Krityk yn it koart:
Fan bernlik ta bernich
It skriuwboerd, gedichten fan Dam Jaarsma; knipprinten fan Gretha Zijl; útjowerij Osinga N.V., Boalsert 1956.
Under de titel It skriuwboerd hat útjowerij Osinga ús in rynsk útfierde fersebondel oanbean, dy't sa'n sekstich gedichten fan Dam Jaarsma en sa'n fjirtich knipprinten fan Gretha Zijl ynhâldt. Ja, de bondel is suver hwat al to luksueus en swierwichtich útfierd, en dêrby stekt in mankemint as de smaekleaze leitering fan stofomslach en titelblêd namsto nuverder ôf. Spitich!
De kombinaesje fan fersen en printen is ús bikend út de Ljouwerter Krante en dit is dan ek yn haedsaek in kar út hwat dêr yn de jierren 1950-1954 sa foar en nei yn publisearre is. Nou docht in printsje by in ferske it yn sa'n deiblêd wol aerdich, al soe it allinnich mar wêze om't it printsje de oandacht nei it ferske ta lûke moat. Mar yn in bondel hiene wy hwat de printen oanbilanget leaver in hwat sinniger kar hawn, op sa'n foet dat allinnich de bêste yn 'e bineaming komd wiene. Hwant der is bêst wurk by, der binne printen dy't suver masterstikjes neamd wurde kinne. Mar der binne ek, dy't net sa tige slagge hjitte kinne: de flakfordieling is net altyd yn 't lykwicht en fortoant soms tofolle en to greate wite hoeken, grounflakken en rânnen binne bytiden helte to swier, primitive bochtsjes dy't blykber wolkems foarstelle moatte rounje de loft nei boppen soms hwat goedkeap ôf; en der is ek wol ris in opstelling by dy't rounút rommelich is, of in ôfbylding dy't stiif en houten oandocht. Hiene sokke printen yn de bondel gjin plak krigen, dan hie dat it gehiel wol to'n goeden kommen. In draechlik fers hat fan yllustraesje net folle forlet, in min fers wurdt der net troch rêdden, in goed fers kin der wol mei bidoarn wurde. Dêrom kin men der better hwat sunich mei omspringe.
Yn safier slute lykwols de printen en de fersen wer aerdich byinoarren oan, dat ditselde, dat foar de kar fan de printen jildt, ek hâldt foar de gedichten. Dêr is ommers wurk by, dat jin, al is it faken hwat âlderwetsk fan sfear en opfetting, sympathyk oandocht: it is bernlik, libbensbliid, in bytsje filosofysk; it dolt almeast net djip, mar skôget freonlik de dingen fan 'e dei en sjocht guodlik werom op it forline. De foarm is simpel, soms is de mjitte tsjin de bidoeling yn hwat stjittelich, bytiden wurdt de goede folksaerdige toan ynienen brutsen troch in sabeare-litterair wurd dat der út falt. Mar de klank is dan likegoed suver en earlik.
Mar dêrnjonken treffe wy soms al to simpele, op rym sette grapkes, op it bernige om end' ôf; dy binne yn in krante of tydskrift foar biskate lêzers faeks net ûnaerdich, hja soene yn in foardrachteboekje foar de bern net misstean, mar hja meitsje dizze bondel ta in nuvere heterogene skepping, en dat hie ek sa net hoegd.
Mei't Jaarsma oer it algemien net heech ljept, kin er ek nea net sa djip falle; mar de kar fan it wurk, dat as bledfolling yn in krante allegearre wol brûkber wie, hie foar de bondel sinniger moatten. Hy hat tofolle fêstlizze wollen, dat it sa net fortsjinne hie, en dat komt de ienheit net to'n goeden.