| |
| |
| |
Lolle Nauta:
It smelle front fan de yntelliginsje
Yn dit essay oer anne wadman wol ik it wurk fan de meast markante fryske skriuwer fan nei de oarloch likemin biskriuwe as folslein bisprekke. It hat gjin doel en wurkje mei oan de ûntfolking fan it frysk-litteraire lân troch de noch biwenne wenten mar fêst to forboelguodzjen en to roppen: sa heech stiet it! en: safolle kinne wy der noch foar krije! Sok klerkewurk meije folgjende generaesjes opknappe, as der net iens mear minne poëzij yn De Tsjerne skreaun wurdt en it jild fan de omke-priis like heech oproun is as it bidrach fan in radion- of omopuzzle. Ik wol it hawwe oer de anne wadman dy't de eerste jierren nei de twadde wrâldoarloch biskate displaced persons, ôfkomstich út dizze kontreijen, in wei wiisde, omdat hja by him witte koene, hwat syn wurden ynhiene en der op oan koene, hwer't er stie. Dat kaem net, om't er yntelligint skreau, hwant der binne wol mear fryske skriuwers mei hersens, mar om't er kritysk skreau en men yn syn wurk de stim weromkoe fan immen, dy't in gesicht hie. Anne wadman, dy't min ofte mear dakleas de fryske litteratuer ynreizge, het himsels yn dit lege lân in wente bimitsele en nou't dit hûs, boud yn in persoanlike styl, klear is, hat it doel en freegje jin ôf út hokfoar materiael de mitselkalk mongen is en hokfoar stien der ta brûkt. Net om de stiennen en ek net om it tal wenkeamers op to tellen en to biadministrearjen, mar út needsaek. It is in tiid fan wenningneed en it lit him oansjen, dat yn dy tastân de eerste jierren foroaring komme sil, ek al dounset de lichte muze en drinke, dy't foar har klappe, rêstich rivella.
Hoe't men ek oer picasso syn kommunisme, marsman syn vitalisme of it jûchhei fan de rockandroller tinke mei, de hjoeddeiske kunstner libbet fan it protest of hy libbet net. Dat wol net sizze dat hja, dy't protestearje, altyd libje, mar al, dat dyjingen net libje, dy't har net forsette. De frânske surréalistyske byldhouwer, dy't yn de tweintiger jierren op in offisiéle tentoanstelling in urinoir eksposearre, likegoed as wim kan, dy't it nea litte kin en kritisearje de stân fan saken, forsette har en binne yn it offensyf. Troch to protestearjen skeppe hja harsels in romte om sykhelje to kinnen, ek al sil dy romte somtiden, lykas by klaus mann, mear hawwe fan in vakuüm; men kin dan tominsten stjerre sa't men wol, as
| |
| |
it jin net slagget en libje op it plak dat kultuerprofeten en priisministers foar de kunstner ornearre hawwe. De skiednis fan de fryske litteratuer is dêrom sûnder dy fan de biweging net to tinken, hwant dy biweging joech de fryske skriuwer de kâns om to striden en kanalisearre syn protesthâlding, hwant men hoecht wrychtich net daliks oan forneamde nonkonformisten as ter braak en nietzsche to tinken, om yn to sjen dat in skriuwer hjoeddedei syn plak earst skjinfeije of leaver skjinfjochtsje moat, wol er oan de slach. Hwa't er by syn oanfal krekt op it each hat, is net altyd dúdlik, de strategy fan syn forwar is fakentiden min to ûnderkennen, mar hy stiet oan it front, ek al sil er, lykas syn greatste en nea to oertreffen foargonger don quichotte mei in tinkbyldige fijân op de bajonet moatte.
As anne wadman bigjint to skriuwen, is de fijân, dy't er him útsocht hal, de boarger. In great tal fan syn fersen, sawol yn Op Koart Front as Fan Tsien Wâllen, dat letter skreaun mar earder publisearre waerd, binne striidsangen yn tsjinst fan in yndividueel forwar tsjin it wêzen, dat syn heil siket yn fêstichheden en syn geastlik kaptael útset yn wissichheden. It binne de uteringen fan in dichter, dy't bisiket poète maudit to wurden, sûnder dat men yn syn wurk fan de poète maudit folle merktekens weromfynt. Fedde schurer sloech yn syn bisprek oer Fan Tsien Wâllen de toan oan fan de heit, dy't foar de forlerne soan resepsje hâldt - toe mar jonge, gûl mar ris út, dou stjitst wol mâlle flokwurden út en dochst wol synysk, mar dou hearst op 't lêst ek ta in oare generaesje -, mar hy hie as kollega-dichter de bondel litterair skôgje moatten, ynpleats fan krekt to dwaen as koe er de jonge dichter bigripe en syn lûd forstean. Hwant it slagget wadman hjir wol om to protestearjen, dat wol sizze dingen to sizzen, dy't de wenstige fryske lêzer opskrilje út syn sliep, mar net altyd om fan syn protest fersen to meitsjen, dat wol sizze dingen to sizzen, dy't de lêzer bihalven opskrilje ek oertsjûgje. Sa nou en dan hat men hjir it gefoel dat de dichter yn syn protest wol romte skept, sûnder dat er by steat is om fan dy romte gebrûk to meitsjen en syn revolte te réalisearjen. Likegoed as yn de striidsang, dy't foar it kollektivum ornearre is, it bigryp ‘folk’ fakentiden hingjen bliuwt yn de dize fan de lyryk, bliuwt ek yn it protestearjende fers, dat him net minder programmatysk rjochtet tsjin de kollektiviteit, de boarger dizich yn de anti-lyryske stimming, dêr't mear as ien fers fan wadman út ûntstien is.
Der mei op mannich tradysioneel sonnet - taertsjefersen soe men sizze kinne, mei in byld fan
| |
[pagina t.o. 302]
[p. t.o. 302] | |
ANNE WADMAN
Frysk skriuwer, berne 1919
| |
| |
sierksma en wadman - fakentiden tofolle ombakt wêze, party fan wadman syn fersen hawwe net lang genôch yn de oun west en bliuwe jin as daei yn de mûle kleven, hoe soun it ek is en priuw nei in tofolle oan swietekau wer ris de smaek fan moal. Yn Tinkend oan Amsterdam bygelyks, dat twa bledsiden bislacht fan Op Koart Front, raent it fers gewoan wei yn it protest en dat moat ek sein wurde fan greate stikken út Fan Tsien Wâllen. In pear goede rigels útsûndere, bliuwt der dan meastentiids net folle fan oer as hwat wurden, dy't troch in tofolle oan protestearjende bombast in tomin oan gefoel forriede. It forlangen om in soarte fan slauerhoff to wurden, makket fan in boarger noch gjin dichter. As it wier is dat de hjoeddeiske dichter yn syn djipste wêzen bisibbe is oan don quichotte, dy't mear is as allinne in anti-boarger, dan moat er by steat wêze en meitsje fan syn fijannen in réaliteit, dy't oertsjûget, lykas de dea, dêr't achterberg him tsjin forset en de boarger, dêr't baudelaire nachtmerjes fan hie, werkliker binne as dea en boarger sels. Don quichotte bliuwt net op ien plak stean ûnder it sizzen fan: ‘gean jim mar troch, mar ik fordom it.’ Hy komt yn biweging en it relaes fan syn libben is it forhael fan syn douns troch de wrâld. De hjoeddeiske skriuwer hat mear as party fan syn foargongers eat fan in dounser: syn biweging bistiet by de graesje fan in tsjinbiweging en oarsom; hy falt oan om him weromlûke to kinnen en lûkt him werom om oanfalle to kinnen. Hy bisiket mei syn lichem - en syn lichem is syn foarm èn syn ynhâld - eat foarm en stal to jaen, foarm en stal to wêzen; hy pielt mei it lichem en ûnderskiedt him dêryn fan al dyjingen, dy't piele mei de geast, de polityk of mei... de kunst.
Wol nimt wadman yn syn fersen ôfskied fan de geast en fan de ‘kunst’, mar it slagget him net en fyn de wei werom. Earne bliuwt er stykjen yn it protest tsjin de skientme en de geast en al dy forskynsels, dêr't de generaesjes fóár him foarskriften fan makke kiene. Dêrom oertsjûgje dy fersen fan him my it meast, dy't it protest relativearje, der minsklike biweging yn bringe en it foarm en stal jowe, sa't dat bygelyks yn Ballade fan it lêste liet bart lâns de wei fan de irony, yn Kwatrinen by myn Dea troch de satyre en yn it ûnfolpriizge Lyts Heechliet en Miniatuer troch de langstme, net minder as irony en satyre in foarm fan protest. Hjir is wadman wrychtich net allinne yn syn programma bisibbe oan jan slauerhoff en wit er fersen to skriuwen, dy't stil binne fan langstme en gedichten hwaens bitterheit sear docht. Fan Tsien Wâllen en Op Koart Front bifetsje de gedichten fan in man, dy't ynlik longeret en fûl
| |
| |
protestearret en foar hwa't it gebiet tusken dy beide poalen in gefaerlik soarte fan terra incognita útmakket. De fersen fan wadman, dy't my it meest oertsjûgje, binne òf bitter en synysk, òf tige poëtysk; in dualiteit dy't út en troch yn it symboal fan de poète maudit in like romantyske as sympathike ienheit fynt.
Wy swarre trou oan dea en drank;
oan duvel, hel en swevelstank
winskje w'ús faei bistean bisibbe.
Mar as wy rymkje, o wiffe klank,
dan spiele wy ús sielen blank
mei hwat oan reinens yn ús libbe.
(út: Ballade fan de poètes maudits)
Yn Fioele en Faem emigrearret in jonge man út in doarpke yn de wâlden nei amsterdam. Hy is gjin dounser, mar in klerk, dy't him forhiert om safolle ûren deis mei syn lichem op in kruk to sitten. Under syn colbert is er lykwols net útdroege, yn him is noch wol eat dat longeret nei de douns, hwant hy spilet op de fioele, ek al is it ynstrumint âld en kreakerich en hellet er de deuntsjes net út syn lichem, mar út in salon-album. Yn de rykshaedstêd bisiket er de binypte sfear fan it doarp, dat him greatbrocht, ôf to skodzjen en syn klerkecolbert út to strûpen. It probleem fan de emigrant jeen joukes offringa is net hoe oan de slach to kommen, mar hoe it to roaijen mei syn fioele, mei de douns. Jeen joukes is ûnderweis nei syn lichem, dêrom giet er nei amsterdam en syn tinzen - jeen joukes tinkt o sa'n soad! - sirkelje mar om twa punten: de frou en de muzyk, mei dêrfoaroer it klerkekostúm as symboal fan it forline en as teken fan de boarger, jeen joukes offringa syn slimste fijân. Wol wurdt er ek yn amsterdam in froed kantoarmantsje, mar it emigrantejournael is nijsgjirrich, om't ús de tochten biskreaun wurde, dy't de haedpersoan makket nei de nije wrâld fan de muzyk en bisiket to meitsjen nei de forliedlike oarde fan it frouljuslichem. Offringa is net in emigrant, út op in better sosiael bistean, mar in freon fan slauerhoff, dy't yn ‘napels of london’ itselde bilibbe hawwe soe as hwat er nou meimakket yn amsterdam.
Ek Fioele en Faem fungearret foar de skriuwer as in ôfrekkening en in protest. Offringa mei oan de ein fan de roman weromgean nei fryslân, om't de douns mislearret, hy hat dan dochs mar yn amsterdam west en hat in wrâld kennen leard,
| |
| |
dy't him foartiid ûnbikend wie en dy't oars blykt to wêzen as de fryske.
Oan de iene kant is amsterdam yn it boek in sodom en gomorra, lykas yn de earste de bêste otterdokse bikearingsroman. Yn de kafé's, dêr't jeen joukes de nije muzyk, de jazz, ûntdekt lykje allinne poaijers, dronkene keardels en huorren to forkearen en in hoer is foar offringa in bûtenboargerlik en romantysk wêzen, in frou, dy't jin forliede wol ynpleats fan in frommis dat de seksualiteit as in kommersiéle oangelegenheit bihannelet en safolle freget foar sáfólle.
Dêrfoaroer stiet lykwols dat wadman alteast bisiket de romantyske opfetting fan de net-boargerlike wrâld to korrigearjen: by juffer springer fynt offringa deselde binypte sfear werom as yn it doarp, dêr't er weikomt en boppedien bringe sodom en gomorra, dêr't er nei longere hat as in roppich minske nei iten, him ta it bisef fan syn ûnmacht, in eare, dy't foar de stêdden fan de ûnseedlikheit yn in otterdokse klichéroman net weilein is. As jeen joukes weromkomt fan in mislearre bisite by de frou fan syn dreamen, trapet er syn fioele oan spuonnen, sliept in nacht by syn kostjuffer en set wer ôf nei fryslân. Der rint troch it lân dat leit tusken it protest en de langstme net in paed, dat bigeanber is.
Wadman syn roman, skreaun yn de lêste oarlochsjierren en publisearre yn '48, hat yn fryslân gjin fortuten dien. Guon sille dat spitich fine, om't hjir in skriuwer oan it wurd is, dy't der fuort net oan ta is en meitsje fan syn langstme op de bikende wize litteratuer en om't sa'n fioele en sa'n faem yn fryslân unyk binne; oaren sille der bliid om wêze, om't it wurd ‘hoer’ hjir like faek brûkt wurdt as yn oare romans it wurd ‘boer’; Fioele en Faem is yn elk gefal yn fryslân in badseller wurden; de earste printinge is noch net útforkocht en it boek is net iens yn De Tsjerne bisprutsen, lit stean fan yn It Heitelân biwûndere. Wol is jeen joukes hwat oars bihannele as oare fryske romanfigueren, hwant hy waerd omklaeid mei in soarte fan ûnseedlikheits-auréoal en hy hat dus ynsáfier eat mien mei roomske hilligen, dat syn ierdske libben op ierde gjin kweade gefolgen mear hawwe kin. It protest fan in jong skriuwer, dy't hwat hie om to protestearjen, is net heard; de lju binne der gewoan oan foarbygongen en hawwe op 'en heechsten yn stilte hope, dat it wer oerbetterje soe.
Dat de ûnmacht om boarger ôf to wurden, hwat to meitsjen hat mei de ûnmûglikheit it lichem de kâns to jaen, dy't it fortsjinnet, docht ek bliken út de novelle Reedridder, dy't in jier nei it forskinen fan Fioele en Faem útjown waerd. Hjir is de
| |
| |
haedpersoan ek in man, dy't better mei syn yntellekt as mei syn lichem oer de wei kin. Foar it goede reedriden fan syn faem kin er wol syn leafde foar de muzyk en syn kulturéle mearderweardichheit oer sette, mar it slagget him net en fyn it paed nei de fioele en de faem. De lêste rekket er kwyt oan in sportsman en hy bliuwt sitten mei de muzyk fan bach, ‘it sublimearre fleis fan in swittend húsfader’.
Wadman giet yn Reedridder net sa fier as yn Fioele en Faem, dêr't er de haedpersoan wer weiwurde lit yn de anonimiteit, dêr't er him earst út omheechhelle hat. De ik-persoan fan Reedridder is oan de ein fan it forhael, hoe ironysk ek, mei syn fysike ûnmacht formoedsoene, wylst jeen joukes offringa syn wrâld, foarsafier't dy alteast út muzyk bistiet, yninoar trapet. De ik-persoan fan Reedridder is in man, dy't himsels syn minderweardichheit foar de wrâld fan it lichem oer wol biwust is en syn leafde foar muzyk en poëzij wol doar to relativearjen, mar lykwols net twivelet oan syn superioriteit tsjinoer de sportsman, foar hwa't de skriuwer yn dit boekje gjin goed wurd oer hat. De ûnmacht foar it lichem oer wurdt yn Reedridder mei in biskaet fortoan fan earlikheit koartwei steld as in ‘minderweardichheitskompleks’, wylst dyselde ûnmacht yn de roman syn symboal fynt yn in fioele. Jeen joukes is in man, fan hwa't de skriuwer ús alteast éát sjen lit, wylst de ik-persoan fan Reedridder by de lêzer net folle mear efterlit as de yndruk fan ien, dy't him skoan mei syn yntelliginsje rêdde kin. As de lêste himsels in minderweardichheitskompleks op de lea skout, dan mei dêrmei alles oer him sein wêze, der is tagelyk noch neat mei sein, al soe it allinne mar wêze, om't neffens the man in the intellectual street elkenien wol mei sa'n trauma tangele sit. Foarsafier't Fioele en Faem him yndied konsintrearret om de fioele en de faem, is fan it minderweardichheitsfielen in forhael makke, dat de roman oan de gong hâldt en sa nou en dan sels spannend makket.
Mei it ynfieren fan psychologyske termen yn in forhael, kriget in forhael noch gjin psychology. Men kin pas prate fan in psychologysk goed forhael, as it in skriuwer slagge is en lit de psychology efter him. Dat is anne wadman yn Reedridder net en yn Fioele en Faem foar in part slagge. Yn de stikken dy't hannelje oer jeen joukes syn relaesje ta de muzyk, is mear sein en mear forswijd as yn alle programmatyske wurden, dy't wadman ta syn foldwaen hat, meiinoar. De novelle Reedridder hat mear fan in autobiografysk essay mei yllustraesjes as fan in forhael en is in typyske forbining fan
| |
| |
naturalisme en rasionalisme; fan natuer (lichem!) en hwat de ratio (yntelliginsje!) fan de skriuwer oer dy natuer to sizzen hat. It forhael fan de fioele en de faem is gjin printsje by in autobiografysk opstel, om't it hjir de skriuwer alteast foar in part slagge is en meitsje fan in stik eigen libben, dat er himsels faeks net alhiel biwust meitsje koe, in forhael. As expodium-man mei er himsels sa'n procédé faeks ligen hjitte, it is nou ienris sa mei don quichotte, dat er de wierheit sprekt, hwannear't er liicht.
De positive kant fan wadman syn ûnmacht yn it litteraire moat men sykje yn it negative, yn it forwar. Yn in publisearre fragmint út it allinne oankundige en net forskynde boek Jurjen, roman fan in heit stiet: fan bokskampioenen en gewichtheffers is my noait net folle geast oanwaeid’, in sizzen dat ek yn Reedridder foarkomme koe. As wadman by de kampioenen fan de geast in manko konstatearret, dan tsjut soks net allinne op in manko by de litteraire-priis-winner wadman. It is sa njonkelytsen al to maklik om sokke wierheden om to kearen en to bilûken op de skriuwer sels en it is flau om soks to dwaen, as er it sels yn syn wurk al folle better dien hat. Hwant yn Fioele en Faem en Reedridder is in man oan it word, dy't fan ter braak leard hat, dat er oan de skriuwerij is, om't er as jongfeint sa min oer de wei koe mei it boartersguod, dêr't ien as abe lenstra syn romroftens oan tanket. Dat het net allinne rankune ta gefolch foar de gewichtsheffers oer, mar foar wadman, likegoed as foar ter braak, hâldt dat ek yn, dat hja harsels as ‘geastlik wêzen’ fortocht foarkomme. Wadman hie ek skriuwe kinnen: ‘fan de kampioenen fan de geast is my nea net folle lichem oanwaeid’. Earlik selsûndersyk het him ta it ynsjoch brocht, dat der foar syn skriuwersbistean gjin hegere garânsjes binne en dat er him as letter-produsint net biroppe kin op in muze of oare geast, fan de need in deugd meitsjend en himsels in preester fielend yn it godlik ryk fan de skientme. Hjir leit it nije en revolúsionaire fan wadman syn forskining as frysk skriuwer. Hy sels het skreaun dat der sûnt '15 gjin werklike revolúsjes mear pleatsfoun hawwe yn de fryske litteratuer, mar it wurdt tiid om fêst to stellen dat der sûant syn yntré yn dyselde litteratuer hwat foroare is en it lân
der perfoarst oars hinne lizze soe, as wadman oan de oare kant ôfslútdyk oan it ûngetiidzjen rekke wie. Yn de gedichten fan g.n, visser en freark dam, yn de essays fan fokke sierksma en by de bêste fortsjinwurdigers fan quatrebras kin men fan it forset tsjin it draekjefleanen mei de skientme wol eat weromfine, by de measte fan
| |
| |
wadman syn litteraire foargongers is dit spultsje noch tige yn de moade. En dêrom komme op dit stik de rienstra's, jousma's en piter wybenga's yn it gewear, om yn alle froedens to forklearjen dat wadman in fryske útjefte fan sartre is of it paed bjuster rekket, om't er it ivige fan alle kunst út it each forliest en gewoanwei in diminsje mist. Hja wolle graech de sportkampioenen, kultuerleaze wêzens as se binne, leger sette as harsels, mar allinne om der sels better fan to wurden en foaral net to twiveljen oan de wearde fan it wite befke. Hja wolle allinne op de katheder, as alleman op de stoel of gewoan oer de groun sit, wylst wadman ynpleats fan op de katheder stean to gean en forkundigje in ivich litterair boadskip, derûnder sitten giet, om ris to sjen, hoe't it der dêrre útsjocht. As men jin yn de hichten fan de geast net feilich fielt en tusken de minsken oer de groun net thús, dan sit der net folle oars op as krûp tydlik fansiden ûnder de stoel fan de sprekker; faeks sjocht men dêr eat, dat sawol it publyk as dyjingen, dy't it publyk yn earnst formeitsje, noch net opfallen wie.
It protest yn wadman syn forhalen kin stal krije yn in boer, dy't yn it sikehûs ôfskied nimt fan in boargerlik forline (It Ljocht), yn in yntellektueel, dy't wearzget fan in troep idéalisten (Idéalistekamp), yn in famke, dat de dupe wurdt fan skynhillich doarpsmoralisme (Doarpshistoarje) of yn in notarisklerk, dy't nei in soad omballingen syn fioele oan gruzeleminten trapet (Fioele en Faem). Suver yn alle forhalen komme minsken foar, dy't fan de earste bledside oant de lêste oan de forkearde kant steane, de skynhillige âlderlingen likegoed as de boargers út Fioele en Faem en de mânske sportkeardels út Reedridder. Hja bringe it yn it forhael net ta in yntrigue en hawwe mar amper in dramatyske funksje, om't it drama tusken har en de skriuwer al útspile is: hja binne mis, hwant hja bihearre ta dy groep fan minsken, dêr't wadman him tsjin forwart; hja binne de figueren fan in forhael, dat hingjen bliuwt yn in psychology fan de earste persoan. Wadman hat op psychologyske grounen noch alris protestearre tsjin it naturalisme of biheinde réalisme fan guon fryske boeke-produsinten, dy't skriuwe út de yllúzje wei it libben skilderje to kinnen ‘sa't it is’, mar ik leau dat er séls oan it forwyt fan naturalisme net alhiel ûntkomt. Net dat men syn proaza biflappe kin ûnder de formule ‘tusken kammenet en jarrebak’ en him deselde pylken treffe soene as dy't er roaide op it hert fan de fryske folksskriuwerij, mar ik bin derfan oertsjûge dat him tofolle de yllúzje dwerssitten hat fan in psychologysk réalisme, hoe weardefol ek as réaksje op it réalisme fan de
| |
| |
fryske boereroman. Ek al lês ik it leafdesproaza fan wadman hûndert kear leaver as de kliché's, dêr't ien as harm lodewyk de forhâlding tusken man en frou mei bihannelet, oertsjûgje docht it my likemin. Ype poortinga hat yn in nijsgjirrich bisprek fan Reedridder wiisd op it tokoart fan de psychologyske novelle of roman û.o. mei it argumint, dat it ‘mar dochs’ yn dit wurk ûntbrekke soe. ‘As Wadman dit allegearre fan him ôfskreaun hat, komt er faeks oan dat oare ta’, seit poortinga. Tofolle mei sa'n útspraek hawwe fan it evenredich lûd fan de âldere, dy't mient dat er syn puberjierren efter de rêch hat, lykwols binne it forhael De skuldbikentenis, de novelle Memme eagen en it toanielstik Der komt in man werom, alle trije yn De Tsjerne publisearre, better as it proaza dat der oan foarôfgiet. Net dat wadman hjir oan dat mystike ‘oare’ takomme soe, mar om't psychologyske skema's har hjir minder sterk by de skriuwer oppenearje.
It is opfallend dat yn it spannende forhael De skuldbikentenis mei syn detective-eftige yntrigue suver gjin persoanen foarkomme, dy't by foarrie al oan de forkearde kant steane. De fraech oan hokfoar kant men stiet, oan de goede of oan de forkearde, is hjir krekt ta yntrigue wurden, lykas yn it masterlike Der komt in man werom. It protest is hjir wol oanwêzich, mar hat net it lêste wurd, hwant it rint via de selsbiskuldiging út op de fraech nei de skuld. Hjir is in skriuwer oan it wurd, dy't net mei help fan in skerpe yntelliginsje psycholoochjeboartet mei himsels, mar dy't op skerpsinnige wize himsels en syn lêzers in pear fragen foarleit, dy't sels in psycholooch net biantwurdzje kin. Lizze der yn it bigjin fan wadman syn proaza-aktiviteit yn in biskate psychology forhalen, dy't it net goed op fuotten hâlde kinne, letter lizze der biskate psychyske spanningen yn it forhael en se kinne rêstich lizzen bliuwe, om't it forhael rint, fan bigjin oant ein.
Yn in essay oer folkertsma yn '52 rekket wadman op de tekst oer de forhâlding fan de essayist ta de dichter en de romancier en bisoarget de earste in waerm plakje tusken de beide lêsten yn. Wadman sjocht de dichter as ien, dy't diel hat oan de ‘oarspronklike libbensienheit’, de romancier as in man, dy't it hawwe moat fan ‘tinkstruktueren’ en de essayist as in man, dy't sawol de ienheit fan it libben as de rasionaliteit fan it tinken nedich hat en dus thús is op beide fronten. Hy is in figuer, dy't mei de yntelliginsje oan syn kritiken ynhâld jowt en, foarsafier't er dichter is, fan dyselde kritiken
| |
| |
kunstwurken wit to meitsjen. As kunstner is er, soe men sizze kinne, sa forstannich en brûk ek syn harsens, as yntellektueel is er artyst genôch om net fan de waermte fan it libben ôfsjen to kinnen. De essayist stiet net, sa seit wadman, noch fierder ôf fan de dichter as de romancier, sa't fakentiden tocht wurdt: kloos en schurer, aafjes en bloem, marsman en eliot biwize dat men as dichter essays skriuwe kin sûnder by steat to wêzen in roman to skriuwen. Nou kin men in rychje forneamde poëten wol fungearje litte as tsjûgen à décharge foar dyjingen oer, dy't de essayist derfan biskuldigje in mislearre artyst to wêzen, it is lykwols in lyts kunstke om in tal like forneamde tsjûgen à charge op it appèl forskine to litten. Kafka en thomas mann, malraux en gide binne as essayist mear bisibbe oan de romancier as oan de dichter, wylst men jin tamminga, achterberg en spanninga likemin as essayist foarstelle kin as sierksma, ter braak, multatuli en folkertsma as dichter. Wadman hat it oer de dè essayist, mar bidoelt in biskaet type essayist. Eins tsjoent er de essayist om yn in dichter mei harsens en makket, om dat slagje litte to kinnen, fan de romancier in soarte fan tinker en fan de dichter in magiër, like iensum as primityf middenmank in moderne maetskippij.
It is wadman syn anti-aesthetisisme, dat him derta bringt fan de dichter in bûtenwenstige magiër to meitsjen en de romancier min ofte mear as it kweade bist de woastyn fan it tinken yn to stjûren. Hwant ek as essayist is wadman de man, dy't protestearret, de skriuwer, hwaens aktiviteit yn it foarste plak biskaet wurdt troch de lizzing fan it front, dêr't er op oanfalt, fan de route, dy't it kritysk konfoai ûnder syn lieding fart. Hokfoar ûnderskied der ek wêze mei tusken wadman en de leden fan it trijemanskip, dêr't it lêste essay fan Kritysk Konfoai sa masterlik oer hannelet, yn har forset tsjin de aestheet binne hja op deselde wize yn it offensyf. De wurden ‘psychology’, ‘niveau’ en ‘yntelliginsje’ binne yn wadman syn essays net fan de loft en hy mei yn de Fryske Fersleare en yn it essay oer folkertsma de dichter mei van der leeuw sjen as in heale primityf - hoe frjemd om yn dat forbân de nammen fan eliot, valéry en kloos, yntellektuélen pur sang, tsjin to kommen! -, yn de polemyk mei fedde schurer oer it bigryp folksdichter wurdt de echte dichter troch wadman definiearre mei help fan it wurd ‘skok’ en de term ‘problematyk’. Hjir is de dichter dus net slachtoffer fan in soarte fan mystike, oarspronklike libbensienheit, mar krekt ien, dy't dwaende is slachtoffer ôf to wurden troch him syn geastlik komôf as in
| |
| |
probleem biwust to meitsjen. Hwa't him fordjippet yn wadman syn wurk, mei der lijen mei hawwe, himsels in magiër foar it geasteseach to roppen mei problemen, de bidoeling fan wadman is fansels dúdlik. Syn eigenbilang twingt him om it ûnderskied tusken folksdichter en ‘echte’ dichter to hanthavenjen, om't er by g. n. visser-en-dy foar syn libbenswierheden torjochte kin en by de folksdichters, dy't p. terpstra yn '46 yn in karlêzing sammele hat, net. As minske kin er gjin kontakt lizze mei de mannen, dy't der yn har folkstael mar op los rymkje, wylst de dichters, dy't anne wadman himself it problematyske fan syn bistean biwust makken, wól ta him sprekke, oft se nou marsman hjitte, slauerhoff of schurer.
Dêrom is wadman foar de poëzij oer anti-aestheet, om't it lêzen fan fersen foar him sa tige to meitsjen hat mei it eigen bistean, dat er ré is it ûnderskied út it each to forliezen tusken de produsint en de konsumint fan it parfum, dat poëzij hjit. In dichter kin foar him nea ien wêze, dy't der nou ienkear nocht oan hat en hein sa nou en dan ris hwat wurden op út de loft - ‘de woorden zelf zijn plezier’ - en likemin in fakman yn de smidte fan it wurd. Hwannear't wadman in dichter alderearst as in fakman, in wurdingenieur sjen soe, dan soe er himsels as poëzij-lêzer bidrige fiele.
Dat lêste docht bliken yn de polemyk mei schurer, dêr't op de iene bledside, ryklik apodiktysk, forklearre wurdt, dat yn de dichterij technyske feardichheit ‘net of amper in faktor fan bilang is’ en op de bledside dernêst úthâlden, it kin wêze dat in folksdichter de problematyk fan it bistean dichterlik net baes kin út poëtysk ûnformogen’, in kwaliteit, dy't dochs wol hwat mei technyske feardichheit to meitsjen hawwe moat. Wadman tinkt by technyske feardichheit oan boarterij sûnder forplichtingen, mar de forplichtingen oan dyselde feardichheit koene wolris nammersto greater wêze, neigeraden der serieuzer boarte wurdt. Wadman syn skriuwen oer poëzij bliuwt, lykas mannich essay fan fokke sierksma, fakentiden hingjen yn it protest tsjin de aestheet, ynpleats fan eigen en oaremans front al protestearjend to trochbrekken. Sok protest is op himsels de muoite wurdich en it is by de litteraire stân fan saken yn fryslân goed, dat der ien west hat dy't it oandoarde en fordigenje de rigel van visser, dêr't dy yn meidielt him de oare moarn net mear waskje to sillen; mar it is net wier, dat de tsjinwurdige dichter ‘allinnich de kar hat tusken “moralist” (yn syn meast algemiene sin) en “aestheet” (yn 'e ingste sin fan fabrikant fan moaijichheden)’, sa't wadman yn Kritysk Konfoai biweart. De rigel fan visser is net de utering fan in
| |
| |
aestheet, mar it is ek net in moraelregel; it is in lyts stikje poëzij, sa't de toanielstikken fan ionesco, dêr't de absurditeit fan it libben tsienris sa sterk yn nei foaren komt as yn alle gedichten fan wadman en visser meiinoar, litteratuer binne, d.w.s. formules fan wierheden, dy't de skriuwer fan hjoed muoisum op himsels bimasterje moat, wurden, dêr't er himsels en syn lêzers, leech as hja drige to wurden, mei ta libben opwekket.
It front fan de hjoeddeiske kunstner is noch smeller as dat fan de man, dy't mient - of alteast miend hat -, dat er net oars wêze kin as in moralist of in aestheet; it is sa smel, dat de wurden, dy't er fynt, sil it goed wêze, der útsjogge, as wiene se noch nea earder skreaun, lit stean fan sprutsen. Mei de tradysionéle skientme hawwe dy wurden neat mear to meitsjen, mei it ófskied fan dy skientme noch folle minder. De hjoeddeiske lêzer destillearret út syn dichters libbensienheit en út syn romanciers rasionéle problematyk, mar hy forjit dat allinnich dy skriuwers him yn it hert treffe, dy't dy problematyk en libbensienheit earst bimasterje op harsels mei help fan de earmoedige rykdom fan it wurd. It is net tafallich, dat in man as ter braak oer nijhoff, de dichter dy't yn syn tiid as gjin oar ompield hat mei it wurd, nea ien forstannige rigel skreaun hat.
As wadman dêrom 1952 yn in essay De Stân fan Saken fêststelt, dat de jonge fryske dichters har net fortize litte wolle yn foarmproblemen en dus mear oansluting sykje by marsman as by nijhoff, dan bitsjut dy profesij, as se útkomt, net mear mar ek net minder as de ûndergong fan de fryske poëzij. De jonge dichter, wol wadman hawwe, sil sykje om in ‘ûnmidlike útstoarting’ fan syn emoasjes en it liket, inkelde goede fersen útsûndere, der in soad op, dat hja yndied neat oars dogge as dat. Fansels, de tiid fan de sonnettebakkerij is oer, al hoecht dat út it weilitten fan punten en komma's net fuortendaliks bliken to dwaen, mar de dichter, dy't net ré is en stel himsels ûnder in nije poëtyske tucht, sil nea in goed fers skriuwe. Wadman anneksearret marsman foar syn anti-aesthetisisme, wylst it nijhoff is, dy't foar in great diel stiet efter it sykjen om in nije foarm. Dat hâldt net yn, dat nijhoff nou mar de nestor fan elke jonge dichter wurde moat, om my leaver net, mar àl, dat men fan him leare kin it ûnsinnige troch to sjen fan wadman syn stelling, dat in dichter syn frijheit foroverje moat op de tucht. De dichter moat him yndied ûntwine oan de tucht, dy't syn litteraire foargongers der op nei hâlde - gjin soan hat de plicht in kopy fan syn heit to wurden -,
| |
| |
mar allinnich om in nije, eigen tucht to winnen; hwant gjin soan dy't man ôf wurde mei, om't er him tsjin syn heit forset. It kin wêze, dat alleman fan dy nije foarm seit, dat it gjin foarm is; salang't de jonge dichter lykwols dy nije foarm sels as needsaeklik ûnderfynt, hoecht er him om sok konservatisme, dat yn saken fan kunst en religy fakentiden it taeist is, net to bikroadzjen. As men skriuwe wol, moat men it oandoare en wês iensum sûnder jinsels slachtoffer to fielen; moedich sûnder it gefoel to hawwen, dat in nije profeet dwaende is op ierde to forskinen.
Nietzsche hat ris de spreuk loslitten dat de wiere kunstner de foarm fan syn wurk as de ynhâld derfan ûnderfynt; ik leau dat men mei dit sizzen yn de efterholle wadman as essayist goed bineikomme kin. Hwant yn wadman sels mei de romancier tofolle mei tinkstruktueren arbeidzje en it mei sa wêze dat er as dichter meastentiids stykjen bliuwt yn de primitiviteit fan de direkte gefoelsútstoarting, it is ek wier, dat er as essayist de ienheit fan dy beide sterk bilibbet; men kin it sjen oan de bihearske en byldzjende styl fan syn essays en soks kin men net fan elkenien sizze, dy't him skuldich makket oan it essayisme, sa't w. f. hermans it gnyskjend neamt.
Net dat men hoopje moat, wadman soe it skriuwen fan romans oerjaen - as er se yn fryslân net kwyt kin en dat sil 't wol net, hwerom dan net yn it hollânsk? - en ek net, dat de dichter yn de fryske litteratuer sûnder bitsjutting wêze soe, mar ál is it sa, dat er as essayist en kritikaster syn foarm, dat wol sizze himsels foun hat en hjirre de dichter gjin lêst hat fan de skerpsinnige tinker en de yntellektueel tankber de meiwurking fan de kunstner akseptearret. Sawol nei de dichterlike as nei de yntellektuéle kant derfan binne wadman syn essays unyk en hat er minder forplichtingen oan de mannen fan Forum as men út syn théoryen oer de poëzij wol tinke soe.
Wadman hat nameters, faeks ek ûnder de ynfloed fan de penetrearjende essays fan fokke sierksma, ter braak syn antiaesthetisisme wol oernommen, mar dy syn forset tsjin it yntellektuélendom net. De dichter, d.w.s. de man dy't fersen skriuwt, sit wadman mear yn de wei as de yntellektueel, d.w.s. de man dy't forantwurdlik is foar de stân fan saken yn in lân, dêr't men fan jins geastlike wurksumheit in birop meitsje kin en dêr't de learaer en dominy noch altyd heger oanskreaun steane as de boer en de keapman. Wol hat ek ter braak yn syn jonge jierren in earbere dissertaesje skreaun, mar syn ôfskied fan it lân fan de dominy is tagelyk in ôfskied fan de
| |
| |
professor. Wadman fielt him dêrtsjinoer as yntellektueel minder in outsider as ter braak en duperron en is net allinne as wittenskipsman skriuwer, mar bioefenet de krityk ek mei de strangens fan de wittenskipsman. Dat docht bliken út syn Fryske Fersleare en út syn publikaesjes oer gysbert japiks, mar ek út hwat er skreaun hat oer ypk fan der fear en abe brouwer. Wadman forbetteret, doceart, toant oan de styl fan de roman oan, hwerom't er biswieren hat en neamt, hokfoar muoite him dat ek kostet, hast altyd wol hwat op, dêr't er by de skriuwer wol oer mei. Nettsjinsteande de arguminten, dêr't er himsels foare yn Kritysk Konfoai mei fordigenet, bisiket er altyd slim objektyf to wêzen en arguminten, dy't foar syn gefoel net suver litterair binne, bisiket er net jilde to litten. Earder as in biwuste non-konformist yn de litteratuer is er in soarte fan kritysk fenomenolooch, dy't foarsafier't him soks mûglik is, him altyd stelt op it niveau fan it to bisprekken boek sûnder eigen essayistysk niveau op to jaen en jo smit hat yn syn bisprek fan wadman syn essaybondel gelyk, hwannear't er him forgeliket met busken huet, dy't wadman faeks neijer stiet op dit stik as ter braak en duperron.
Wadman is tagelyk subjektiver èn objektiver as de mannen fan Forum; hy kin mear distânsje nimme fan eigen oardiel en is boppedien better by steat him yn in roman of dichtwurk yn to libjen. Yn it brûken fan syn yntellekt hat wadman hwat fan in detective. Dy kin ek net sûnder de wittenskip, net sûnder de psychology en net sûnder de grafology, fakentiden sil er de technyk derfan better bihearskje as guon faklju, dy't der gjin geheimsinnige mystearjes mei hoege útinoar to raffeljen - mar hy sil de wittenskip nea bioefenje, om't it jin sa'n aerdich tiidfordriuw jowt of om't men jinsels der in geastlik auréoal mei bisoargje kin.
It is wadman de detective, dy't litterair en musikologysk puzzlewurk út de wei set, yn in roman de nasionael-sosialistyske hâlding fan de skriuwer rûkt, efter litteraire skûlnammen komt, fryske reminisinsjes yn it wurk fan slauerhoff byinoarsneupt en de ûnderlinge relaesjes tusken duperron, marsman en ter braak sekuer wit to fotografearjen. Dyselde skerpsinnigens biwarret him der ek foar yn syn kritysk wurk gau in misse reis to dwaen, ek al forset er wolris in soad wurk sûnder folle nijsgjirrichs op it spoar to kommen. Yn de dissertaesje oer hjerre gerryts van der veen is deselde wadman oan it wurd as yn Kritysk Konfoai en dus is it boek de muoite fan it lêzen wurdich, mar it is hjir krekt oft de detective mystearjes siket to ûntsiferjen, dy't der net binne; oft er syn hiele
| |
| |
apparatuer op gong bringt, om to ûntdekken dat in gewoane doctorandus-polysjeman of byneed in ynspekteur dit ûnbidige koelywurk ek kinnen hie.
As it wier is, dat it in kunstner dan pas slagget earlik to wêzen tsjinoer himsels, as er syn foarm muoisum op himsels bimasteret, dan is ek dúdlik dat wadman as essayist mear is as yntellektueel allinnich. Neffens syn eigen litteratuer - théory is er qua essayist minder slagge as qua romancier en dichter, hwant wadman forberget him as essayist folle mear efter syn wurden as yn syn oar litterair wurk. Syn essays binne nammers de yndirekte uteringen fan in man, dy't syn litterair oardiel hieltyd wer op 'e nij hifkje moat. As romancier hat er fakentiden de psychology fan syn persoanen yn it foar al klear, as dichter nimt er lang net altyd de muoite en sykje om nije wurden, wylst elke krityk foar wadman in nij aventûr west hat en in muoisume konfrontaesje. Der is hjoeddedei yn de hollânske litteratuer gjin kritikus, ik bin der wis fan, dy't it sa tinken is mei de boeken, dy't er bisprekt. As men stuiveling of oomes, gomperts of ritter lêst of heart, moat men gnize; as men wadman lêst of heart, wurdt men altyd wer meinommen. As essayist is wadman mear as in moralist, om't de situaesje yn fryslân en yn it noarden him altyd wer twingt de hâldberens fan syn morael to ûndersykjen en hy is as sadanich kunstner, om't er hieltyd wer ré is fan it to bisprekken boek de dupe to wurden. It dichterlik aspekt fan wadman syn kritysk wurk - en dat jildt ek foar syn greate foargonger busken huet - leit hjiryn, dat er yn elk boekbisprek yn it gefjocht sit mei himsels, dat it is foar him suver needsaek elke krityk, ek elke radiokrityk, mei in lytse apology bigjinne to litten. Wadman driget fan elk boek, dat him net noasket, as frysk kritikus de dupe to wurden en it is dêrom dat er as yntellektueel mear hat fan in detective, dy't himsels yn wêzen fordigenet, as fan in soldaet yn de oanfal. It smelle front, dêr't er him efter
biskûl hâldt, is bidrige, sadré't der wer in nij produkt op syn skriuwtafel arrivearret. Dyjingen, dy't wadman syn kritysk wurk sa noflik oan de kant skouwe, rasionalisme en sa, moatte soks goed yn de rekken hawwe, hwant it is net sa, dat wadman út in heechlizzend stânpunt wei de fryske litteratuer in biskaet niveau foarskriuwe wol, mar krekt oarsom: de fryske boekeprodusinten skriuwe wadman syn niveau foar; hja biskiede ommers de lizzing fan syn front en harren skuld is it, dat wadman Kritysk Konfoai yn haedsaek follet mei essays oer minne boeken ynpleats fan syn litte- | |
| |
raire leafdes oan de lêzer to forklearjen. As wadman freget om goede fryske boeken en om in nije, aktive, oerstjûre jongerein dan freget er om in oar, in breder en in minskliker front. It fryske aspekt fan him as essayist en it dichterlike derfan binne yn wêzen ien: hy fordigenet him mei help fan syn yntellekt, om't er as skriuwer tolânne kommen is yn kontreijen, dêr't er it net noflik hat en dêr't er dochs thúsheart. Syn formules binne dan it meast dichterlik en origineel, as er twongen wurdt himsels op dit front to forwarren mei de wurden, dy't dêrta nedich binne. De ‘inleiding’ op Frieslands Dichters, foar my wadman syn bêste essay, biwiist dat fan de earste oant de lêste rigel.
Wadman syn front is smel, hwant hy bistiet it en fjochtsje alhiel op eigen manneboet sûnder diel út to meitsjen fan in litteraire clan, dêr't sa mannich dichter him nei forrin fan tiid noflik yn deljowt. Oft it mûglik is it op sa'n smel sté út to hâlden en hieltyd wer ré to wêzen de dupe to wurden, oft it kin en bliuw stean sûnder it front foroarje to litten yn in foaroardiel, allinnich de takomst kin it útwize. Dy't striidt, moat by steat wêze it gefjocht to forliezen. Achilles wie sa'n krêftich man, dat er in swakke haksine nedich hie.
|
|