Op it harspit:
Remko Klinkhamer, Germaensk helt
Yn it Literair Kwartier fan de R.O.N. bisprekt Anne Wadman tsjintwurdich om de 14 dagen de resinte litteratuer fan Fryslân, Grinslân en Drinte. Syn mikrofoanresinsjes strekke ta mear as in praetsje, hja birêste op in tûk oardiel oer deugd en brek, binne altyd útfloeisel fan tige krekt en kritysk lêzen. By alle skerpte fan oardiel forjit Wadman nea it plak dêr't er stiet: in podium, dêr't ek gâns folk omhinne sit dat litterair net of in bytsje ûnderlein is. De krêft fan syn bisprekkings leit dan ek foaral yn in paedagogysk en psychologysk goed ôfsteld wêzen op in heterogeen harkerspublyk. Dat is foar dizze kritikus lykwols gjin reden om syn mjitroede dan wer lang en dan wer koart to nimmen. As der produkten signalearre wurde moatte, dy't perfoarst smaekbidjerrend wurkje, dan wurde man en peart neamd.
Wadman's bisprek fan de Grinslânske boereroman Remko fan Ger Griever yn des. '56 wie dêrfan wer in biwiis. Mei in kar fan sitaten en mei oanwagende arguminten waerd dit boek qua styl en qua ynhâld as in fodde oanmurken: de falske blubo-romantyk lei der tsjok op. Bihalven it boek sels, in útjefte fan A.J.G. Strengholt, Amsterdam, foel Wadman ek de jury oan, dy't neffens it stofomslach dit wanprodukt bikroand hie, in jury dêr't nimmen minder as prof. dr. Garmt Stuiveling ta bihearde.
Réaksjes bleauwen net út: positive èn negative. De Hear Utjower skreau in pûrlilk brief mei wurden as ‘inferieure kritiek’, ‘weerzinwekkend’, ‘kwaadaardig’ en ‘bewuste wil tot kwetsen’. Yn it to Veendam forskinend blêd De Noordooster, dêr't Griever's roman krekt as feuilleton yn draeide, kaem in haedartikel tsjin ‘de ons onbekende dr. Wadman’. Eigenaerdigernôch réagearren de leden fan de Grinzer jury net. Of ja dochs, prof. Stuiveling skreau yn in brief, dat hja yndertiid in óâr wurk bikroand hiene, ntl. De Klapbrug fan Duut van Goor. Griever's manuskript, ûnder in oare titel as dy fan it lettere boek ynstjûrd, hie Stuiveling net foar útjefte oanrekommandearje kinnen.
Dizze dingen wiene foar Anne Wadman oanlieding om foar de R.O.N. jitris op dit ‘rumoer om Remko’ werom to kommen. Hy makke Stuiveling's negatyf oardiel oer de roman fan Griever buorkundich en fordigene it goed rjocht fan in kritikus om dingen dy't har dúdlikerwize mei in litteraire pretinsje oantsjinnen, ek as sadanich to skôgjen en evt. to foroardieljen.