| |
| |
| |
Piter Terpstra:
De deputaesje
De deputaesje út it skoalbistjûr, dy't dy waerme joun yn augustus nei it mastershûs soe, bistie út trije man: foarsitter Gerrit Sprietsma, ferversbaes, skathâlder Durk Dragtstra, boer, en bysitter Frâns Rinkema, winkelman. Hja seagen der, as it nypte, alle trije tsjin oan.
Foar foarsitter Gerrit Sprietsma wie it de slimste reis. Hy wie winliken forantwurdlik foar it hiele gefal. Dat er der fan 't maitiid yn it bistjûr tige op oanstien hie, dat de jonge master Eeltsje Brouwer ta haed fan de skoalle bineamd waerd, hie noch net sa slim west. Dy kar hie minder útfalle kinnen, hiene hja in pear moanne nei de bineaming as bistjûr tsjin elkoar sein. Durk Dragtstra, dy't in oare kandidaet hawn hie, mocht dan noch hwat smeulsk prate oer in nijljochter mei nuvere oanslaggen, de oaren namen dat foar hwat it wie en wiene wol wiis mei de nije boppemaster; it wie yn alle gefallen in aerdichheit hoe't er mei de bern omgean koe. Né, dat trochdriuwen fan dy bineaming wie foar Gerrit Sprietsma it slimste net. Folle slimmer hie it west, dat er meistimd hie yn de healwize fakânsjeplannen fan master Brouwer en dat er dêr fierder it hiele bistjûr net yn kend hie. Doe't er him dy jouns forstrûpte - hy hie himsels noch efkes ôffrege oft it wol nedich wie - moast er it noch ris fan syn wiif hearre. Hja krige de printkaert, dy't de post dy deis brocht hie, fan de speltel en sei: ‘Hwa wit hwer't ús Stinus nou al wer hielendal tahâldt mei dy healwize master. Dou hast dy folslein troch dy fint bilêze litten.’ Hy wist oars net to sizzen as: ‘Och, yn sa'n merkewein kinne hja net sa hurd út de fuotten komme, moatst mar rekkenje.’
Skathâlder Durk Dragtstra liet him neat skine; foar wiif en bern die er krekt as hie er wol aerdichheit oan dit aventûr. Syn wiif sei: ‘Ik woe wol, datst goed en wol wer thús wiest.’ De bern seagen mei ûntsach nei har heit, dy't dizze joun de forantwurdlike opdracht om yn it mastershûs mei syn nuvere biwenners oarder op saken to stellen, folbringe moast. Mar ynwindich wie Durk Dragtstra lang net wis fan himsels; sok folk sieten rûge kwanten ûnder en de measten wie de kop net in jelne lang. As hja lilk waerden, dan stiene hja nearne foar. It soe de baes wêze en pak it spul hwat bihindich oan. Hy seach op it horloazje; it wie noch gjin tiid. Hy joech him
| |
| |
del mei de krante, mar wylst er lies tocht er oan de nuvere dingen dy't der bard wiene en noch barre koene.
Frans Rinkema wie noch yn de winkel dwaende; hy skreau hwat út it bûsboekje oer yn it greate winkelboek en skrok doe't er syn wiif ynienen roppen hearde: ‘Soest dy net hast forklaeije? Hja moatte altyd op dy wachtsje!’ Hy die bidaerd it boek yn it winkellaed, joech de houn in koekje út ien fan de blikken en roun doe troch it smelle portealtsje nei de wenkeamer. Syn wiif fûtere troch: ‘Ik soe mar aveseare, as ik dy wie. En prakkesear der mar ris goed oer hwat jimme dêr aenst sizze sille, hwant Gerrit hoechst dizze kear net folle foar to rekkenjen.’ Hy blêdde noch hwat yn de boeken, dy't de frachtrider út de lêsseal yn de stêd helle hie, om en sei, ear't er nei boppen ta gie: ‘It is oars bigreatlik om de tiid, ik hie wol hwat oars to dwaen hawn.’
Om healwei achten metten Gerrit Sprietsma, Durk Dragtstra en Frâns Rinkema elkoar op de trijesprong by de toer.
Op dat stuit makke master Eeltsje Brouwer, noflik yn in âld reiden stoel yn de wenwein, earne djip yn Gelderlân, in brief iepen. De jonges hiene de poste restante fan it postkantoarke yn it doarp helle; der wie mar ien brief foar him by. Ien fan it skoalbistjûr, seach er fuort al oan de slûf. En meiiens skeat it al troch him hinne hwat dit wêze koe: faeks swierrichheit mei de tydlike biwenners fan it skoalhûs.
Hy lies:
‘Wy hiene jo oars yn de fakânsje net lestich falle wollen, mar dy tydlike wenningruil fan jo, dêr sprekt it hiele doarp skande lan. Wy soene wol graech wolle, dat jo dêr sa gau mooglik in ein oan makken. Yn alle gefallen sille trije fan ús bistjûr, de hearen G. Sprietsma, D. Dragtstra en F. Rinkema, nei dy minsken yn jou hûs om ris mei har to praten.’
Hy glimke.
Gerrit Sprietsma, de âld ferversbaes, almeasten in steil wurd, mar dochs in taktikus - in man mei gesach yn it doarp, yn de tsjerke like goed as yn de gemeenteried en yn forieningsbistjûren. In wûnder, dat er hjir yn trape wie. Hy moast op dit stuit syn troan wol wankeljen sjen.
Durk Dragtstra, in jonge boer, in bilêzen man mei in eigen oardiel en tige wiis mei himsels. Hy soe syn trekken foar Gerrit Sprietsma - op hwa syn ynfloed er jaloersk wie - oer wol waernimme. Sûnder mis soe er, as er syn bangens oerwoun hie, yn it mastershûs tige fan him ôfsprekke en as hja letter bûtendoar wiene faeks noch wol mear.
| |
| |
Frâns Rinkema, de winkelman, dreamer en tiidforgriemer, allinne ta aksje foar syn winkeltsje en húshâlding to bringen troch in boas en skellerich wiif. In wiis en filosofysk man, dy't altyd boeken oer fiere lannen en greate tinkers lies; him soe dit aventûr wol oanlieding jaen ta fantasijen.
In nuvere deputaesje.
Master Eeltsje Brouwer soe mar rêstich ôfwachtsje.
Mar noch gjin kertier letter krige Tine, syn wiif, it brief yn hannen en hja wie der lang net sa rêstich ûnder as har man.
Hja sei: ‘Ik wie der al bang foar, dat dit forkeard jern spinne soe.’
Master Brouwer frege: ‘Foldocht dizze fakânsje dy net?’
Hja andere: ‘Ja, it foldocht my skoan - it hie nea better kinnen. En ik wit wol, dit hiest altyd al wollen: mei in merkewein der op út en dan de stille bûtenpaden lâns. En de jonges binne ek optein. Mar op it doarp sitte hja der mei, en ik moat der net oan tinke hoe't it op it stuit yn ús hûs om en ta giet.’
Eeltsje Brouwer bleau der rêstich ûnder. Hy slikke oan it floeike foar syn sigaret en sei: ‘Wy hawwe goed ôfpraet dat wy fan beide kanten de skea, as dy der wêze mocht, bitelje soene. En oars as sà koe it nou ien kear net; dy trije wike dat wy dizze wein brûke, moasten dy minsken dochs ek plak hawwe? Sokke fakânsjeruilen binne de lêste tiid tige gebrûklik.
En dêr bleau it by alteast yn de fakânsjewein fan master Eeltsje Brouwer.
Hwant net allinne master Brouwer en syn frou en de trije leden fan de deputaesje hiene der mei út to stean - it hiele doarp hie der mei to krijen.
It doarp: dat wie de lange, ûngelikense rige pleatsen, arbeiderswenten, winkeltsjes, partikuliere huzen en de stikmannich tsjerken wjerskanten de smelle forkearsdyk en de tolve, trettjin lytse spultsjes, hwat mear efterôf yn de Bouwen, deun tsjin de bosken oan. It doarp, dat wie ek: de beide dûmnys, de godstsjinstûnderwizer, de skoalmasters. En boer Singelsma, dy't al sawn jier spul hie mei smid Spearstra om in rekkentsje, en de sjongkoarlieder Halbertsma, dy't al trije jier net mear yn tsjerke kaem omdat it tsjerkekoar in fint út de stêd as lieder nommen hie; dy fint kaem nou alle tiisdeitojounen mei in foech folksweintsje yn it doarp en hy moast ek al forkearing hawwe mei ien fan Singelsma syn teamerige dochters. It doarp: dat wie de nuvere mienskip fan minsken mei sym- | |
| |
pathyen en antipathyen, fan minsken, dy't it mei elkoar holden en minsken, dy't elkoar birabben.
Oer ien ding wiene de measten yn it doarp it wol mei elkoar iens: it wie in skandael, dat de nije master dat wenweinfolk yn syn hûs helle hie. En it wie noch greater skandael, dat Gerrit Sprietsma dêr yn it foar al fan wiste. Dy syn eigen jonge wie mei master op stap en dan koe alles wol, fansels - dan koe it skoalhûs, dat hja op it doarp as it nypte mei elkoar bitelle hiene, wol sok merkeweinnaesje herbergje. Der waerd al grute, dat dy lju de bakker en de molktaper noch net ien kear bitelle hiene. En guon, dy't der jouns let lâns kamen, hiene alle ljochten op sjoen en in ôfgryslik roppen en bearen heard. Mar de gerdinen wiene ticht, fansels.
Guon wiene lilk en guon hiene der wille om. Wille omdat dy Gerrit Sprietsma der sa moai ynroun wie. Master hie it him fansels hwat moai foarspegele en it oer ‘tige fatsoenlike lju’ hawn. Ja, dat die nou wol bliken. Der hie trouwens snein ek gjinien fan dat folkje yn tsjerke west en fierder seach men suver ek nimmen bûtendoar, al hoe moai as it waer ek wie.
Gerrit Sprietsma, Durk Dragtstra en Frâns Rinkema bleauwen noch efkes op de trijesprong by elkoar stean to praten. Net oer de nuvere reis, dy't hja oangean soene. Mar Frâns Rinkema biet op it lêst de punt der ôf. Hy sei: ‘Ik wit net, mannen, jimme koene der wol tsjinoan skoarje, mar ik woe oars wol aveseare.’ Hy tocht oan de boeken, dy't út de lêsseal kommen wiene.
‘Der tsjinoan skoarje is it wurd net’, sei Durk Dragtstra, ‘ik soe net witte hwerom. Sa net, it mei gjin kwea as wy aenst hwat hoeden to wurk geane. Ik ken dat slach folk wol - jo birikke der it measte mei as jo it hwat op de lije side oankrûpe.’
Gerrit Sprietsma foege dêr oan ta: ‘Dêr hawwe jo gelyk oan, Durk, in bytsje hoeden en taktysk. Taktysk ja, dat is it wurd.’ En efkes letter: ‘Ik sil dêr aenst dan earst it wurd mar nimme, tink?’
Durk Dragtstra hie him der al op forgappe, dat Gerrit it him freegje soe. Hy hie syn ynliedend taspraekje al heal yn de holle - der sieten in pear moaije rûkers foar Gerrit yn. Mar hy koe nou oars net as sizze: ‘Dat is fansels, Gerrit, jo binne op it lêst foarsitter.’
Hja wiene der gau - it wie mar in lyts eintsje. It like wol, as wie der nimmen thús, sa stil wie it om hûs en hear. Der lei allinne in houn oan in ein tou oan de parrebeam, mar it
| |
| |
bist seach har tige guodlik oan; hy tilde der net iens de kop foar fan de poaten.
Foar de doar seagen hja elkoar efkes oan. Frâns Rinkema die in stap fan siden om Gerrit Sprietsma gelegenheit to jaen oan to skiljen. Durk Dragstra wifke efkes; hy wist net hwat er dwaen moast. Doe sei Frâns Rinkema: ‘Hja binne àl thús; der koe wol ien oan it fioelspyljen wêze.’
‘Fioelspyljen hie ik tocht’, sei Gerrit Sprietsma. Hy seach noch ris nei de houn en Loek doe hoeden oan de skille.
Hja wachten swijend. It duorre net lang. De doar waerd iepenlutsen en meiiens hearden hja dúdlik it fioelspyljen, earne yn 'e hûs. Der stie in lang, dûnker frommis fan in jier as tritich foar harren. Hja seach de trije mânlju freonlik en freegjend oan. Gerrit Sprietsma socht om wurden; hy fielde dat de knibbels him trillen en it skeat troch him hinne om Durk Dragtstra to freegjen: ‘Siz dou it mar.’ Mar de gedachten oan dy fornedering joech him de krêft om der hwat heazich út to bringen: ‘Wy komme fan it skoalbistjûr.’
De frou knikte freonlik, al wie it har oan to sjen, dat hja der neat fan bigriep.
Durk Dragtstra achte syn tiid kommen en sei: ‘Wy binne winliken sa folle as de forhierder fan dit hûs.’
It frommis knikte wer.
Gerrit Sprietsma en Durk Dragtstra seagen elkoar oan. Frâns Rinkema stiek joviael de hân op nei in pear froulju oan de oare kant de dyk, dy't binijd nei de deputaesje foar it skoalhûs seagen,
‘Wy woene graech efkes mei jou man prate’, sei Gerrit Sprietsma op it lêst. En it die bliken, dat it frommis him bigriep, hwant hja noege harren der yn. ‘It binne hielendal gjin bûtenlanners of sa’, sei Durk Dragtstra súntsjes.
Hy seach yn de gong fuort tige kritysk om him hinne. Mar it wie der net folle oars as oars; der stiene allinne in stikmannich lege kartonnene doazen ûnder de kapstok.
‘Myn man is krekt oan it fioelspyljen’, sei de frou en hja die foarsichtich, suver hwat earbiedich de doar iepen.
Frâns Rinkema skoude der it earst yn. Sprietsma en Dragtstra wachten op elkoar en doe kamen hja op it lêst tagelyk, suver hwat houten, yn de keamer. Der wiene twa mânlju, sahwat like âld, ek dûnker fan oansjen, lyk as de frou, en wol knap yn de klean. De iene stie ticht by it iepen rút to spyljen; de oare lei loai yn ien fan master syn maklike stuollen en smookte in sigaret. It wie wol kreas yn de keamer, dat foel de deputaesje fuort op; it wie winliken neat foroare
| |
| |
by sa't de nije master it fan 't maitiid ynrjochte hie.
De frou bitsjutte harren dat hja mar in stoel nimme moasten. Nimmen, dy't hwat sei. De fioelist spile troch; hy hie efkes oer syn fioele hinne nei har sjoen. Gjin biwyske fan in groet. It wie mar ûnfatsoenlik, tocht Durk Dragtstra, dat er trochspile.
Hja sieten dan allegearre, bihalven de fioelist. Dy spile. It wie hwat in weak en mankelyk stik.
Durk Dragtstra miende, dat it him net ûnbikend foarkaem. Hy die syn bêst om sjen to litten, dat er mei ynmoed nei it spyljen harke. Syn argewaesje waerd al gau wei. Hy miende oars al, dat er fan muzyk hold, mar dit stik koe er dochs net hielendal weardearje. De muzyk pipe en trille soms sà leech, dat er der hwat in sangerich gefoel fan yn it liif krige. Mar der wiene ek bettere einen. Hy moast efkes tinke oan de organist, dy't hja forline winter op in joun yn de tsjerke hawn hiene. Guon hiene der net folle oan foun, mar it hie him wol hwat sein en letter hie er yn it tsjerkeporteal noch oan it útlizzen west hoe't hja sokke muzyk opfetsje moasten. Mar dit fioelspyljen duorre alderheislikste lang. It waerd tiid, dat hja ta de saek kamen. Hy soe bisykje it sa gau mooglik fan Gerrit oer to nimmen.
Gerrit Sprietsma koe ûnder it spyljen net bêst stil sitte. Hy skoude mar op de stoel om, seach alle kanten út, krekt sa lang oant er ynienen it frommis rjocht yn de eagen seach. Doe krige er in kleur en seach foar him del. Dy fint spile mar troch en hy die it alderheislikste min. It wie bytiden net oan to hearren, As it aenst út wie, dan soe der praet wurde moatte. Hy hie it earst wol sahwat yn de holle hawn hoe't er it sizze soe, mar hy wie it nou wer hielendal kwyt. En sa lang as dy man op syn fioele omjammere, koe er it ek net wer foar elkoar krije.
Frans Rinkema siet stil op de stoel en harke. Hy seach net nei de keamer en net nei de oaren - hy seach allinne mar nei in skilderij mei in ségesicht der op; in knap ding, dat master op syn foarich wenplak by it ôfskie krige hie. En wylst Frâns Rinkema nei dat ségesicht seach, harke er nei it spyljen fan de fioelist. Der kaem ynienen in great forlangst om fier fuort to swalkjen yn him op; de muzyk makke him bliid en bineare him tagelyk; it wie oft syn hert meiskriemde en forlange en efkes letter wer jubele. Doe't it stik út wie, seach er hwat ûnwennich om him hinne.
De fioelist liet it ynstrumint sakje en bleau stean.
It wie stil.
| |
| |
Gerrit Sprietsma tocht, dat it nou syn tiid waerd om hwat to sizzen. It jammerjen wie dien, mar it foel him dochs net ta en set sa mar út ein. Boppedat, it like hjir mar kreas yn 'e hûs; it wie hielendal gjin binde, lyk as der yn it doarp sein waerd.
Ear't Sprietsma syn wurden foun hie, sei Durk Dragtstra: ‘Jo kinne wol aerdich mei dat ding oer de wei. Ik haw it stik wolris faker heard, mar jo hawwe dit bisûnder spile.’
De fioelist glimke en gie sitten. Hy frege: ‘Hat mynhear forstân fan muzyk? Spilet mynhear sels ek?’
‘Né, dat net’, andere Durk Dragtstra, ‘allinne ús famkes, dy spylje op it oargel. Mar ik haw der al hwat doel oer.’
Frâns Rinkema sei: ‘It wie masterlik. Ik haw suver noch nea sokke moaije muzyk heard. It is krekt as...’ Hy seach ynienen om him hinne en bleau yn syn wurden stykjen.
En doe foel Gerrit Sprietsma der yn: ‘Ja, sjoch, wy sitte hjir nou by elkoar en...’ Mar ek hy bleau yn syn wurden stykjen, hwant ynienen skeat it him yn it sin, dat it foar him faeks àl sa goed wêze soe as der oer de kwestje, dêr't hja foar kamen, net al to folle losmakke waerd. It seach der hjir kreas út en as Durk en Frâns nou oer dat spyljen prate woene, dan koe alles miskien noch moai aerdich biteare. Dêrom makke er der fan: ‘...en ik moat meistimme, dat spyljen, dat wie apart. Apart ja, dat is it wurd.’
Lykwols, de fioelist bigoun der sels oer. Hy frege: ‘De hearen binne tink alle trije fan it doarp?’
Syn frou sei: ‘Hja binne fan it skoalbistjûr. Hja binne de forhierders fan dit hûs.’
Gerrit Sprietsma sei der fuort efteroan: ‘Ja, dat sit sjesa, wy tochten, nou't der tydlik oare minsken yn binne, moasten wy àl efkes lâns rinne; it mei faeks gjin kwea, dat wy in bytsje mei elkoar yn de kunde kamen.’
Durk Dragtstra seach him forheard oan.
Frâns Rinkema hie wer gjin each fan it ségesicht ôf; it wie krekt as hearde er de muzyk fan niis noch yn de fierte.
Doe kaem der in bern yn de keamer. In famke fan trije of fjouwer jier, lyts en fyn mei in seldsum bosk swarte krollen.
Durk Dragtstra tocht, dat der dochs hwat útlânsk bloed yn dizze famylje sitte moast.
Frâns Rinkema seach fan it skilderij nei it famke. Hy hie noch nea sa'n moai bern sjoen. Hy tocht efkes oan syn trije jonges; hy hie der gauris argewaesje fan, dat dy allegearre deselde platte hollen hiene as syn frou har heit.
| |
| |
Gerrit Sprietsma sei: ‘Wel, sjochris oan, de lytse faem. Hoe hjit hja, leave?’
Mar it famke seach syn kant net iens út; hja roun nei de fioelist ta en kroep by him op de knibbel.
De man yn de maklike stoel, dy't de iene sigaret mei de oare oanstiek, sei doe ynienen: ‘Nou, as de hearen it witte wolle, wy meije wol graech yn dit hûs wêze. Wy komme net in soad bûtendoar; dat binne wy oars altyd al genôch.’
‘Ja’, folle de frou oan, ‘it is foar ús suver in feest om in pear wike yn sa'n great en geryflik hûs to wêzen. Wy nimme der ris echt ús gemak fan.’
Doe wie it wer stil.
Gerrit Sprietsma sei neutrael: ‘Dat witte wy dan mar.’
Frâns Rinkema frege: ‘Wolle jo noch net ris in stik spylje?’
Durk Dragtstra hie it gefoel, dat it sa net hielendal goed kaem mei har opdracht. Der wiene op it lêst klachten en Gerrit Sprietsma makke der mar neat fan. Dy seach fansels syn kâns om der noch goed foarwei to kommen. Mar Dragtstra woe syn kâns om de foarsitter to plak to setten noch net sa mar sjitte litte. Dêrom bigoun er, in bytsje fluensk: ‘Ja, wy sitte hjir nou al - en ik wol net sizze, dat spyljen wie moai, it wie treflik, mar wy kamen hjir winliken omdat it wol hwat nuver is, dat yn de wenning, dy't...’
Hy hie wolris wisser praet en syn wurden krigen net it omtinken, dat hy der foar hawwe woe. De fioelist andere krekt op Frâns syn fraech: ‘Noch ris spylje? Ja, dat is bêst. Mar ik soe sizze, wy moasten earst àl efkes hwat brûke; it soe net yn oarder wêze, as jim hjir op in droechje sieten.’
De man yn de maklike stoel skeat oerein en wie yn in omsjoch de keamer út. Hy kaem werom mei twa flessen wyn ûnder de earm. Wylst wie Frâns Rinkema wer oer de muzyk bigoun en de fioelist harke nei him. De frou helle romers út de kast - it wiene masters sines net, like harren ta - en efkes letter hiene hja allegearre in glês reade wyn foar har.
‘Dit giet my oars stûf genôch’, sei Gerrit Sprietsma, ‘mar hawar, wy sille it der mar net om stean litte.’
Hy taestte nei de romer, mar de fioelist hie Bines al earder yn de hichte en sei plechtich: ‘Lit ús dan drinke op dit prachtige doarp, dêr't wy in wykmannich yn wenje meije!’
Gerrit Sprietsma naem fuort in fikse swolch; it sette him suver nei de holle en de smaek foel him ek net ta; de wyn smakke ryklik sûr.
Frâns Rinkema preau der mei stúdzje fan; hy glimke suver efkes, sa skoan foldie de wyn him. Him tochte, it wie krekt
| |
| |
as paste dizze wyn by de muzyk fan niis en by de tinzen, dy't er doe hawn hie.
Durk Dragtstra wist earst net hoe't er der mei oan moast, mar doe't de fioelist op it doarp klonk, doarst er syn romer dochs net stean to litten. Hy naem in lyts swolchje en it spul foel him net ôf; hy naem nòch in bytsje ear't er de romer wer delsette.
De fioelist hie syn glês leech en naem it ynstrumint wer fan de tafel. Hy stimde de snaren en spile doe in fleurich wyske. It wie hiele oare muzyk as niis. Gerrit Sprietsma hie hjir gâns mear weardearring foar as foar it earste; dit wie in stik, dêr moast men fleurich fan wurde. Hy naem de romer wer en spielde de lêste wyn, dy't der noch yn siet, troch it kielsgat. Men moast efkes ta de smaek wenne, mar dan foel it spul jin net ôf.
Frâns Rinkema harke mei de holle op side nei it spyljen. Hy tocht der oan, dat ditsoarte minsken dochs in wûndermoai libben hie, in libben fol blydskip en ôfwikseling; in libben fan swalkjen en hieltyd wer nije dingen bilibjen.
Durk Dragtstra wie nou fan doel om as it stik út wie, oer de kwestie, dêr't hja foar kommen wiene, to bigjinnen. It siet hjir goed en de minsken wiene freonlik, mar sà koene hja net wer nei hûs. Hja soene forslach útbringe moatte fan har ûnderfinings en nimmen soe him der by dellizze as hja seine, dat alles yn oarder wie.
Mar Durk Dragtstra krige der gjin wurd mear tusken, dy jouns. Der waerd spile en songen en forteld, der kaem gjin ein fan.
Gerrit Sprietsma koe op in stuit net mear ophâlde fan laitsjen en Frâns Rinkema siet, mei in gleone holle, yn in djipsinnich petear mei de fioelist. Durk sels koe syn eagen net fan dat moaije bern ôfhâlde - it wie allinnich skande, dat dat stumper noch net op bêd wie - en nei in glêsmannich wyn koe er it skoan mei de mem fine.
Doe't er alven, tolven thús kaem, koe er syn gnizen om Gerrit Sprietsma syn brike setten net ynhâlde.
It doarp joech him noch al maklik by it útslútsel fan de deputaesje del. Der wie blykber ek neat fan útkommen, dat de trije mannen djip yn de nacht thús kommen wiene en dat Gerrit Sprietsma op strjitte roun hie to sjongen.
It foel àl op, dat Frâns Rinkema suver alle dagen yn it mastershûs kaem. It hie altyd sa west, dat as er de boad- | |
| |
skippen brocht, dan wie it meastal in toer en krij him de doar wer út. Hy forpraette, as it sa foel, ûren tiid en by Goasse de Vries hie er in kear in boek lizzen sjoen; dat wie de moarns njoggen ûre en doe hie er der oan tolve ûre ta yn sitten to lêzen. Doe moast er hurd nei hûs om iten; de boadskippen noch yn de fytskoer - hy hie de hiele skoandere moarn mar by ién klant west.
Mar nou wie it oars. Hy makke net folle wurden smoarch by de doar, pakte syn spullen út de koer, barde it jild en fytste hurd wer troch. Bitiid yn de middei siet er al wer yn it mastershûs en hy moast der soms wit hoe let weikomme. Sels syn frou, dy't him oars aerdich baes koe, hie hjir gjin remeedzje foar.
Lykwols, it wie Frâns Rinkema net allinne. Gerrit Sprietsma moast dêr ek wolris oer de flier komme, al wie it net sa faek as Frâns. En Durk Dragtstra moast der in hiele joun west hawwe om mei dy lju oer stjerrekunde to praten.
En linkelytsen kamen der mear. Hwat jongfolk earst, mar ek al gau âldere lju. It moast dêr in fleurige boel wêze. Net, dat der hwat op to sizzen foel; elkenien sei, dat it dêr noch altyd tige kreas yn 'e hûs wie. Der waerd wolris in gleske dronken, mar nea yn it ûnfatsoenlike. En elkenien bearde der langer fan hoe seldsum as dy iene fint spylje koe en hoe'n byld fan in famke as hja dêr hiene.
Op ien fan de waermste simmerske jounen - mannichien út it doarp hie doe al de loop nei it mastershûs - slet der in hiele ploech yn de tún. De lju seis, Frâns Rinkema fansels, Gerrit Sprietsma, Durk Dragtstra en in stikmannich oaren. De fioelist spile. It wie sa'n stille joun, dat wit hoe fier koene jo it hearre. Der ried wolris in auto oer de dyk en der bile in kearmannich in houn yn de fierte, mar oars wie it in wûnder hoe moai as dat spyljen wie, yn de simmerjoun. De froulju fan de oare kant de dyk kamen, de earmen oer elkoar, hwat tichter by master syn tún. De mânlju kuijeren dat ek al ris út. Doe't it stik út wie, waerd der op in slokje wyn traktearre; dy't bûten de tún stiene, waerden ek noege, en wierliken, der wiene in stikmannich, dy lieten it harren net ûntkomme.
Dat wie de earste joun.
Der kamen mear sokke jounen. Der waerd net folle kwea fan sein. It gie allegearre yn it fatsoenlike. In gleske wyn, dêr koe nimmen oer falle. En dat spyljen, it wie in lust om der nei to hearren. Der wiene âldere minsken, dy koene it net earlik weardearje, mar it jongfolk wie net by de roman- | |
| |
tyske, swietlûdige muzyk wei to slaen en der hie noch nea in simmer west, dat der op it doarp sàfolle forkearingen oankamen as krekt dat jiers.
Doe't de lêste joun hâlden waerd, wie suver it hiele doarp yn master syn tún gearkommen. Der wiene stuollen en banken oansleept en de biwenners fan it mastershûs stiene dy kears net allinne foar it wiet en droech.
Gerrit Sprietsma siet njonken de fioelist syn frou. Hy siet der like fornoege en greatsk as dy kears doe't er by de iepening fan it grienekrúsgebou njonken de boargemaster sitte mocht.
Durk Dragtstra fortelde oan in pear lju om him hinne, dat dy iene fint almeugend folle fan de stjerrehimel wiste. Hwer't de man it wei hie wie him in riedsel, mar hy en dy fint koene der ûren oer prate. Gelearde, deeglike lju en hielendal net it slach, dat troch de bank yn merkeweinen tahâldde.
Frâns Rinkema hie dy jouns it wiif by him. Hy hie syn slinger net en hy tocht yn dy dagen oan emigrearjen.
Der waerd iten en dronken, praet en songen. Boer Singelsma en smid Spearstra wikselen foar it earst sûnt jierren wer in wurdmannich mei elkoar en der wiene mear, dy't lang spul hawn hiene en it krekt yn dizze dagen wer yn oarder makken.
It wie healwei alven, doe bigoun de fioelist to spyljen.
It hiele doarp hie him hast wol heard en der gie in greate rop oer, mar sa as er dy lêste jouns spile, sa hie er it noch nea dien. It wie folle moanne; der wie gjin sigentsje wyn. It wie sa stil as it mar koe; der bile gjin houn en der kamen ek gjin auto's mear oer de dyk. Allinne it glêskleare spyljen fan de fioele, soms djip en mankelyk, dan wer heech en jubeljend, klonk troch de joune. Der wie nimmen, dy't him forwege doarst.
Durk Dragtstra siet mei de holle yn de hannen. Hy tocht: ‘Hwat is it allegearre nuver.’ En hy hie sa'n wûnderlik bliid gefoel.
Frâns Rinkema dreamde; hy siet njonken syn frou, mar hy dreamde, fan fiere lannen en wûnderlike aventûren, fan muzyk en fan froulju en fan prachtige bern.
En Gerrit Sprietsma siet to gûlen.
Doe't de fioelist útspile wie, bleau it stil. Der waerd net folle mear sein. De measten giene nei hûs ta.
It wie de oare moarns krekt as wie der hwat foroare. Net
| |
| |
allinne, dat it waer omslein wie. It miggele om de middei hinne út in igale loft. Master Eeltsje Brouwer wie wer thúskommen; de merkewein stie op it skoalplein. Nimmen, dy't der nei omseach, allinne in stikmannich bern hiene der niget oan. De lju út it mastershûs brochten har spul der wer yn. De froulju oan de oare kant de dyk stiene der efter de gerdinen nei to sjen en seine letter tsjin elkoar, dat it dochs mar in wûnder folkje wie.
In stikmannich mânlju rounen der kwânskwiis lâns; hja hiene tsjin elkoar sein, dat hja efkes ôfskie fan de fioelist nimme soene en hja kiene der oer grapjage dat der sachts noch in slokje op oersjitte soe. Mar doe't hja by de merkewein wiene, sjenearden hja har foar de oaren en rounen troch.
Gerrit Sprietsma moast fan it wiif hearre, dat hja mar bliid wie, dat hja de jonge wer thús hie en dat hja syn klean ris goed neisjen soe oft der ek forkeard spul yn rekke wie; soks woe wolris oanhingje yn sa'n merkewein. It wie mar goed, dat dy lju wer fuortsetten. Gerrit Sprietsma knikte mar; hy woe der neat tsjin ynlizze en hy tocht der ynienen wer oan, dat der dochs noch wolris praet oer syn dwaen en litten komme koe as de wûndere gasten wer fuort wiene.
Durk Dragtstra sei tsjin de moalkeapman út de stêd, dat it in nuvere tiid west hie op it doarp; it wie in mirakel hoe't somlike lju har oanstelle koene, as der hwat oars as oars wie. Sa net, dy lju yn it mastershûs hiene har fatsoenlik hâlden, mar it bleauwen merkelju en it wie ûnbigryplik, dat de foarsitter fan it skoalbistjûr sa mar bûten de oaren om tastien hie, dat hja yn master syn hûs kamen. Mar dêr soe takomme hjerst op de ledegearkomste fan de skoalforiening it nedige wol fan sein wurde.
Frâns Rinkema wie de iennige dy't ôfskie naem ear't de wein de smelle forkearsdyk útried. Hy roun letter stadich nei hûs ta en it wie him krekt as hie er syn bêste freon forlern. Dy jouns krige er syn frou sa fier, dat hja emigrearje soene.
Tafallich kamen boer Singelsma en smid Spearstra elkoar dy middeis wer tsjin, en hja krigen op slach wer spul oer it âlde rekkentsje.
En in stikmannich forkearings skuorden wer út.
Yn it skoalbistjûr waerd dy hjerstmis bisletten, dat de deputaesje soe, fóár de ledegearkomste, mar nei master ta. As dy tasei, dat er takomme jier syn hûs net wer oan sokke lju forhiere soe, dan koene hja dat op de gearkomste meidiele
| |
| |
en dan soe der fierder wol gjin spul mear fan makke wurde.
It wie in rûzige, kâlde joun doe't Gerrit Sprietsma, Durk Dragtstra en Frâns Rinkema nei master Brouwer ta giene. Hja waerden freonlik ûntfongen, krigen thé, in koekje en hwat smokerij. En master woe wol yn goedens; foar ien jier hie it him bêst foldien, mar in oar jier woe men fansels wer ris hwat oars.
Om healwei tsienen stie de deputaesje wer bûtendoar.
Gerrit Sprietsma gie fuort yn 'e hûs en nei boppen; hy makke syn wiif wekker om har to fortellen, dat nou alles wol wer goed kaem. Hy hoegde syn baentsjes net kwyt en hy soe yn it doarp in man fan gesach bliuwe.
Durk Dragtstra koe it net hielendal hawwe, dat Gerrit der noch sa knap foarwei kaem. Mar goed, hy soe him net forsette - it wie bard en dêrmei út. Yn dy geast spriek er ek tsjin de frou, dy't thús noch op him wachte hie. Hy sei: ‘Gerrit is in domme keardel, as it nypt, en sokken moat men yn de baentsjes hâlde. Ik brûk myn tiid leaver om hwat to lêzen en to studearjen. Fan 't winter woe ik wer ris hwat mear oan de stjerrekunde dwaen.’ Syn wiif seach him mei biwûndering oan en doe't Durk Dragtstra op bêd lei hie er frede mei alles.
Frâns Rinkema sei, doe't er thús wie, tsjin it wiif: ‘Ik leau, dat ik dochs mar fan dy emigraesje ôfsjoch.’ Syn frou glimke en sei: ‘Dat tocht ik wol; dat hie ek nea hwat wurden.’ En ûnder it útklaeijen: ‘Janke fan Roel hat noch hwat boadskippen bybisteld en ofst moarn net to let kaemst. Forpraet dyn tiid dus net wer by Goasse de Vries.’ Frâns Rinkema grommele hwat. Hy roun noch efkes nei de keamer fan de trije jonges - hy seach der nei hoe lekker as hja sliepten en hy wie bliid mei harren.
|
|