derlike plak fan ‘wer’ flokt mei it tomin oan klam; en r. 12 falt as proaza-rigel alhiel ot de toan), set daliks it earste wurd jin foar fragen. Sûnder it origineel to kennen wit men dat dêr ‘le temps’ stiet (dat bitsjut ‘de tiid’, oant ‘it waer’ ta) hwant de noty's dy't it fryske ‘tiid’ omfiemet op himsels, reitsje amper oan de sin dy't it hjir hawwe moat nei't bliken docht út hwat folget yn it fers: de omgong fan de reisoenen. As earste wurd is it der to'n minsten by troch: ‘de tiid’ as ynset praeludearret dêr net op, en dat moat it dwaen, binammen omt de earste beide rigels weromkomme, as spil (rs. 7 en 8) en as slot (rs. 13 en 14), dus de kearrigels binne, it skelet fan it rondiel útmeitsje en yn bigjinsel it hiele thema fortolkje.
Mar fierders: sjoen de wichtige rol, dy't dizze beide rigels to spyljen hawwe steane hja der, bûten it wurd fan ynset om noch, mar frij hwat earmoedich by. Wol ‘Fan friezen en reinen en waeijen’ de identifikaesje sizze fan ‘de mantel’, dan is dit in falske byldspraek; wer wurdt poëtyske spanning trochbrutsen, mei't in konkretum (de mantel) útlein wurdt as to bistean út dwaenbigripen, út in barren, en sjit de byldspraek der krekt by troch.
Mar: wolle dizze beide rigels sizze, dat de mantel oan ein is fanwegen.... ensafuorthinne, dan mis ik op groun fan myn taelgefoel by dizze rige fan ynfinitiven it lidwurd ‘it’; en ik moat my dus hâlde oan de earste ynterpretaesje.
Hjirmei is de hiele versy fan Marten Sikkema foroardiele: as de kearrigels it thema net eksakt fortolkje, forwurdzje, bliuwt in broddellape oer, en dat dit sa is docht ek bliken út de rest fan it fers. Oer r. 3 haw ik it al hawn; en de fyfte en sechte rigel jowe it neifolgjende to lézen:
Alle fûgel en bist fier en hein
is oan 't sjongen en balten en kraeijen
Dit foarmet op himsels in ôfsletten folsin, dy't net per se praeludearret op in direkte rede. Dat ‘alle fûgel en bist’ gjin goê-frysk is, is noch dêroan ta, mar slimmernôch - by uzes jildt as kollektivum ‘fûgelt’, en dat ‘fier en hein’ der as in stoplape tusken prutst is kinne wy minder kwee ôf nimme: in rondiel hat swiere rymtwang; mar dat dizze rigels foarútwize op de kearrigels, de spil fan it hiele gedicht, mei net allinne bliken dwaen út de ynterpunksje, de dûbelde punt, mar moat yn harren sizzen sels lizze.
Ik wol op alle slakken sâlt lizze, en wize op de groteske toan en syntaksis fan de rs. 9 oant en mei 11. Ynienen moat de lêzer streamke (ûnnedich ôfgryslik forlytswurd), rivier en fontein oan 't wurk sjen, oan 't swaeijen mar leafst, mei drippen fan sulverwurk, en hwat der noch oer wêze mocht oan miniatureske ympresje, wurdt stikken slein yn sokken oerdwealsk byld. Ik freegje my ôf: hwat soe men sizze, as dit gedicht jin as oarspronklik fers, sûnder dat men weet hie fan in frjemdtalich foarbyld, fan Charles d'Orléans, ûnder eagen kaem? Dochs mei men dizze mjitstêf oanlizze; it moast sa wêze, dat gjin boarne-opjefte perfoarst nedich wie. Ik freegje my ôf, hwerom't Marten Sikkema krekt dizze oersetting publisearre hat, hwant hy sil dochs ek witte dat de lêzer, ek al ken er it origineel net, by it ûntdekken fan it thema yn dizze broddellape tinke moat: ik ken de wize èn it liet, better, yn it frysk. En dat er dan oan 't dollen slacht yn de boekerigen en -steapels dy't syn keammerke