De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 123] [p. 123] Fedde Schurer En D.A. Tamminga: Fearpikkende op 'e parnassus V FEDDE SCHURER: De wize mannen kaerdzje stil har burden. De sin fan 't pleit leit èfter al har wurden. Sjoch, nei't de wegen mear lykwidich gean’, Kruse nammersto fûlder har de swurden. D.A. TAMMINGA: Hâld yn Den Haech, dat ieuwenâlde rjochtsté, Dyn wapen skerp en soepel en gefjochtsré. Lit oaren op it thúsfront - o tormint! - De striid oangean mei de Famylje Trochsné. FEDDE SCHURER: Zwei Seelen wohnen, ach, in unsrer Brust! Hja geane soms togearre op 'e fûst. Mar de iene is ús allike nei as de oare. Hwat bliuwt ús oer, as hâld se beide kûst? D.A. TAMMINGA: Bislach it mar mei Goethe, Freud of Heine. Hwat dy bidripket kin ús moarn bireine. Mar ropt de Binnenkeamer dy, Poëet, Stjûr de óáre op reces. En haw myn seine. FEDDE SCHURER: Sa strike wy dan 't wapen fan Molkwarren. Sjoch, mokken waerje boppe Weed en marren, En douwen klapwjokje oer it Binnenhôf. Hjir is myn hân. Hwant wy forsteane elkoarren. TOGEARRE: Wy hawwe, achte lêzers allegearre, Yn dizze arena 't blanke swurd hantearre. Faeks wiist Jim tomme al lang nei ûndren ta. Ave, Publyk, Jim groetsje hja dy't stjerre. Vorige Volgende