De Tsjerne. Jaargang 12
(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 299]
| |
Typografyoan dr. Obe Postma
mei de ieuwenâlde
capitalis quadrata
neffens in âld
palaeografysk fragmint
fan vergilius
haw ik mathematysk
de wurden
‘dichter fan
de ljochte ierde’
yn dyn sokkel dreaun.
monumint oer
alle pleinen.
| |
Oertocht
as myn eagen
driuwe yn 'e skealjen
fan trochsichtich
wetter
| |
[pagina 300]
| |
wol ik sliepe op it wurd:
forlern
dan dôvje ik hoeden
mei myn mûle
de lêste libbensfjurren
stadich groeije skippen
driuwende út 'e nacht
en dope lytse
ljochtopjaende fisken
yn it wetter
fan it forgetten wurd:
hope.
sa giet de tiid
oer my hinne
as in bern
dat amper prate kin.
| |
Bitinking
nou't de dei út tûzen wounen
deablet is
en ús dwaze dwaen
gjin hânbré woun hat,
wurde ús tinzen
werom laet yn in stil bitinken
fan ús leave deaden
dy't foelen foar
frijheit en frede.
de klokken liede hoar en drôf
troch de stadich tichtlûkende joun,
dy't grienet en rûkt nei maeijewinen
twirjend oer in hôf.
stadich geane stoeten
nei wijde plakken
hwer't hja it credo útsizze:
leauwend yn de
weropstanning fan it flesk en
in ivich
libben.
maeije '57 |
|