De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 137] [p. 137] Durk van der Ploeg: Fannacht fannacht doe't wy sliepten yn elkoars hânpalm stie bûten it ljocht fan in evangelysk barren, teagen wize mannen nei bethlehim, songen ingelen yn efrata's fjilden wilens Marije wizen njuente by de krêbbe fan it bern. fannacht doe't wy sliepten yn elkoars hânpalm wie Kristus oer ús weitsjend. Ik wol wetter weze ik wol wetter wêze streamend wetter dat aloan krêftiger wurdt, in rivier allyk. mar it is slimmer wyn to wêzen stilsteand yn in suver glês of bloedeigen oan Kristus jin to smiten yn de stream fan moarn en oaremoarn. [pagina 138] [p. 138] Mikroskopysk tusken ús is it amjen in ekstatyske macht binne ús mûlen twa wiffe poalen yn 'e sirkel fan ien wurd is de hertslach de registraesje fan ús yntuysjes dan wurdt alles lichem amoebe as wy ûntweitsje binne wy autochtonen bistou autoklaaf Rembrandtplein de krânse oan dyn fuotten forgielet de hjerst stiet yn it park as in stille bitinking. blêdden saeije del yn it gers. sjochstou dan net dat de kleuren hjerstich binne. toe dan Rembrandt, krij dyn palet krij dyn pinsiel it sûzjende forkear fornimt it net de ieuwen amje etter dyn hân. [pagina 139] [p. 139] Tiid forlitten stêd dêr't de sinne djippe skaden lûkt troch de middei dy't op it plein leit to bleakerjen op 'e treppen fan it bankgebou boartsje bern yn har eigen koelte en telle de knikkerts ien twa trije soms geane greate minsken by de treppen op hawwe oars gjin omtinken as it loket dêr't de sinne boartet oer koel bankpapier dal risselt tusken linige fingerseinen ien twa trije tûzen. God God, skriuw my mei jou finger ... blank op it wetter - de wurden foar fan ljocht en heil ... in iepen doar - en lit my taeste en bidjipje oant ik de stien fyn de ieuwenstien ivich. [pagina 140] [p. 140] Foar W.L.M.E. van Leeuwen ... want een gedicht is een geladen mijn: de exegese moet zeker niet beogen de mijn te demonteren, integendeel: zij moet in den lezer tot explosie worden gebracht... Ut Drift en bezinning myn fersen binn' gjin laden minen dy't eksplodearje yn 'e siele fan de lêzer, mar folle mear wûndere wurdberten dy't taestend sykje nei tinzen oer libben en dea hjoed en moarn bistean en net bistean skepping en herskepping lûd en lûdleas poëzij en died of binne by need in opstannich laitsjen ûnder fjouwer eagen. _____ blanke fisk leit op 'e boaijem fan it boat rêd ammet it loftliddich koart bistean troch de reade kiuwen ljochte miuwen saeije lâns in swarte loft [pagina 141] [p. 141] wyn en wetter slane tsjin in djippe kust to pletter _____ ús libbenspoalen binne libbenslang finzen yn 'e tiid as in inkelfâldich godsbigryp yn tûzenfâldige wiisheit dei oan dei drage wy it libben yn ús atomistysk amje wy de djipste siken út de hertstocht fan it lichem it forline oertsjûgjend fan in eksistinsiële wurking tûzenris sterker as de wetterstofbom hwant it lytse bigjinsel fan de oerkrêft yn ús is de praehistoaryske libbensbifêstiging dy't God naffens eigen tiidmjitte skreau yn it boek dat alle tiden oerhearsket de praedestinaesje fan simpele sielen. [pagina 142] [p. 142] Hjerst I de frou giet op 'e hûken om it hús en sammelt blêdden ût grint wilens de tiid him hjerstich om har hannen wynt. bern boartsje der oan foarby drave troch it hôf en skrasse harren namme yn de farske skyl fan 'e apelbeam: hiëroglyfysk. it hiem baeit him planologysk yn de reade sinne it sintelpaed is dûbelread de wite muorre dêr't de klimmer him as in dûnkere liaen yn fêstfret is it biskreaune laei fan in fredich hûs. de joun stiet dûnker yn it tún lette roazen rotsje wei yn de parken de beammen binn' ploaitse yn it rút is de gloed fan sinne dôve [pagina 143] [p. 143] heukerich stiet de man op it efterhiem de damp lûkt it fjild ticht it jiermel is fol. II nou tynt it libben ta djipper dieden bûten de palissaden fan it deistich bistean: wytflammich djip as de kleur fan wetter koartammich fan hertstocht as in blêd fallend tusken de paden. Vorige Volgende