit in fers foar my fan Rinke Tolman, De Wente. It is in stikje ympressionisme sa suver en sa ûntroerend, ek nou't ik it nei 35 jier wer oerlês, dat ik Waling Dykstra, as hy ien sa'n gedicht op syn namme
| |
| |
stean hie, graech al it rare guod forjaen woe dat er by syn libben spuid hat. Hoe kin Piebenga in man, hwaens oardiel oer poëzij, mei alle earbied foar syn persoan fierders, elk dichter sa kâld litte moat as syn earestiente, út it grêf helje om to tsjûgjen tsjin immen, dy't ien fan de seldsumste gedichten yn Fryslân skreaun hat? Hy, dy't it sa stadichoan walchlike Breidzje fan Auke Boonemmer in ‘kostlik fers’ neamt, seit fan Kalma syn gedichten de folgjende opmerklike wurden: ‘Forskate lêzers, net ûngefoelich foar poëzij oars, hawwe wurk dizze dichter to gripen en to bigripen; it is dan as de rike foarm opfolle mei in gewichtleaze, ûntaestbere stoffe; har komt it oan as hawwe hja mei in geniale rhetoryk to meitsjen, frâl yn de bondel Sangen.’ Bêst. Mar hwat seit dat tsjin dizze poëzij, dat forskate lêzers der in hûdfol oan hawwe? As it oer Salverda giet, ret Piebenga de lêzer, dy't dit wurk swier fynt, oan op dit wurk to studearjen. Oer Kalma falt er fuortdaelk de loaije lêzer by en seit: it is to slim. Nou haw ik hûndert biswieren tsjin Kalma syn gedichten, mar ik sil my net forskûlje efter de miening fan ‘forskate lêzers’, as wie it in Voorlopig Verslag fan de Twadde Keamer. En dêr wit men dan alteast noch hwa't der bidoeld binne. It is better in persoanlik oardiel to jaen as in dichter oer to leverjen oan it ostracisme fan in wylde mannichte, dy't it net inkeld giet tsjin Kalma syn gedichten, mar tsjin alle gedichten. En Piebenga ropt my fiersto faek dy tsjustere machten to help, lyk as er ek nammen weilit dêr't er se neame moast.
Sa yn syn biskriuwing oer de reäksje fan de tritiger jierren. ‘De rop wearklonk’, seit Piebenga, dat it mei al dy ‘lyryske jammerdearlikheit’ mar ris út wêze moast, en dat de ôfstân tusken de yntellektuéle Jongfriezen en it ‘boere-wêzen’ net maklik mear oer to kommen wie. Sjoch, it wie net sa dat ‘de rop wearklonk’, mar it sizzen fan dy ‘lyryske jammerdearlikheit’ wie, sa't Piebenga wol wit, in utering fan de ûngelokkige Jan Melles van der Goot, en de ynset fan it nasionael-sosialisme yn Fryslân. Dat het gjin litteraire renaissance yn Fryslân brocht; it hat allinne Kalma op har heilleaze wei meisleept. It forset tsjin de lyryk wie it typyske forset fan de Barbaer, dy't Jan Melles, lyk as mear ûnredsume en rankuneuze figueren, graech wêze woe.
Hjir reitsje ik de saek yn it lid ‘as it wiif de wurtel die’. Net dat Jan Piebenga eat mei it nasionael-sosialisme út to stean hawwe soe; dêrfoar hat hy der to fûl en to hertstochtlik tsjin fochten. Mar dit nasionalisme wie de triomf fan de midsmjittige boarger, dy't mocht hwat er al sa lang wollen hie:
| |
| |
syn kneppel lizze oer de hûd fan yntellektuélen en kunstners. Dyselde langst libbet noch yn de boargerman, ek hwer't dy fij is fan nasionael-sosialisme en miskien syn spoaren yn it forset fortsjinne hat. Piebenga hat altyd tsjin him fochten, mar bisiket ek altyd wer in foarsichtich fordrach mei him to sluten. Dat fordrach kriget wer syn kânsen by de bihanneling fan de eigentiidske litteratuer, dêr't Piebenga meastepart ôfwizend tsjinoer stiet, hwat syn rjocht is. Mar allinne syn litterair rjocht. Wy meije hjir it blanke wapen freegje, net de klomp út de jister. En it is sa maklik om dy to ûnderheljen, as men mar hwat smeulend praet oer moderne jongfeintsjes dy't noch net droech efter de earen binne en rare ûnbigryplike dingen skriuwe, slyp út!
Ik nim b.g. oan, dat in skriuwer as Anne Wadman Piebenga swier op de mage leit. Alwer: dat is syn rjocht. Mar as essayist (en as didaktikus) wie it syn plicht, dochs ek yn de wrâld fan Wadman to kommen en him dêrútwei to biskriuwen, lyk as er it bisocht hat mei tritich mantsjes dy't minder bitsjutte meielkoar as Wadman allinne. Bernlef, dy't nèt bistiet, hat in bledside krige yn dit boek; Wadman, dy't as ik my net forsin wòl bistiet, en hoe, kriget wolteld fjouwerentweintich rigels. Dat is, sêft sein, to min. Immen as Geart Jonkman hie ek better fortsjinne as it rymke: ‘Geart Jonkman mei syn wylde flinken is literair wol by de pinken’, al sit der sûnder mis hwat yn: in litteratuerskiednis yn de trant fan Prikkebeen. In dichter as Jan Wybenga, foar hwaens bondel Amoeben ik de hiele folksskriuwerij mei al syn kostlike humor en syn treastrike libbenswysheit kado jow, kriget in rigelmannich mispriizgjende wurden to hearren oer syn ‘modernisme’, tagelyk mei Marten Brouwer noch wol. Ik sels soe soks by forsin dien hawwe kinne; Piebenga makket dit soarte forsinnen net.
My tinkt dat it hjirop fêst sit. Piebenga, dy't distânsje nimme woe fan Wumkes en syn mythology, is dochs wer yn de mythe forfallen. De mythe fan in folk mei in stel deugden as frijheitssin, ynbannigens, stânfêstens, earlikens, swijsumens en nim mar mear mei. In folk dat op sa'n basis in litteratuer hawwe moat, dat wol sizze in yn forhaelfoarm biskreaune of op rym sette byltnis fan syn treflikens en dregens. Dy mythe hat jierrenlang de skriuwers en alle kunstners hjir it sykheljen ûnmooglik makke. En Douwe Kalma, hoewol yn in oare mythe forfallend, hie gelyk doe't er dêr de brânfakkel yn smiet. In kunstner, dy't net folslein los komt fan dit folk, sil gjin kunstner wêze kinne en dus by einsluten foar syn folk weardeleas wêze.
| |
| |
Dit binne sa inkelde opmerkingen, dy't ûnder ús bliuwe: De Tsjerne lêst dochs gjin minsk. It boek fan Piebenga bliuwt, ek mei dizze biswieren, weardefol en wolkom. It bringt de lêzer ta de litteratuer, en dy moat him dan fierder sels mar rêdde.
Myn kanttekeningen binne miend as in earnstich birop op de dichter Jan Piebenga, om net mei forkearde maten yn sé to gean, en de dichters net to forleagenjen. De kristenen foar de liuwen smite is net slim, it is har foarlân en it is min ofte mear stiif partûr. Mar smyt gjin pearels foar de bargen, en birop dy net op dy har oardiel oer de pearels. Hwant dan sil it barre dat hja se mei har poaten fortraepje, en, har omkearende, dy forskuorre. Dêr't hja great gelyk oan hawwe ek noch.
|
|