De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 338] [p. 338] Marten Sikkema: Prakkesaesjes Wês wijs, myn smerte, wier, dyn ûnrêst mei bitwongen; Hast lange net de joun - dy stelt dij net toloar: In donkre dize hâldt de hiele stêd bifongen, Mei frede foar de ien, mei soargen foar de oar. Wylst mannichten fan folk wer gean har wylde gongen, - Mei syn swipe set wille, har twingboal, him toskoar - Nei de slaven har feesten, mei wroegings bimongen. Dou myn smert, jow my de hân, ik gean dy foar, Hjirwei. Sjoch de tonein giene jierren har tear Oer de loftbalkons bûgen yn klean fan alear, Ut wetterdjipten gnyskjend forrizen de spyt, Yn syn bôge him deljaen de stjerrende sinne; En - nei it easten stadich slepend lykhabyt - Hearst, leave, hearst de nacht: sa trinten sil er rinne. Oersetting Charles Baudelaire Recueillement Vorige Volgende