is altiten fan herten wolkom, binammen as it de kar en it wurk is fan in oersetter fan namme. En dat meije wy yn dit gefal Marten Sikkema wol neame, hwant hy is sûnder mis yn Fryslân de alsidichste en produktyfste oersetter fan dizze tiid. Mei in fersebondel en in roman út it Sweedsk, toaniel út it Dútsk, Ingelsk en Amerikaensk, forsprate poëzij út ûnderskate talen, koarte forhalen, folkslieten, berneferskes lyksa, bistrykt er alle mêd, liket it. Alsidich en produktyf as ien, mar ‘it gehalte’? sil der frege wurde. Wy hawwe De Ballade fan Reading Gaol dêr jitris op bisjoen.
The Ballad of Reading Gaol is wis Oscar Wilde's bêste fers; in oandwaenlik forhael oer it ophingjen fan in soldaet, sa't dat sjoen wurdt troch de oare finzenen, dêr't Wilde sels ien fan wie. It ritme fan dit gedicht is grif biynfloede troch dat fan de Rime of the Ancient Mariner fan Coleridge; ek de âlde folksballaden mei har parallellismen moatte de dichter foar eagen stien hawwe.
Hwat dizze foarmjowingskant oangiet kin men oarsn't sizze as dat de Fryske oersetter it Ingelske foarbyld deun op 'e side bleaun is. De kadâns fan it origineel is sa goed biwarre bleaun, al moat it spitich hjitte, dat it Sikkema net oeral, en soms net al to goed, slagge is in moai wichtich elemint as it binnenrym to hanthavenjen:
En gauris sei er: ik bin bliid (bls. 24)
(He often said that he was glad)
Syn heraut kaem foar mei 't ûnsillich snoer (bls. 32)
(So with rope of shame the Herald came)
Op it stik fan de saeklike ynhâld kin men hjir en dêr ek sa wolris in grúske fine: ‘traktaesje’ (bls. 23) sil wol in printflater foar ‘traktaetsje’ wêze, nimme wy oan, mar der binne altomets by neijer ynsjen fan dy glêdde lytse stoplapkes, bitsjuttingsforoarinkjes en weilittinkjes, binammen om de saek rinnend en rimend to hâlden, trouwens sûnder de sfear fan it origineel to forsteuren dat makket:
Wy naeiden sekken, kappen stien
En draeiden 't boardersreau,
Wy ratt'len, âllen, switten yn
De moune, dat it dreau; (bls. 25)
(We sewed the sacks, we broke the stones,
We turned the dusty drill:
We banged the tins and bawled the hymns,
And sweated on the mill...)
‘padlocked door’ wurdt ‘dôve doarren’ (bls. 28)
‘moon-white steed’ wurdt ‘glânzgjend hynder’ (bls. 32)
Soksoarte dingen komt fansels elke oersetter foar to stean. Faek moat hy kieze: òf de foarm hâlde en de ynhâld skeine, òf de ynhâld sa folslein mooglik werjaen en dan de foarm gewelt oan dwaen. Yn 'e omstannichheden kiest er dan uteraerd it bilangrykste en lit er it fers it minst foroarje of forearmje, yn 'e wittenskip dat it yn alle gefal doch hwat earmer of oars wurde moàt.
It is de fortsjinste fan Marten Sikkema dat men yn syn oersetting fan wrakseljen mei sokke problemen suver neat fornimt. Men krijt