De Tsjerne. Jaargang 12
(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 147]
| |
Museum
hol bin 'k
en swink
de mage om
de trom
fan uganda is bispand
mei slangelear
sear
docht it earne
yn mij
frij
to wêzen
de glêzen
en romers lokje
en noegje
sûgje
lykwols it bloed
mij net
ûnder de
neilen
wei
|
|