De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 289] [p. 289] [Nummer 10] Rixt: Negro spirituals De negers sjonge, God komt del. O stjit my tobek yn it primitive dat 'k by myn donkere bruorren kom. Mei harren wol 'k sjonge en slaen op 'e tromme en jubeljend foar Jins antlit komme. Rombom, rombom, rombom, rombom. God, stomp my yn 't primitive werom. De negers sjonge en God komt del. God dy't wy sa faken bjuster binne, fêstichheit dy't wy net wer fine kinne, wy binne stiel, wy binne stien, mei nearne gloede en nearne in trien, petearjend en hifkjend, twiveljend, wifkjend, myld glimkjend om himel en om hel, mar de negers sjonge en God komt del. De negers sjonge, God komt del. O stjit my tobek yn it primitive dat 'k by myn donkere bruorren kom. Mei harren wol 'k sjonge en slaen op 'e tromme en jubeljend foar Jins antlit komme. Rombom, rombom, rombom, rombom. God, stomp my yn 't primitive werom. Vorige Volgende