De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 321] [p. 321] [Nummer 11] Tjitte Piebenga: Eine kleine nachtmusik Allegro sjoch de beammen dûnkerder kontoer in hert dat great en stadich wie en fan in yngeef witten foar eltse slach dy wurden hie om dêr dit bloeijen oan to mjitten line nei de klanken oer dy't yn de jountiid hingjen bleauwen om mei in skouwe mimering troch 't rút de simmer yn to driuwen en dea gean yn de skimering mar oan de toetsen fan 't klavier bigjint in nij muzyk to kommen fol eineleazens en sa blier dat yn de tún de knoppe blommen ynienen fol fornúvring stean en mei in lêste wifeling yn folle kleur oan 't bloeijen gean allegro dounse troch de joun oant eltse blom en alle ranken syn eigen timbre en gamma foun en peare mei dy klanken doe wie it nacht mar yn de keamer yn it ljocht it hert it song mei heaze stim de tekens oan de balken brocht en kleurde mei in glim [pagina 322] [p. 322] Romanze doe foun de skimering it paed nei 't hert dat fol mei langjen wie en klaeide waermens fan brún skaed om hwat der yn de keamer stie doe kamen al de toetsen bleat de noaten tearden stadich iepen en troch de tsjust're keamer skeat muzyk dy't heal noch lei to sliepen sa hoeden en noch sa forwêzen mar oan de twang fan dit akkoart twinkle troch de iepen glêzen de iene nei de oare noat en dreamrich oer de toetsen siet it greate hert dat fan syn langjen de bliuwsels oerlei yn dit liet dat yn in stadich en drôf klangjen syn echo yn it tsjuster foun noch tsjin in muorre efkes trille mar troch de pearse simmerjoun weromkaem as in hege wille doe giene de âlde noaten dea mar in meldij fan breed plezier sa djip en fan sa'n dounsjend rea ûntkaem de toetsen fan 't klavier doe gie wer de piano ticht it hert song it bitochtsum mei en joech it oan de balken wei [pagina 323] [p. 323] Menuetto yn 't gieljen fan de earste stjer spile de piano wer en mei't it klinken nij bigoun waerd it stiller yn de joun de tún sonk yn in mietleas harkjen doe't oer it bloeijen yn de nacht dizze douns bigoun to sparkjen djipforgetten en ynsacht yn de stilte fan dit groeijen woechs in liet fan langjen frij yn sa'n breed en langsum floeijen nei in teare nachtmeldij troch it twiigjen fan de flearen waerd it dounsjen banneleas sûnder ein en mei in kearen dat it dizze mjitten keas foar dit klinken fan it herte yn in blidens ûnbiwust dat it wie of't eltse smerte waerd ta eineleaze lust en ta wurgens fan de leden dat it hert ynbannich bliid syn punt weromfoun yn it heden en wer kaem ta de tiid en oer de toetsen kaem de nacht mar oan de tafel op 't papier joech 't hert de stim oan it klavier [pagina 324] [p. 324] Rondo hert dat dy joun to spyljen siet liet alles syn oandwaning witte dit wie it streamende motyf yn maet fan douns en fol bigripen dat omkeard en opnij aktyf útdounse oer de brede stripen fan ljocht dat yn de keamer wie liet it yn de joun omhegen as in sûmberder facet alle miggen wer biwege op de maet fan dit ballet in wémoedige ûnderklank waerd efkes oer de snaren litten hiel ûnwennich en to rank om nei dit hert it paed to witten yn ûnwittendheid forsonk oan de rânne fan dit klinken mar oerwinnend en fluch klonk oer it hert dat yn syn tinken al it libben dêr bifong doe syn iennichste formule in tikjen dat dit witten song út de marmeren pendule makke doe de wurden frij: alles libbet panta rei ûnder dy spanning bûgd en swier sprongen de snaren fan 't klavier it hert joech oan de spanning toan en teek'ne 't op de balken oan Vorige Volgende