nei hûs, dêr't de famylje wylst kommen wie. Wit-hoe-machtich om 'e tafel. Prate, prate, gjin tiid om ta jinsels to kommen.
De jouns it greate feest yn 'e seal. De lju koenen der mar amper yn. It fanfare mei in serenade. Master en juffer mei de bern op 'e earesit. Jeuchlik siet hja neist Tsjerk. Hja hie har freugde wol oan it feest. De iene nei de oare krige it wurd. Dêr bleau it net by. It skoalbistjûr joech in machtich radiotastel. It personiel hie in lêslampe. Hja krigen boeken en blommen. It Griene Krús kaem mei hwat del, en de Wykforpleging bleau net binefter.
‘Wy wurde wol eare’, lústere Tsjerk.
Marijke knikte.
En doe ynienen wie it der wer. Hja seach gjin seal mear. Ut 'e fierte hearde hja de lûden mar mear... Dy joun, doe't hja togearre it Juffersdykje út gien wienen. De wrâld hie fan har togearre west. Efter by it wite stek hie er har syn plannen forteld. Syn takomst wie makke. De wrâld lei foar him iepen: Berlyn, Wenen, Parys, Rome. En letter?
‘Letter geane wy togearre, tink ris ta, Marike.’
Marijke Weening suchte. Hy hie yndied de wrâld sjoen. De suksessen yn de konsertsealen, dêr't er fan dreamd hie, wienen útbleaun. Syn iennichste suksessen hie er by froulju hawn.
‘Warmold....’ Mar hwa wit as it net oars gien wie, as hja doe....
Mar dy joun by harres efterhûs, doe't der net ien thús wie.... Hja hienen it net dwaen moatten. It wie fiersten to dryst.... Hja hienen earst goed foarsichtich west, Warmold wie efter oer de sleat sprongen, nimmen dy't him sjoen hie.
Hy hie syn smelle, wite hannen op har skouders lein. ‘Marike”, hie er lústere, ‘Marike, dû bist foar altyd fan my....’
Syn dûnkere eagen koe hja noch foar har krije. Dat hie de lêste joun west. Fan harren Simen wienen se bistrúnd. Hy moast alles heard ha. Alles. It mocht noch altyd in wûnder hjitte, dat heit doe gjin biroerte krigen hie.
‘Dû soest dy oan sa'n ien forslingerje? Oan sa'n ien?’
Hy hie it brûs op 'e mûle hawn. It wie útrekke fansels. Hja hie gjin kar hawn. Mar as...
De hammerslaggen fan de seremoanjemaster rôpen har ta de oarder.
‘Wy krije nou in ienakter fan, ik kin wol sizze de famylje Weening, twa broers en twa susters’.
‘De bern fan ús Simen’, lústere Marijke. It gordyn gie omheech. De âldste jonge fan Simen siet mei in oanplakt burdtsje en de piip oan by de tafel. Syn suster foar him oer