minst om in ierforstoarne in posthume wâd mei to jaen. Foarop mei stean it bisef, dat yn de krityk dy't Quatrebras in pear kear yn De Tsjerne krige hat, de wurdearring foar it ûndernimmen sèls - in gearbondeling fan oankommende skriuwers - ryklik swak trochklonken hat. Op himsels kin sa'n gearbondeling ommers in hinnewizing wêze nei bloeijend litterair libben. Hoe hat yn gâns litteratueren om ús hinne de eksploitaesje fan in eigen tydskrift, dêr't in jong skriuwerslaech him yn útlibbet of byneed yn úttjirget, net bifruchtsjend wurke! Elke litteraire revolúsje fan de lêste ieu spilet him ôf om in tydskrift hinne. In nije periodyk fan generaesjegenoaten is ommers gearbinend elemint en katalysator beide! Ut sa'n stelling wei kin it fjûr iepene wurde op arrivisme en bistjurring. Yn sa'n stelling sels ûntstiet in frontkammeraetskip dy't ynspirearret ta mienskiplike kriich en prestaesje.
Hat Quatrebras de pear jier fan syn bistean dat byld oplevere? Faeks wol yn it by foarkar en eksklusyf opnimmen fan modernistysk dichtwurk. En miskien ek yn it by foarkar fortalen fan skriuwers - dútske en hollânske - dy't nei de lêste oarloch nei foaren kommen binne. Mar is hjir in ploech jongeren yn 'e pinne flein om - yn in dúdlike antithetyske hâlding tsjinoer de âlderen, de ‘arrivé's’ - in biwuste krityske bibeakening to jaen fan de koerts dy't hja farre woe?
In redakteur as Marten Brouwer, de iennichste hwaens oanliz dy kant út wiisde, hat in kearmannich bisocht sa'n koerts út to setten. Yn in artikel ‘De greate forpressing’ (jg. 2, nrs. 3 en 4) hat er writen dien fan it antithetyske op it thetyske to kommen. It is him lykwols net slagge syn eigen negativisme en ‘miserabilisme’ to oerwinnen. Syn ôfwizen fan in manifest of program foar syn tydskrift resultearret al gau yn it pejorative wurdtsje ‘flauwekul’ en hwat dan fierderop yn dit typearjend stik oan doelstelling opsmiten wurdt komt net fierder as it útroppen fan in ‘mienskip fan twivelders’.
Ek Brouwer's ‘pleitrede’ foar in nije eksperimintele dichtkunst is net útroun op in fundearre rekwisitoir tsjin âldmoadrich tradisionalisme. Syn opstel hjiroer yn jg. 2, nr. 8, is stykjen bleaun yn subtyl gemaster oer de typografy fan it fers, lyk as soene haedletters en lêstekens in nije wurdkunst yn 'e wei stean. En de steat fan neakenheit, dêr't foaral dizze redakteur Quatrebras yn stean litten hat, blykt noch it klearst as men it each hâldt op de faktor litteraire krityk. Dy krityk ûntbriek sahwat alhiel. It ‘bisprekken’ yn telegramstyl fan fjouwer of mear litteraire wurken op ien bledside mei as grap of as bisykjen ta originaliteit yn in h.b.s.-krantsje of sels yn in studinteblêd net misstean, hjir wie it in symptoom fan eat, dat al min allinne oantsjut wurde kin mei it wurd ûnwil.
Sa hie Quatrebras tige syn swakke stéen. It is lykwols net earst en meast dêrom dat it de geast jown hat. De oarsaek leit yn haedsaek by eat dêr't de warberste en wachste redaksje net foar kin: it ellindige fryske analfabetisme.
It is de hjitting, dat de Quatrebras-redaksje ek sûnder periodyk it forbân fan har lêzersgroep oanhâlde wol troch it tydlingswei bringen fan losse útjeften. It is alteast in teken dat hja net yn wrokkerich negativisme by de pakken delsitten giet. Hwant út sa'n sittend libben is noch nea in litteraire fornijing fuortkommen. Komt dy fornijing der? Lit ús it hoopje. Miskien bisiket oer tsien jier in alderjongste generaesje it opnij.
D.A. TAMMINGA.