De Tsjerne. Jaargang 12
(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 151]
| |
Y. Poortinga:
| |
[pagina 152]
| |
nimlike, forûnderstelling dy't Kalma yn syn keningsdrama's útwurket. In Welshe kening út de 10de ieu, Hywel Dda, hat in hiele wets-kode opmakke oangeande it plak fan de dichters oan it Welshe keningshôf. Der wiene trije graden ûnder de dichters oan it hôf, dy fan haeddichter, hûsdichter en minstreel-jongleur. De lêste stie sa leech dat syn rjochten net apart by de wet fêstlein hoegden to wurden (hy sil wol gjin frij man west hawwe), mar fan de beide oaren wurde rjochten en plichten moai krekt omskreaun. De hûspoëet fan de kening hie al gâns rjochten en plichten. Hy moast de deis fan de slach bygelyks in helthaftige of oanfiterjende sang sjonge. Pencerdd (haeddichter) waerd men as men in stoel woun. (De neiwurking dêrfan sjocht men noch op de hjoeddeiske Eisteddfod, dêr't ek in kroan of in stoel to winnen binne). Syn sit stie tichte by dy fan de kening; allinne de preester siet tusken him en de kroanprins yn. Hy wie ien fan de 24 hofamtners, hie fêste ynkomsten en autoriteit oer de oare dichters - hy sleat bygelyks de houliken fan har dochters. As de kening om in sang frege, song er earst twa lieten ta eare fan God en ien dy't oer foarsten hannele. De wetlike wearde fan syn harpe wie like heech as dy fan de kening sines sels. Dat wie kodifikaesje fan rjocht en sede út de tiid ear't de Normandyske foroverers kamen. Mar yn 1285 wie it noch wet, en sels lang nei't it hofhâlden fan de lêste Welshe kening ophâlden wie, gou dy kode noch yn de forhâlding tusken de lytsere lânhearren en har hûsdichters. Pas oan de ein fan de 14de ieu hongen de dichters mear fan de biskerming en de gastfrijens fan har breahearren ôf as dat se wetlik fêstleine rjochten jilde litte koene. Sa koe it barre, dat wylst yn oare kontreijen de oerlevere dichtkunst út dizze iere tiden it measte oan de kleasters to tankjen hat - ek foar de âlde Keltyske litteratuer fan Ierlân is dat bygelyks it gefal - yn Wales de geastlikheit op it stik fan de litteratuer yn de midsieuwen suver gjin rol spilet. Dat der safolle dichte en navenant ek safolle biwarre bleaun is, hat Wales oan syn hofkultuer to tankjen. De wylde tiden, ynlânske feten en binearing fan bûten, hawwe de ûnûnderbrutsen stream fan de dichting - dêr't ek somlike foarsten sels ta bydroegen hawwe - nea opkeare kinnen. In twadde bisûnderheit is, dat sa'n hege kultuer ûntstean koe sûnder stêdden. Winliken is de Welshe kultuer altiten | |
[pagina t.o. 152]
| |
DE HULDIGING FAN DE BARD
Nasionale Eisteddfod yn Wales (foto South Wales Eveniog Post) | |
[pagina 153]
| |
eat bleaun, dêr't de stêd, de greate stêd foaral, frjemd oan bleaun is. Foar de moderne tiid mei syn folle greater konsintraesje op stêdden is dat krekt as yn Fryslân in noedlik forskynsel. Stadichoan foroaret dan de posysje fan de dichter yn Wales. Yn 1282 sneuvele Llywelyn ap Gruffydd, de lêste foarst dy't oer hiele Wales regearre. Pas yn 1536 gou de Ingelske rjochtsoarder foar Wales; yn de ieuwen dêrtusken wie der net in rjochtssysteem foar it hiele lân jildich - yn de ûnderskate Fryske Sélannen wie it net folle oars -; sadwaende roun it njonkenlytsen ek frijhwat trochinoar mei de âlde rjochtsposysje fan de poëten. De ûnderskieding tusken haed- en hûsdichter forfoel bygelyks. De greatsten ûnder harren wiene needsake ta in mear of minder rounreizgjend libben. De dichters sels bisochten it forfal fan har âlde oarder op to kearen. Dêrfoar hâldden hja op ûngeregelde tiden har gearkomsten, dy't men mei hwat frijichheit wol as de foarrinders fan de moderne Eisteddfodau biskôgje mei. De Welshe dichters wiene de hiele midsieuwen troch fan adellike stân; hja fierden it swurd as it moast like goed as de pinne. Pas by de greate dichters fan de 14de ieu komt hwat in oar type nei foarren. Dafydd ap Gwilym bygelyks, wol as de greatste Welshe dichter fan alle tiden biskôge, nimt himsels, hoewol ek fan adellike berte, lang sa wichtich net, of oars nimt er tominsten syn eigen persoanaezje op in hiel oare, folle moderner wize wichtich. Hy stelt him bytiden oan as de eksintrike gek; yn syn wurk jowt er himsels, ek syn swakke kanten, folle mear bleat; hy en syn konfraters skriuwe spoten skimpdichten op inoar, of de iene skriuwt grêfskriften of roudichten op de oare... as dy noch springlibben is. It heroyske giet der ôf, it troubadoureftige komt der foar yn it plak. Fan de 16de ieu ôf is it wurk fan wer in nij type dichters oerlevere, fan de clerwyr, swalkjende poëten fan de leechste rang, wjergader fan de clerici vagantes fan it kontinint. De 16de ieu bringt ek wurk fan foarname lju, dy't inkeld mar by gelegenheit ris dichtwurk skreauwen; hwat út earder tiden oerlevere is, wie wurk fan mannen foar hwa't de dichtkunst in birop is - de pear niisneamde dichtsjende foarsten útsûndere. De 18de ieu moast it meast fan de inkelde Welsh-talige studearre lju hawwe, bygelyks fan non-konformistyske domenys. Pas de lêste oardel ieu likernôch lit it forskaet fan letterkundigen sjen dat men rounom to wrâld moetet - allinne it tal ienfâldige plattelânsdichters en -skriuwers hat foaral yn de | |
[pagina 154]
| |
foarige ieu wol ekstra great west - hwat út de posysje fan it Welsh wol to forklearjen is. Ek dêryn is folle oerienkomst mei de Fryske folksskriuwers fan de foarige ieu - mear trouwens as der bisibbens yn it wurk is. Nei't Wales yn 't lêst fan de 19de ieu syn eigen universitair underwiis krige hat, is de dichter en de litterair-histoarikus mei akademyske oplieding mear nei foaren kommen, tige faek yn ien persoan forienige. De saneamde Bangor-skoalle hat hwat dat oanbilanget goed wurk dien. Ek hjir is in parallel mei hwat yn Fryslân sûnt 1915 foroare is.
It aparte plak dat de dichter yn it Welshe folkslibben ynnimt, hat it foar in part to tankjen oan de nasionale Eisteddfod, dy't alle jierren hâlden wurdt, om bar yn Noard- en yn Súd-Wales. It is in kultureel feest, dat in wike duorret en tûzenen en jitris tûzenen minsken, net it minst út it ienfâldige folk, lûkt. Sintrael steane sang en dichtkunst, hoewol't ek de plastyske kunsten en de ambachtskunst net forgetten wurde. It elemint kriich spilet in greate rol. Oan it feit dat der to bikroanen dichtwurk ynstjûrd wurde moat, hat al gâns poëzij har ûntstean to tankjen, ek fan de alderbêste. Yn de Keltyske dichtkunst spilet nammentlik nêst de bisieling ek it ambachtlike in greate rol. Hja ûnderskiede ‘frije’ en ‘boune’ poëzij, en dy eigenskipswurden hawwe in hiel oare bitsjutting as by ús. In sonnet bygelyks hjit by de Welshmen in frij Pers. De boune poëzij birêst op tige âlde easken oan binnenrym en alliteraesje, dy't in fers foar ús gefoel ta hwat formeels en kunstmjittichs meitsje soene, mar dy't de Welshe dichters ta it heechste kinnen ynspirearje en wûnderlikernôch ek it ear fan de sljochtwei harker of lêzer streakje. Op de Eisteddfod kin men yn beide soarten eare winne. De dichter yn Wales het syn oansjen nei wierskyn foar in oar part to tankjen oan it greate plak, dat de sang yn it folkslibben ynnimt. De Welsmen kinne bisûnder goed sjonge en hawwe in greate skat fan eigen lieten ta har foldwaen. De Fryske lieteboeken mei har foar in great part ûntliende sangen falle dêr totael by wei. Bihalven de gewoane folkslieten sjonge hja ek tige graech - it is in protestansk folk - har geastlike hymnen of gesangen. Oars as by ús wer binne dat gjin oersettingen, mar lieten mei originele wurden en wizen, foar in great part yn de lêste ieuwen ûntstien. De wurden binne faek makke troch de bêste Welshe dichters. De komponisten binne soms minsken sûnder bisûndere muzikale foarming, mar dy't yn steat west hawwe har spanningen of sielestimmingen yn | |
[pagina 155]
| |
in melody fêst to lizzen. Sa is fan ien hymne bygelyks bikend, dat er makke is, doe't in man op it hynder op in sompige flakte mei de dea foar eagen binachte. Dizze hymnen wurde rounom dêr't in kloft Welshmen byinoar is, hast altyd sûnder dat soks organisearre is, ynset. Dat bart bygelyks as hja by in fuotbalmatch wachtsje moatte! By ús hie men dat yn it foarige in bulte mei de psalmen, dy't ek op merken en by oare setten en pretten ophelle waerden (lês bygelyks De Noarger Rún fan Eeltsje Halbertsma, of In brulloft yn 'e Wâlden fan Tsjibbe Gearts). Eigentlik is it ek alhiel gjin wûnder, dat it folk op sokke stuiten syn moaiste en fortroudste lieten sjonge wol - it mei as biwiis foar in noch net bidoarne muzikale smaek jilde. Yn alle gefallen, de Welshmen hâlde op dizze manear ek it wurk fan har bêste dichters yn libbene eare. |
|