It konflikt leit dúdlikernôch sa: Durk hat in faem, mar letter moetet er in oare faem, dy't him like lokkich, sa net lokkiger, meitsje kin as Joke. Ut it forhael blykt nammers tusken Durk en Joke amper mear as Seelensympathie, wylst de frijscènes Durk-Anneke gloeije fan erotyske spanning. Jown dizze situaesje leit it foar de hân, dat Durk syn kar tusken Joke en Anneke, tusken twa ûngelikense froulju en twa soarten fan leafde, de yntrigue fan de roman foarmje sil. Mar dy hat mefrou Weening net wollen, net oankinnen, of - en dat liket it meast wierskynlik - net oandoard.
Hja hat oanlein op trije minskeherten, mar de moed net hawn om de hoanne oer to heljen. In bigjinnend romanskriuwer, en binammen in kristlik skriuwer, hat moed nedich om ûnder de eagen fan syn lêzers ôf to stekken nei sûndige ûngrounen fan it minskehert, hwant hy jowt himsels bleat. Dy moed mist mefrou Weening yn dit boek. De doarpsmorael en de kristlike noarm moatte earbiedige wurde. Dêrom mijt hja it konflikt en stelt dat Durk syn kar a priori dien is. Dêrmei hat hja harsels de kâns út de hannen slein om in forhael mei de foar in roman needsaeklike spanning to skriuwen. Hja lit Durk en Anneke rûke oan de forbeane frucht, mar ropt fuort dy har gewisse to help om it spantsje mei in nare rook yn de noasters foar de sûnde op de flecht to jeijen. It stiet fuort ek al fêst, dat Durk Joke syn misstappen opbychtsje sil, sadré hja wer thús is, dat Durk hoecht hjir ek gjin kar to dwaen. Dêrtrocht is Loslitte net mear wurden as in frij aerdich slagge oefening yn it skriuwen fan in flot lêsboek.
Fortelle kin de skriuwster wol. Hieltyd kriget men as lêzer it gefoel, dat mefrou Weening by jin oer de hage hinget en op nijsgjirrige wize it lêste doarpsnijs oerbringt. It forhael rint goed, der sit op de krekte mominten feart en hwat spanning yn, hwat net ta de saek docht bliuwt yn de dize, hja forfeelt jin net mei geografyske bisûnderheden en waerbirjochten en praet sympathyk en op it stik oan oer har persoanen. Men soe der it omwaskjen wier efter foar stean litte.
Mar mefrou Weening linet net by my of hwa ek oer de hage. Hja hat har forhael opskreaun, forstjûrd nei in jury foar it takennnen fan romanprizen en der in twadde priis fan de K.F.F.B. mei woun. En dat foroaret de saek. Dan mei men in kritysk taelgebrûk en in forsoarge styl forwachtsje en wurdt de lêzer mei rjocht brûkel as er njonken de argewaesje oer opbliesde pikelsûnden noch hagepraet oan de holle kriget (‘it kin foar itselde nou?’ ‘...soe se wol sizze’, en de skriuwster