| |
| |
| |
Ypk fan der Fear:
De evangeeljeprekers
It wie hjir noch mar krekt geande mei Janom, of dêr wie Mink en krige ûnderdak by ús mem. Alteast de earste wike, hwant hy hat ek by Janom yn it koetshús taholden, en fierders hat er mei him de boer op west. Hy krige yn dy tiid in oare gong oer him. Fan toe-mar-it-is-net-oars, wie er, ik soe hast sizze bifoardere ta siz-der-mar-ris-hwat-fan, en dy foroaring wjerspegele him yn it ynfieren omheechhâlden fan de holle, mar dy't dan fanwegen syn figuer hast plat op 'e hege rêch kaem to lizzen. Janom bigoun ek al oars to rinnen, tocht my.
De stjit ta it ûndernimmen lei by ús pake Jitse, dy hie altyd mei bolkuorren roun, mar wie krekt op in breakarre oergien.
‘Dat hat altyd myn libbensidéael west, it safier to bringen’, sei er, as de minsken him spotsk of jaloersk priizgen om syn foarútgong.
Us pake Jitse wie in nuver man. Op in moarn, doe't er mei de nije karre in ein bûten de buorren roun, seach er ta syn skrik ús Janom as in boskdivel út in droege sleat oprizen. Pake wie byleauwich, syn earste reêksje wie mei in stomp en in stjit de karre delsette en ûtnaeije. Mar tagelyk dat er it die, reälisearre er him, dat it Janom mar wie. Om't er al in pear stappen fansiden dien hie, koe er mei goed fatsoen net werom, en dêrom roun er troch nei de oare kant fan de wei, sabeare as wie dêr oer de hage fan in boerehiem hiel hwat to merkbiten. Lykwols, der wie oars neat as in hoanne, dy't dêr steatlik omtrêdde.
‘Goeijendei’, sei ús pake tsjin de hoanne.
Hy wachte efkes, draeide him om en stoep hurd wer nei de karre ta, as soe Janom dy stelle kinne. Doe makke er in misset, hwant hy die net krekt as fornaem er Janom foar it earst, hy seach him net oan, mar praette wol tsjin him.
‘It stiet der ek al net bêst foar mei in minske’, skreaude er, ‘as in hoanne him de tiid fan de dei net iens sizze wol, Jan.’
Janom mei hier en klean fol rûchte en de lea fol kater, makke inkelde lange passen nei de hage ta, kipe der oer hinne en sei ek: Dei hoanne.’
En fuort bigoun de hoanne to kraeijen, dat it in leafhawwerij wie.
‘Dat is in teken, Jan’, rôp ús pake Jitse, ‘dat is in teken.’
Forbjustere sei Janom: ‘Hwerfan dan, Jitse?’
| |
| |
‘Dat moatst sels mar útmeitsje. Mar in teken is it. Ien hat dy roppen. Ien hie in boadskip oan dy.’
‘Hoe moat ik dêr nou efter komme?’ prúlke Janom as in bidoarn bern.
‘Ik soe my mar reinigje en hilligje en de earste de bêste, dyst tsjinkomst, moatst tinke, is de persoan, dy't der dy oer ynljochtsje kin.’
‘Mar dan binne Jo it ommers.’
‘Ik bin dy neityd net tsjinkommen, mar foartiid’, forsinde pake him.
Janom glimke efkes, hy kaem al hwat ta syn sûpe en stút. En pake sette ôf. ‘Tink der mar om’, rôp er noch efterom.
Of pake hie de man, dy't der yn de fierte oankaem mei syn âlde eagen al sjoen en kend, òf hy wist, dat hy der oankaem, mar de earste de bêste persoan, dy't Janom mette, wie in heilsoldaet.
Janom koe him sa gau net reinigje, lit stean fan hilligje, dat sil de missing link west hawwe. Sa fiis en goar er wie, frege er de heilsoldaet, hwat er dwaen moast. Dy fornaem nearne nei, mar joech de bitsjutting oan syn wurden, dy't hy der allinne mar oan jaen koe. It wie trewis foar him, hy joech it wurk der foar dy dei oan en naem Janom mei nei Snits, dêr't hja in ôfdieling hiene en dêr yn it lokaeltsje oan it wetter hat ús Janom mei oan it hantsjeklappen en hallelujah roppen west. Ut en troch kaem er nochris thús en dan wie ik der as de kipen by, hwant Janom hie hiele sterke forhalen ta syn foldwaen. Hy song my ytlike ferskes foar, ien der fan wie: ‘Grijp toch de kansen’, hwerby't ik my staf tocht haw, hokke dingen ik yn 'e goedichheit gripe moast. Ik hold it op 't lêst op krânsen. Boppedat learde er my der alle maneuvels by, dy't hy ek leard hie. Us mem wie lilk, om't hja tocht, dat hy der de gek mei hie, mar dat wie net wier.
De dingen fan it leger wiene net oer alle boegen frjemd foar him. Doe't er yn Ynje siet, hie er yn syn frije jounen mei in ôftanke sindeling, dy't foar himsels bigoun wie, de kampongs bylâns west yn in âld auto, en hja hiene it ek op lûdroftige wize bisocht.
Mar om koart to kriemen, op in dei rounen der geroften troch ús doarp, dat der in man mei in burd wie, dy't nei eigen sizzen as Jezus to preekjen moast. Gjin hier op ús holle tocht der oan, dat dat Janom wêze koe, al wie it allinne om dat burd net, mar it duorre mar koart, of elk út it doarp hie Janom al op 'e tonge. En ús kaem it yn it sin, dat in burd him maklik oanriede lit.
| |
| |
Janom pakte it sa oan: op middei kaem er mei de gongelstôk yn de hân in doarp yn skouwen, in pear âlde panlidden ûnder de earm. In foech ein yn it doarp op hie er de lidden elk yn in hân, en de stôk ûnder de earm. En dan makke er tsjettelmuzyk fan strjitte nei strjitte, oant er in kloft minsken efter him oan hie. Earst bern, dat sprekt, dêrnei de âlde mantsjes, dy't der hast oer draefden en dyjingen, dy't der yn in doarpsmienskip oer binne, de kreupelen en de skeinden, neamde Janom har. En as de rjemme inkelde nijsgjirrige saneamde normalen om it spul troch it gat to sjen, mar allegearre altyd yn it selskip fan soartgenoaten. Mei de kliber efter him oan, sette Janom op it tsjerkhôf ta. Dêr lei er de lidden op in platte stien del, en hong sels oer in steande grêfstien hinne yn in hâlding, dy't op bidden wiisde. Ut 'e rûchte lies er hwat opskriften om him hinne. It folk, dat earst lake hie, waerd stiller en stiller. Einlings draeide er him nei de hollen en antlitten ta, wiisde immen aan en frege:
‘Hwerhinne? Hwer sille jo hinne?’
‘Nearne hinne, samar hwat’, wie it antwurd wol gauris gnyskjend, mar ek ûnwis.
‘Nearne hinne, jo hawwe gelyk.’ En hy wiisde mei de stôk op in stien, dat ìs nearne hinne. Samar hwat, just, jo hawwe gelyk!’
Dan gyng er op de rânne fan it hôf sitten, en skreau mei de finger yn it sân:
Ik moat as Jezus to preekjen.
Dû moatst as Jezus to preekjen.
Hy moat as Jezus to preekjen.
Wy moatte as Jezus to preekjen.
Hy naem de tiid der foar, mar ek wer net to lang.
By dy pantomime waerden de minsken nijsgjirrich en deastil. Altyd wie der op 't lêst wol immen, dy't it skriuwen lûdop lies.
Janom smiet de holle yn de nekke, en rôp: ‘Hjir sit ik, mar ik moat oerein. Mei dizze wurden binne jimme allegearre tekene.’
It publyk foroare dan, guon founen it moaijernôch om efter in sljocht oan en oaren, de omstippers meast, bleauwen, om't hja it wol oan tiid hiene, ek wiene der gauris guon, dy't it ljocht rounom wei forwachten. Dyen naem er mei nei in poel, in sleat of in puozze, en wosk harren mei de hannen de fuotten.
Dan werom nei it hôf, en petearje oer twivel en hearlikheit en sa.
En as it út wêze moast, kaem Janom oerein: ‘Jezus Kristus
| |
| |
is deselde hjoed en juster en oant yn alle ivichheit. Amen.’
De lidden wer ûnder de earm, de gongelstôk yn de hân, en de oare deis nei in oar doarp. Inkeld krige er dan noch ûnderdak by in sykjende siel. Oars sliepte er earne yn it hea.
En doe kaem Mink al gau by him, en naem tonei de muzyk foar syn rekken.
Hja makken in wûnder pear út. Janom, dy't in swaeijende gong oer him krigen hie, it burd swaeide mei, en Mink dy't de kinhierren ek stean liet, Janom lang en skredich en Minkom neazich as David efter Goliath. Janom mei de stôk maneuvels meitsje, Mink kletterjend mei de gimmelearden lidden, de knibbels sa heech er se krije koe, en beide deaëarnstich as bern by it boartsjen.
Hja neamden har wurk: in doarp ‘bisette.’
Hja fêsten ek, soms libben hja op nôtkerlen of op woartels en rapen, sneins namen hja bôlle fan de minsken oan, en joegen der in bibeltekst foar werom. Hja sloegen harsels en elkoar op it boarst en bidde, dat hja diene! Soms wiene hja Noäch, dan Abraham of David. Elk doarp woene hja yn de namme fan in bipaelde bibelhillige bikeare. Wie it Noäch, dan tekene Janom by syn rigels in skip, by Abraham in tinte, by David in harp. It ‘klein geschrift Davids' út de âlde psalmboeken koe er út 'e holle, Mink song it núnderjend as in bij mei, mar Janom hie dat net graech.
Doe kaem Mink mei it foarstel om it eigen doarp to nimmen, in goede kristen bigoun by himsels. Janom wie dêr net op bigien, dat Mink forwiet him al, dat er bang wie.
‘Dat bin ik ek’, sei Janom.
Mink woun. Hja sprieken ôf, foar dy kear de hillige Eli to nimmen, mar op it lêste stuit waerd it Simson, alhoewol't Mink noch warskôge foar Delilah. Delilah! Hwa hie ek tinke kinnen, dat ús muoike Simentsje mei har út to stean hie?
Dat petear wenne ik by, om't ik har in ein bûten it doarp moete. Ik hie nammers oer har komst grútsjen heard.
‘Oars skodzje wy de moude fan ús fuotten’, sei Mink eigenwiis.
‘Kinst it wetter ek wol út 'e sé skodzje wolle’, sei Janom pessimistysk.
En ik lake.
Mink seach my forskuorrend oan: ‘Dû bist famylje fan Delilah’, forwiet er my.
‘Ek fan Eva’, biet ik werom, hwant ik fielde my swier misledige, en ús heit hie krekt biweard, dat alle froulju Eva's wiene.
| |
| |
‘Dêrom’, sei Mink.
Mar Janom stelde fêst, dat ik gjin heidinne wie.
‘Astû dan kristinne bist, moatst oan ús kant stean.’ Nea hie er mei sa'n autoriteit tsjin my prate doard.
Dizze kear waerd ik de trêdde yn de rige, en om't ik lidden noch stôk hie, klapte ik yn de hannen en Janom knikte my ta, dat hie ik goed sjoen. Mink en ik bleauwen mei ús lawaei moai op mjitte, en Janom die noch mear syn bêst as oars, miskien wol út eangst. Hy hie syn stôk forsierd mei koetsebeijen en heide.
Mar yn it doarp gyng it oars as oars. De tynge fan har komst wie harren foarútflein, dat der kaem fuort famylje op har ta mei skelle lûden: Simentsje-muoi en lytse Mukke, en Edzar, dy't it keal stellen hie, ek. Dat fortriette Janom wol, mar hy liet neat skine. Wy avensearren regelrjocht nei it tsjerkhôf, folk by it soad by ús. Mink en ik koene elkoar net mear hearre, dêrom hold ik syn biwegings mar hwat by. It wie my krekt, as barde alles yn trance, stiif seach ik foar my út, hearde neat, seach neat, alhoewol't ik alles folle skerper hearde en seach as oars.
Op it hôf socht Janom ús pake Jan syn stien op. Hy die it ritueel mar op de wenstige wize, mar wie net wis yn dwaen en litten.
Earst lies er it opskrift fan de stien: ‘Zij gaan van kracht tot kracht steeds voort.’
‘Mar hy is de macht kwytrekke’, sei er. Dêr waerd om lake, hja tochten, dat Janom ús forstoarne pake yn it sintsje sette woe en dat woe der wol yn, om't hja folle op him tsjin hawn hiene.
Janom waerd lilk en reägearre it ôf.
‘Dêr leit de potentaet’, sei er. Hy loek oan syn burd. Mink kriemde tichter by it grêf, oerdreaune ticht, en hommels foel it my op, dat er net mear efterôf stie, lyk as er wend wie.
Doe't Janom bigoun to skriuwen, waerd it net stil, dat Janom, opljeppen, sprong oerein en gyng tsjin it folk oan it skreauwen.
Noch meije my inkelde gesichten fan lju tinke. Pake Jitse stie ôfwachtsjend mei in hunende glim om syn giele tabakstosken. Hy hie der ek mandélich oan west! Simen en Hidde en Lútsen en froulju, elk stelde him der wer oars op yn, ôfwachtsjend, skruten, om't it mei it evangeelje to meitsjen hie, hysjend, opwinend, foroardieljend, ik lies har tinzen by mûle en eagen, mar ûntdiek se ek oan hannen en fuotten. Lytse Mukke mei har skerp antlit waerd nou pas de fûlekaen, dy't
| |
| |
hja yn wêzen wie. Hja kaem mei de noas op Janom ta, as soe hja him der mei stekke, en muoike Simentsje fjurre it folk oan om him fan it hôf to smiten, de godslesterder, de grêfskeiner. Doe foroare pake Jitse Janom syn kant oer: hwerom soe in gewoan minske net preekje meije, as de dûmnys it sa min diene? En hokke lju hiene de discipels hielendal west? Der kamen twa partijen foarinoar oer to stean, mei pake Jitse en muoike Simentsje as lieders. It gyng net mear om Janom, moast ik tinke, mar om in jierren âlde fete. Janom bigoun alteast to skriemen. Mink wie al mar efterútgien, oant er noch fierder distânsje nommen hie as ea foarhinne, hy siet nou mei de rêch tsjin de hege ôfwizende tsjerkemuorre oan. Hy skriemde ek. Dat wie de earste kear, dat ik mânlju skriemen sjoen haw. Fierder wit ik it forhael net goed mear, hwant ûnforwachts waerd ik beetpakt en troch it gat yn de brune boekehage op as bargefinne treaun, dêr't ik forbjustere noch sahwat heal seach, dat it folk fan it hôf ôfragele. Mink kaem, lykwols noch ratteljend mei de lidden, efteroan, mar ús muoike Simentsje griep se him ôf, joech him in lawibes om de earen, en saeide se de grêven oer.
‘My doarst oan’, rôp Mink pûr mei de triennen yn syn stim. Hoe frjemd skodden syn tinne lea, sa't er dêr ûnmachtich protestearre.
Us heit stie foar my tsjin de hage oan, hy hie ús pake Jitse helpe wollen, moat ik bigripe, alhoewol't er him oars altyd foar syn heit skamme. Om syn oanwêzichheit moast ik meitsje, dat ik fan ruten kaem, oars soe er my hjir wer fine.
Sadwaende bin ik noch mei Janom en Mink nei it koetshú rekke, dêr't wy sitten hawwe to thédrinken, it iene kopke nei it oare, Janom hat twa kear nije set.
‘Der is mar ien thús’, sei Janom, ‘en Nazareth is forflokt.’
‘It thús fan de kristen leit earne oars’, sei Mink.
‘Nou, hwat sei ik dan?’ frege Janom.
‘De himel falt der net om yn’, sei er efkes letter suchtsjend.
‘Sa gau't blauwe mûtsen yn de moade komme’, wie Mink syn grap.
‘Ik haw yn gjin trije moanne drank hawn’, rôp Janom, as waerd er bang.
‘Ik moat wer oan de Mokumdrank’, sei Mink sa spitich.
‘Mar Teatske, hwat moat Teatske?’ rôp Janom en seach my oan.
‘Teatske hat de takomst, hja is noch jong’, sei Mink mei in grimas.
Mar Janom sei: ‘Hja moat bidde, hja moat bidde.’
| |
| |
‘Dêr seist hwat’, sei Mink en sette de garribaldi foar de eagen. Ik hie de hannen al gear dien, hwant dat wie my leard to dwaen as der by uzes yn de keamer bidden waerd, mar seach troch de eachshierren, dat de flesse fierhinne leech wie. Ik forwachte fan Janom ek, dat er bidde soe, mar yn sté waerd er lilk en sloech er mei de folle fûst in dûk yn de hurde hoed.
‘Dû spotter’, sei er lûd.
Doe dat forbauwerearre antlit fan Mink, dat efter de hoed wei kaem. Hy stoude oerein. Twa tellen letter laken beide wer. En ik ek mar.
Dêr kaem ús mem der yn mei in gesicht, dat op trije dagen en alle soarten ûnwaer stie. Sûnder in wurd naem hja my by de earm, en sleepte my de treppen del sa hurdhandich, dat ik my oan de leuning beethâlde moast. Hwat wie ús mem sterk, tocht ik.
‘Moaije evangeeljebringers!’ rôp hja nei boppen, dêr't Janom en Mink op it balkontsje kommen wiene en oer de ballustrade hinne hongen.
‘Hallelujah!’ baltte Janom mei in dûbelde tonge de nacht yn, en Mink klapte yn syn lange bienbitige hannen.
Oan ús memme knipende han efteromsjende, ûntdiek ik harren efter de stilen fan it izeren stek yn it moanneljocht. En tonei, sa âld as ik wurden bin, haw ik it wurd skrinkels net wer hearre kinnen, of ik hie Mink syn klappende hannen as greate fûgelwjukken foar my, en dan tekenen har yn blausulveren ljocht twa bigreatlike figueren ôf, dy't skriemend ‘Hallelujah’ rôpen.
(fragmint fan in roman yn biwurking)
|
|