| |
| |
| |
Jan Piebenga:
Fjirtich Faeringer strofen
Ta better forstean fan dit reisdeiboek mei it neifolgjende tsjinje. De strânljip of ‘tjaldur’ is de nasionale fûgel fan de Faer-Øer of, neffens de oantsjutting yn eigen tael, de Føroyar; it eigen skip, dat de forbining mei Denemarken en Noarwegen ûnderhâldt, hjit dan ek de Tjaldur; oankomst en útfeart fan dit skip yn en fan Tørshavn en Kopenhagen (op de Aziatisk Plads) bringe altyd hiele keppels Faeringers bymankoar en binne bitsjûgingen fan waerme famyljesin en freonskip. Fan de achttjin eilannen leit Svínoy fier yn it noardeasten, Mykines hielendal yn it noardwesten; beide binne min tagonklik, binammen it lêste, dêr't mar goed hûndert minsken wenje, mar dat in fûgelparadys is sûnder wjergea. It nasionale feest by útstek is Olavsøku op 29 july; lyk as safolle yn it folkslibben op de Føroyar, hat dit feest syn oarsprongen fier yn de midsieuwen. De hiele nacht troch wurdt der dan dounse, op in tige eigen en yn ús ieu unike wize. Net sa fier fan Tórshavn leit it plakje Kirkjubøur, it bysûndere histoaryske sté fan de Føroyar; dêr stiet de ruïne fan de Magnus-kathedrael, de tsjerke dy't nea ôfboud is, û.o. omdat de heidenske Friezen fan Akrabyrgi op Suduroy har hieltyd wer tsjin de biskop forset hawwe. In ‘vardin’ is in stienbult dy't yn de bergen it faek min to finen paed oanjowt; hja binne grif mei troch de earste biwenners fan de eilannen oprjochte.
| |
De reis giet oan
Is it fé oan de greide boun,
De fûgel oan loft en oan sé?
Al swalkje ik de ierde roun,
Myn skip keart werom ta syn ré:
It wiif en de bern en myn klûs,
Yn Fryslâns feilichste hûs.
| |
Stranljip by grou
Hwat foarser, foarnamer en grizer,
Hwat dommer en grif eigenwizer
Is de strânljip by ús: in mynhear.
Strak tref ik him gâns energiker,
Hwat fynder en skerper, net liker
As komt er mei 't libben nea klear.
| |
| |
| |
Nacht yn de wachtkeamer
In finz'nis, in hoal, in spelonk?
Foar ien nacht myn sliepsté, myn honk:
Langút op de bank en iksels psychiater.
't Hat neat fan Adullam, fan Mariëngaerd,
Gjin siel fynt hjir taflecht, gjin sike syn baet.
Om fiff ûre moarns bin ik minskehater.
| |
Moarns yn de stasionskofjekeamer
Hja smookt en ik drôgje. Gjin wurd.
Hoe't in tafel ta skieding soms wurdt,
In kleau, nea net oer to kommen.
In knik. Ships that pass in the night.
Hwat jowt it dat ien noch hwat seit?
It praet is allinne foar de dommen.
| |
Klok op it perron
Sa wis as de klok? Mar de klok bidraecht,
Dan krûpt er, dan fljocht er, krekt sa 't him bihaecht,
Skaft gjin ried, mar forriedt syn kunsten.
De klok hinget dêr net, de klok dat bin ik.
De tiid is gjin ûrwurk, mar hertetik,
Ien fan Gods pleagen, Gods gunsten.
| |
Iere moarn yn Kopenhagen
De moarnske stêd priuwt koele sigen,
Unwennich fielt hja har bidrige
Fan wer in nije, swiere dei.
Gjin Godfreon sjongt syn lofsong hjirre,
Hjir stiicht gjin ljurk, hjir krûpt de njirre,
Hjir stjert all' freugd yn skreppen wei.
| |
Haven fan Kopenhagen
Dit plak is ta in trochgong set,
Mar út- of yngong wit ik net,
Is 't thúskomst of is 't ôfskie?
Hwer kom ik wei, hwer sil 'k nei ta,
Hwer sil 'k in plak to rêsten ha? -
‘Tochtst’ dat Ik ea fan dy ôf wie?’
| |
| |
| |
It skip ‘Tjaldur’
It skip is sa fol as de Arke,
Nei Noach syn stim wurdt net harke,
Der komt ek gjin sûndfloed mear.
Wy boartsje en wy ite en wy drinke.
Wy sliepe. Dit skip kin net sinke.
Us skaei is mei de riedsels al klear.
| |
Op se
Dou skurte, dou tsjuster, dou oerbigjin,
Wy ploeije en ride dy, dryst fan sin,
Wy kenne dyn geheimen, dyn wetten,
Wy eangje dy, sé, mei dyn wrede tsjoen,
Wy hawwe yn dyn djipte it munster sjoen,
Skielk strikt it tús fêst yn syn netten.
| |
De kust fan Noarwegen
De hichten, de skimer, it wolkelân,
Fan séen de brekking, de wite brân,
Wy glide de rotsseame roerdend foarby.
Farwol fêstelân! Hwa wytget my
Hwer't it wikinggrêf leit?
| |
‘Bjargingarbeltir’ (reddingsgurdlen)
Boat nûmer fjouwer, seit de sloeperol,
By 't bêd dêr hinget myn rêdding al,
Op papier is it spul yn oarder.
Mar feil'ger as de Titanic koe it net,
De Lusitania sonk. - Hwa set dan de wet,
De fordjerder of de Biwarder?
| |
Reisselskip
Elk hal syn oanhâld en kin syn wurd wol kwyt,
Elk wit elk syn forhael, in boek fol wryt en slyt,
Mar swijt der oer of laket, wiis en minsklik.
De frjemde skouwe fûgel slaen hja amper acht.
Toe, lit him strûze, swalker, oars fan tael en dracht,
Lit elk syn lot en gong, dat is foar alles winsklik.
| |
| |
| |
Sesykte
Dát dicht moat noch skreaun en ik lit it wol.
Fan oarmans forhalen haw ik de mage fol
En hwa soe myn eigen lêste?
In tramtaesje, dit lijen to ûndergean,
't Leit bûten elk tinken en minsklik bistean
En dêrom lit ik 't hjir rêste.
| |
De Shetlands I: sumburgh head
Trijetûzen jier lyn kaem it folk hjir al,
It focht, buorke en fiske, en rekke yn forfal,
Sjoch it forslach fan forsonken kultueren.
Sûnt wennet hjir wikingfolk, buorket, striidt,
Krijt syn bikomst, - ynjeksje fan nije tijd, -
Emigreart en wurdt weak fan natueren.
| |
De Shetlands II: selskipsfoarsitter
Hy soe hjir komme, hat er dúdlik sein,
Wie tankber foar niget oan in folk sa forspein,
Fries en Shetlander boun ienselde biwegen...
De Fries waerd it wachtsjen mear as sêd,
De Shetlander bleau om de kjeld op syn bêd, -
Sa komme de foarsitters fanwegen.
| |
De Shetlands III: Scalloway
It sliepende doarp mei it stikken kastiel
Is Ingelsk, Atlantysk; histoarysk juwiel
Of oantins oan wikingtiid mei it net hjitte.
Dochs broze it libben hjir iens ot de groun,
Fleach tel him to pletter, as hie 't him forboun
Mei gloarje en striidglâns de dea yn to sjitten.
| |
De Føroyar yn it sicht
Myn pylgertocht komt ta syn doel:
Hoe 't byld yn 't goede brânpunt foel!
De swalker fynt syn haven.
It hert slacht rêd, it sin slacht los.
Myn winsk fuortoan? Neat leaver as
Rûch selskip: rotgâns en raven,
| |
| |
| |
De Tjaldur
De earste moarn daliks syn felle rop.
Ik sjoch him út 't finster: syn âldske kop,
Syn seldsum postuer fan swartwite reabek,
Hy gunt my gjin rêst, wûnderfrjemd symboal,
Hy jaget my op, driuwt my tút 't waerm hoal, -
Hwat let my dat 'k him kâldwei deastek?
| |
Bikoar foar my!
Dy't ienris 't anker falle liet
Yn wyk of fjord, ken 't trou fortriet
Fan skrik en blide ûnwennichheit:
Wol liifsbihâld, mar taflecht net.
Hy wurdt wer opdreaun ier of let,
Him bliuwt de âlde ienkennichheit.
| |
Brulloft yn Eidi
Sei feint, gjin getsjirm en gefûter!
Falst' fuort mei de noas yn de bûter
En giest' lyk as Tsjerne to gast!
Mar swij dochs oer 't beestich bealgjen,
Dyn buorman hoecht neat to ealgjen -
En dóu hast dochs dien hwat dy past?
| |
Faeringer douns
Dounsje as hiestou de duvel yn,
Dounsje de nacht út ta sinneskyn,
Dounsje de deaden ta libben.
Heakje de hannen, in rige lang,
Bochtsje en roeikje, in glêdde slang,
Sjong dy it hert út de ribben.
| |
Kirkjubøur
Fansels, de Friezen ha 't wer dien,
Ha tsjin de hill'ge biskop stien,
Ha, heidensk folk, it krtús bistriden.
Nou stiet de Dom hjir sûnder dak,
Gods sinne skynt op ider plak, -
Moat ik hjir dan oan 't skuldbiliden?
| |
| |
| |
Paedwizer (vardin)
Hwa lei hjir lang lyn dochs de earste stien,
Hwa hat der de lêste hantaest oan dien,
Hwa gyng hjir foar my net syn wegen?
Dy dei doe't ik doarme yn stienwoastenij,
Dou stienbult, myn libben, myn leafste wiest' my,
'k Omearme dy, tankber, forlegen.
| |
Mykines I: It eilan
Eilân yn stoarm en stream,
Doel fan myn bangste dream,
Foarpost yn wyldste weagen,
Briek ek de lêste beagen.
| |
Mykines II: De haven
In kleau dêr't in toer yn fordwynt,
De sinne gjin boaijem yn fynt,
De weagen har tjirgje en formeitsje.
In gloppe en gloai, wif taflechtsoard,
Bidriging aloan foar it boat
Dêr't eilân en wrâld elkoar reitsje.
| |
Mykines III: It waer
Hwat seit de loft, hwat it waerbirjocht,
Hwer sit de wyn, hwat dy damp aenst ris docht,
Hoe sil 't gean, kin it boat hjoed komme?
Dei út dei yn wer itselde petear,
Ientoanich dramatyske needlotssfear.
't Wurdt stjûrd, 't is ús oplein, seit de fromme.
| |
Mykines IV: It doarp
Protsje huzen, smûk, bleu, ticht by de groun,
Wjitt'ring, brêge, hwat bern en in houn,
Forware it tsjerkje, it krús yn de hichte.
Gjin lûd as de wyn en de fûgelskreau.
Elk rint hjir sunich, elk praet hjir sleau,
Elk is foar 't ûnkearbere swichte.
| |
| |
| |
Mykines V: De fugels
Dit is jim ryk, hwat haw ik hjir to dwaen?
Kin ik soms fleane, doar 'k my ôf to jaen
Op rotsweach, klif of yn de djippe dining?
Oergunstich sjoch 'k jim feart, jim felle swang,
Mar tinkend oan de dou dan wurd ik bang:
Keas God jim net ta byld fan syn forskining?
| |
Mykines VI: It Ofskie
Wy stiene om de tafel, de mulriem fêst.
De drank wie deugdsum, it brea wie bêst,
De bea wie amper forklonken.
Sa stiene iens de mannen fan Israël,
Sa sonk yn dy ûre de Geast op har del, -
Mar hwat lân is oan my nou skonken?
| |
Mykines VII: De oertocht
Farwol, farwol, sjoch net om nei dy't bliuwe,
Forjit dy't dêr steane, dy't roppe en wiuwe,
Foarby is de dream nou, de kampslach bigjint.
De baren oerstjalpje ús, hoe stegert de stjûne,
Ien misset fan 't stjûr en wy geane to groune, -
Hwat haven is 't, dy't dit smel skip birint?
| |
Olavsøku I: It feest
Brek ien dei yn 't jier út dyn stil bistean,
De ponge dochst fol, nim dyn foarfaers klean,
Dou silst folk en freonen bigroetsje.
Dou past wol yn Tórshavn in hûs-fan-hâldoan,
De gastfrije tafels stean ré, dat skik oan -
Allinne by 't glês kinst de minske moetsje.
| |
Olavsøku II: De drank
In pear dagen los, frij fan arbeid en plicht,
Bifrijd fan de bân, o, it sin wurdt sa licht,
De swijsume earnst is tobrutsen.
Kom flesse, dou treaster, ûntbyn ús dit skoft,
De dei is sa lang en sa ljocht bliuwt de loft,
Hei, hwat wurdt der songen en sprutsen!
| |
| |
| |
Olavsøku: III: De kriich
Gjin motorgejei hjir, gjin rock and roll.
't Jongfolk rist ta kriich him en kriich wurdt it wol
Hwat roeijers en riders dizz' dei fortoane.
De fammen dogg' mei; hoe rjocht snijt har boat,
Hoe drave har hynders! In eale float
En moai slach hoars wurde mei gloarje kroane.
| |
Olavsøku IV. Op hus oan
‘It feest is dien, leech is de pong.
't Is krekt oft 'k jitte dounsje en sjong,
Dat 'k my bidronk sa bûten mjitte...
'k Moat oan it wurk, it hea moat yn,
De turf is droech, 't is fûgelwyn,
De winter komt, noch effen switte!’
| |
Svinoy I: De foarberch
Ik sit yn de sinne, allinne op de wrâld,
Stôk tusken de skonken, myn honk en myn hâld
En foar my de ôfgroun, de djipte.
De holle dy tiist my, hoe griist my dit grêf.
Hwat rots leun ik fêst op, of rêst 'k op de Stêf
Dy't de uterste sé-igge tipte?
| |
Svinoy II: It doarp
It doarp stjert stadichoan, it jongfolk lûkt hjir wei,
Fynt oars syn brea en nocht; hjir bliuwt de âlde dei,
Forwoeksen mei de groun, bihurde yn 't swiere swijen.
Hwat seit de minske noch? It waer hal 't iennichst wurd.
Hwat seit de fiere wrâld? It algemiene nut
Fan boer en fisker bliuwt. Mar ivich bliuwt it lijen.
| |
It ofskie
‘Jo komme gau wer, nou?’ is hieltyd de fraech.
Goefreon fan om fierrens, hja sjogge him graech,
Hy is der faek skjin mei forlegen.
Hja bringe 'm nei 't boat, wiuwe lang, wiuwe gol.
Hwerom wurdt de Fries dan yniens 't moed sa fol, -
Of skiede foargoed hjoed ús wegen?
| |
| |
| |
Mei de ‘Tjaldur’ op se
De dei is sa lang op dit foltroppe skip,
De nacht pestilint. In ûneachlike stip
Roeit wif troch de bluistrige weagen.
Gjin strânljip strykt del, fan gjin fûgel it liet.
O pleach fan masines! Oer 't duvelske wiet
In dream: twa ûnwennige eagen.
| |
Aziatisk plads yn Kopenhagen
Dêr wurdt it eilân lân, dêr leit de boaijem sljocht,
Bigjint kultuer, comfort, is 't libben rom en rjocht,
Dêr skynt de sinne faek en reint it net sa folle.
Dêr pleagat altyd langst nei 't fiere noarderlân,
Nei 't koeze hûs en doarp, nei memme sêfte hân,
Dêr soe men berch en elf en fûgels wersjen wolle.
| |
Op it stasion to Ljouwert
Hjir is 't sa eptich, plat, leech by de groun,
Hjir hat elk minsk syn doel en dogma foun,
Hjir is de boarger baes yn beurs en blokhús.
Mar liz ik hjir, oan Fryslâns hert, net fêst?
Keart hjir de fûgel net werom ta 't nêst,
Ta 't smûk krûpyn, op ierde 't waermste klokhús?
|
|