De Tsjerne. Jaargang 12
(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 114]
| |
Arthur Miller:
| |
I
LINDA
(heart Willy bûten de sliepkeamer, ropt hwat oerstjûr):
Willy!
WILLY:
Goed folk! Ik bin der wer!
LINDA:
Hoe dat? Hwat is der oan?
(Efkes stilte)
Is der hwat bard, Willy?
WILLY:
Né, net dat ik wit.
LINDA:
Gjin malheur mei de auto, wol?
WILLY
(hwat nitelich):
Ik siz doch, dat der neat bard is. Hast dat net heard?
LINDA:
Fielst dy net lekker?
WILLY:
Ik bin deawurch.
(Hy giet njonken har op bêd sitten, hwat sleauwich)
It woe hjoed net, it woe hjoed gewoan net, Linda.
LINDA
(slim soarchfâldich en loarsichtich):)
Hwer hast de hiele dei sitten? Sjochst der mar min út.
WILLY:
Yonkers in eintsje foarby, fierder bin ik net kommen. Dêr haw ik stien foar in kop kofje. Miskien komt it fan dy kofje.
LINDA:
Hwatte?
WILLY
(nei in koart skoftke):
Ynienen woe it net mear mei it stjûren. De wein woe hieltyd wer fansiden, sjoch.
LINDA
(helperich):
Jawis. It stjûr sil wol wer net yn oarder west hawwe. De AngeloGa naar voetnoot1) hat tink net folle forstân fan de Studebaker.
WILLY:
Né, it sit him oan my, oan my. Ynienen krij ik foar 't | |
[pagina t.o. 114]
| |
ARTHUR MILLER
Amerikaensk toanielskriuwer; terne 1915 (copyright ANP) | |
[pagina 115]
| |
forstân, dat ik hast hûndert ryd, en dat ik fan de lêste fiif minuten neat mear wit. Ik bin... ik kin, leau 'k, myn gedachten der net mear by hâlde.
LINDA:
It komt miskien fan dyn bril. Hast dyn nije bril noch nea net ophelle.
WILLY:
Né, ik sjoch alles wol. Mei in gonkje fan fyftsjin bin ik weromriden. Ik haw fan Yonkers ôf hast fjouwer ûren wurk hawn.
LINDA
(jowt it oer):
Silst wier hwat rêst nimme moatte, Willy, sa kin it net langer.
WILLY:
Ik bin krekt wer thús fan fakânsje yn Florida.
LINDA:
Mar dyn geast, dy hast gjin rêst jown. Dyn geast is fiersto warber, en de geast, dy docht it him, leave.
WILLY:
Moarnier gean ik wer op 'en paed. Faeks fiel ik my moarn ier better. (Hja docht him de skuon út) Dy aeklike steunsoallen, dy formoardzje my!
LINDA:
Nim in aspiryntsje. Sil ik in aspiryntsje foar dy krije? Dat sil dy hwat delbêdzje.
WILLY
(fornuvere):
Ik ried gewoan fierder, bigrypst? En ik fielde my tige. Ik seach sels nei de natuer om my hinne. Tink ris yn, ik, alle dagen op 'e dyk, ik sjoch my dêr nei de natuer! Mar it is dêr sa alderivichste moai, Linda, de beammen binne sa grou, en de sinne is sa waerm. Ik sette it foarrút iepen en liet de waerme lucht oer my hinne strike. En dêr reitsje ik my ynienen fan 'e dyk ôf! Ek hwat moais, 't wie my hielendal út it sin gien dat ik stjûrde. As ik oan 'e oare kant oer de wite streek rekke wie, hie ik wol ien dearide kinnen. Ik ried wer fierder... en fiif minuten letter sit ik alwer to dreamen, en sil ik my hast...
(Hy hâldt twa fingers foar de eagen)
En tinzen dat ik yn 'e holle haw, sokke nuvere tinzen...
LINDA:
Willy, leave. Praet noch ris mei him. Hwerom soest net yn New York arbeidzje kinne?
WILLY:
Yn New York binne hja my net brek. Ik bin de man fan New England. Yn New England kin it net sûnder my.
LINDA:
Mar dou bist sekstich. Hja kinne net forwachtsje datstou alle dagen foar harren ûnderweis bliuwe silst.
WILLY:
Ik moat in telegram nei Portland stjûre. Moarnier om tsien ure soe ik by Brown en Morrison wêze om de nije kolleksje to toanen. Blinder, dêr hie ik forkeapje kinnen!
(Hy bigjint syn jaske oan to dwaen).
LINDA
(kriget him it jaske ôf):
Hwerom giest moarn net nei de saek en fortel Howard dat er dy wurk yn New York jaen mòàt? Bist fiersto skiklik, leave. | |
[pagina 116]
| |
WILLY:
Hwannear't de âlde Wagner noch libbe hie, dan soe ik nou al lang yn New York de lieding hawn hawwe! Dat wie in foarst, in berne lieder! Mar dat jonkje fan sines, dy Howard, dy hat gjin grevel wurdearring. Doe't ik de earste kear nei it noarden gie, hie de firma Wagner noch nea eat fan New England heard!
LINDA:
Mar hwerom seist soks dan net tsjin Howard, leave?!
WILLY
(kriget wer hwat moed):
Dat sil ek wêze, dat sil ek per foarst wêze. Is der noch hwat tsiis?
LINDA:
Ik sil in brochje foar dy klearmeitsje.
WILLY:
Né, gean dou mar op bêd. Ik nim wol hwat molke. Sa mar klear. De jonges thús?
LINDA:
Dy sliepe al. Happy hat Biff joun meinommen, hy hie in ôfspraekje.
WILLY
(mei ynteresse):
Hwatte?
LINDA:
It wie sa aerdich, sa't se har dêr beide stiene to skearen yn de baeikeamer, de ien efter de oar. En sa't se doe togearre fuortsetten. Rûkst net? It hiele hûs rûkt nei de skearkrême.
WILLY:
Tink ris yn. Jins hiele libben wrotte om in hûs ôf to biteljen. Einlings is it sa fier, dat it jins eigen is, en dan is der net ien mear om der yn to wenjen.
LINDA:
Ei ja, leave, it libben is ôfstân-dwaen, dat is altyd sa.
WILLY:
Né, né, der binne guon... der binne guon dy't eat ta stân bringe. Hat Biff ek noch hwat sein, fan 'e moarn, nei't ik fuortgien wie?
LINDA:
Hiest him net sa bilekskoaije moatten, Willy, foaral net nou't er krekt fan 'e trein kaem. Moatst net sa gau in min sin krije, mei him.
WILLY:
Hwat deale, hwannear haw ik in min sin krige? Ik haw him allinnich mar frege oft er hwat jild makke. Is dat lekskoaijen?
LINDA:
Mar leave, hoe soe hy nou jild meitsje kinne?
WILLY
(faksearre, grimmitich):
Hy is sa efterhâldend. En hy is ek kiezzich wurden. Hat er him noch ûntskuldige, fan 'e moarn, nei't ik fuortgien wie?
LINDA:
Hy wie slim forbûke, Willy. Dou witst wol, hoe't er dy biwûnderet. Hwannear't er ien kear syn plak foun hawwe sil, dan sille jimme beide better jim slinger hawwe en net mear sa tsiere, liket my ta.
WILLY:
Hy syn plak fine! Op in boerepleats, tink. Is my dat in libben? Boerefeintsje wêze? Yn it earstoan, doe't er noch jong wie, doe tocht ik, ei ja, in jongkeardel, it is in goed ding foar him, dat er hwat omswalket en alle mooglike | |
[pagina 117]
| |
forskillende putsjes by de ein hat. Mar dat duorret nou al mear as tsien jier en hy komt noch net ienris op fiifentritich dollar wyks!
LINDA:
Hy moat syn plak noch fine, Willy!
WILLY:
It is in skandael, as men dat, fjouwerentritich jier âld, noch net foun hat!
LINDA:
Stil doch!
WILLY:
Syn kwael is, dat er loai is, blinder!
LINDA:
Toe, Willy!
WILLY:
Biff is in loaije stjonkert!
LINDA:
Se sliepe. Yt nou hwat. Toe, krij hwat út de kelder.
WILLY:
Hwerom is er thúskommen? Ik soe wol ris witte wolle hwat er thús to sykjen hat.
LINDA:
Ik wit net. It liket my ta, dat er noch altyd fan 'e roai is, Willy, slim fan 'e roai.
WILLY:
Biff Loman is fan 'e roai. Yn it bêste lân fan 'e ierde is in jongkeardel - ien mei sokke aerdige eigenskippen - alhiel fan 'e roai. En dan sa'n drege wrotter! Hwant ien ding meije wy doch fan Biff sizze: loai is er net!
LINDA:
Noait ien keer!
WILLY
(meilijich, biret):
Moarnier tref ik him wol. Dan wol ik ris rêstich mei him prate. Ik sil sjen dat ik plak foar him fyn as hannelsreizger. Hy soe it sa mar oprêdde kinne. Blinder! Witst noch wol, hoe't hja op de h.b.s. yn klibers efter him oan rounen? Hoe't hja daliks op 'e tried wiene as hy mar tsjin ien glimke? As er oer de strjitte roun...Ga naar voetnoot2)
(Hy wurdt wei yn syn oantinkens).
LINDA
(bisiket him ta de werklikheit werom to krijen):
Willy, leave, ik haw hjoed in nije soarte Amerikaenske tsiis ûntdutsen. Goed tamakke!
WILLY:
Hwerom nimst Amerikaenske wylst ik Switserske leaver haw?’
LINDA:
Nou, ik tocht krekt, dou soest wol ris foroarje wolle...
WILLY:
Ik wol net foroarje! Ik wol Switserske tsiis. Hwerom dogge jim altyd oars as ik wol?
LINDA
(laket ûntskuldigjend):
Ik tocht dat it in forrassing weze soe.
WILLY:
Hwerom setst hjir net ris in rút iepen, fordikke?
LINDA
(tige forduldich):
Dy steane allegearre iepen, leave.
WILLY:
Sa't hja ús hjir ynboud hawwe! Stiennen en finsters, finsters en stiennen.
LINDA:
Wy hiene de groun hjir njonken keapje moatten. | |
[pagina 118]
| |
WILLY:
Rigelen auto's yn 'e strjitte. Gjin kerltsje frisse lucht om hûs hinne. It gers wol hjir net mear groeije, men kin yn it tûn gjin woartel mear bouwe. Der hie in wet komme moatten tsjin dy wenkazernes. Witst noch, dy beide prachtige iperen beammen dêr bûten? Hoe't Biff en ik de touter der tusken hongen hawwe?
LINDA:
Jawis, as sieten wy kilometers fan de stêd ôf.
WILLY:
Hja hiene dy oannimmer oppakke moatten, dy't se omslaen litten hat. De hiele krite hawwe se fornield!
(Yn syn oantinkens wei)
Hieltyd mear bigjin ik wer oan dy dagen to tinken, Linda. Om distiid hiene wy de nageltsjebeammen en de blauwe rein. En dan kamen de pioenen yn blom en de titelroazen. Hwat in swietrook hjir dan yn 'e keamer!
LINDA:
Nou ja, de minsken moasten op it lêst earne keare!
WILLY:
Né, der binne nou mear minsken.
LINDA:
Ik tink, der binne net mear minsken, ik tink...
WILLY:
Der binne àl mear minsken! Dat jowt dit lân de knoei! Hja hawwe it mei de bifolking net mear yn 'e macht. De konkurrinsje is om der gek fan to wurden! Rûk de stank ris fan dy wenkazernes! En oan de oare kant krekt sa'nt... Hoe kinne hja noch tsiismeitsje?
LINDA:
Gean nei ûnderen ta, priuw in stikje fan dy tsiis. En raes sa net!
WILLY
(keart him nei Linda ta, skuldich):
Sitst doch net oer my yn, is it wol, leave?
LINDA:
Dou hast tofolle oan 'e holle dêrst dy soargen oer makkest.
WILLY:
Bist myn iennichste help en treast, Linda.
LINDA:
Bisykje alles dochs ris fan dy ôf to setten, ju. Dou makkest fan in fear in balke.
WILLY:
Ik wol net mear mei him tsiere. Hwannear't er werom wol nei Texas, dan giet er mar.
LINDA:
Hy sil syn paed wol fine.
WILLY:
Dat grif. Guon lju krije earst letter yn har libben de guit. Lyk as Thomas Edison bygelyks. Of B.F. Goodrich. Ien fan dy beide wie ek noch dôf.
(Hy rint nei de sliepkeamersdoar ta)
Biff is sa fortroud as de bank.
LINDA:
En, Willy, hwannear't wy ris in moaije snein hawwe, geane wy der ris mei de auto op út. En dan sette wy it foarrút iepen. En wy ite earne in brochje.
WILLY:
Né, by dy nije weinen kin it foarrút net mear iepen.
LINDA:
Mar dou hast it hjoed iepen hawn!
WILLY:
Ik? Och kom!
(Hy hâldt him yn)
Nou, is 't net eigenaerdich? Is 't net nuver?...
(Hy hâldt op, fornuvere en kjel).
LINDA:
Hwat, ju? | |
[pagina 119]
| |
WILLY:
Ik tocht oan dy Chevrolet.
(Efkes stilte)
Njoggentsjinachtentweintich, doe't ik dy reade Chevrolet hie...
(Hy hâldt op)
Frjemd, nou? Ik hie wol in eed dwaen wollen, dat ik hjoed yn dy Chevrolet ried.
LINDA:
Nou, hwat soe dat. Troch it ien of oar sil it dy wer yn 't sin komd wéze.
WILLY:
Nuver! Tsjong! Witst noch fan doe? Hoe't Biff dy wein altiten oppoetste? It woe dy autohanneler gewoanwei net oan, dat er der al fyftichtûzen kilometer op sitten hie.
(Hy skodhollet)
Hè!
(Tsjin Linda)
Jow dy mar fêst del, ik bin sa klear.
(Hy giet ta de sliepkeamer út).
LINDA
(ropt him efternei):
Foarsichtich op 'e treppen, leave! De tsiis stiet op it middelste boerd!
(Hja keart har om, rint nei it bêd ta, kriget syn jaske en giet ta de sliepkeamer út).
| |
II
BIFF
(by de doar, tsjin Linda):
't Is klear, wy hawwe de saek oan kant. Ik gean fuort, en ik sil jim net ienris mear skriuwe.
LINDA
(giet nei Willy yn 'e koken):
It liket my sa it bêste ta, jonge. Hwant it hat neat gjin doel en gean der noch mei troch, jimme kinne domwei net meiinoar.
(Willy seit neat)
.
BIFF:
Hwannear't de lju skielk freegje, hwer't ik sit en hwat ik by de ein haw, dan witte heit-en-dy it net en it leit har ek kâld. Op dy wize sil ik jimme wol út 't sin gean en kinne jimme wer hwat fleuriger wurde. Goed? Sa is 't yn oarder, nou?
(Willy swijt, en Biff giet nei him ta)
Sil heit my dan it bêste mar winskje? Hwat seit heit der fan?
(Hy stekt de hân foarút).
LINDA:
Jow him de hân, Willy!
WILLY
(keart him nei har ta, rekke):
It hat alhiel gjin doel en praet noch ris oer dy pinne, hear.Ga naar voetnoot4).
BIFF:
Wier, heit sil nea net ynsjen kinne, hwat soarte persoan ik bin, dat it hat gjin doel en tsier der langer oer. Hwannear't ik ris in greate hael dwaen mocht, dan sil ik in cheque stjûre. Forjit yntiid mar, dat ik der noch bin.
WILLY
(tsjin Linda):
Hy narret wer, siz!
BIFF:
De hân, heit!
WILLY:
Net fan doel!
BIFF:
Ik hie hope, net op sa'n wize fuort to gean. | |
[pagina 120]
| |
WILLY:
Nou, silst dochs op dizze wize fuortgean moatte. Goeije!
(Biff sjocht efkes nei him, draeit him dan hastich om en rint nei de treppen ta).
WILLY
(keart him om, mei it sizzen):
Dou meist ivich rotsje yn 'e hel, hwannearstou hjir wei giest!
BIFF
(draeit him om):
Hwat wol heit nou krekt fan my?
WILLY:
Ik wol datstou witst, yn 'e trein, op 'e bergen, yn 'e dellings, ja hwer ek mar, datstou dyn libben forgriemd hast mei narjen!
BIFF:
Dat is net wier!
WILLY:
Narjen, narjen, dat is de oarsaek fan dyn mislearjen! En hwannearstou alhielendal yn 'e ûnderwâl sitste, tink der dan ris oer, hoe't dat sa kommen is. Hwannearstou earne oan 'e spoarbaen leist to rotsjen, tink der dan ris oer, en weagje it dan net en jow my der de skuld fan!
BIFF:
Mar ik jow heit der de skuld net fan!
WILLY:
Ik nim de forantwurdlikheit net, hearst dat?
(Happy komt by de treppen del en bliuwt op de ûnderste optré stean to sjen).
BIFF:
Dat siz ik heit nou krekt!
WILLY
(lit him yn in stoel by de tafel weisakje, biskuldigjend):
Dou bisikest my de deastek to jaen, tinkst faeks dat ik dat net bispeur?
BIFF:
Bêst dan, bêst dan, swetser! Dan mar iepen spul!
(Hy skuort de gasslang ta de bûse út en smyt him op 'e tafel)
Ga naar voetnoot5).
HAPPY:
Dou idioate...
LINDA:
Biff!
(Hja sjit der op ta, om de slang to krijen, mar Biff hâldt de hân der oerhinne).
BIFF:
Lit lizze! Der net oan!
WILLY
(sjocht der net nei):
Hwat is dat?
BIFF:
Heit wit donders goed hwat dat is.
WILLY
(yn 'e knipe brocht, bisiket los to kommen):
Dat ding haw ik nea net sjoen!
BIFF:
Heit hat it wol sjoen. De mûzen hawwe it net yn 'e kelder tôge! Wie heit fan doel, him hjirmei foar to dwaen as in held? Of wie heit fan doel meilijen by my op to roppen?
WILLY:
Nea fan heard.
BIFF:
Der sil gjin meilijen foar heit wêze, heart heit dat? Gjin drip meilijen!
WILLY
(tsjin Linda):
Hearst it narjen wol?
BIFF:
Né, heit sil de wierheit hearre, hwat heit is en hwat ik bin! | |
[pagina 121]
| |
LINDA:
Ophâlde!
WILLY:
Narderij!
HAPPY
(giet fan de trepsoptré ôf, op Biff ta):
Hâld nou doch ris op!
BIFF
(tsjin Happy):
De man wit net, hwa't wy binne! Mar hy sil it witte!
(Tsjin Willy)
Nea gjin tsien minuten hawwe wy hjir yn dit hûs de wierheit sein!
BIFF
(keart him nei Happy ta):
Dou swetshals, bistou assistintynkeaper? Dou bist ien fan de twa assistinten fan de assistint, is 't sa net?
HAPPY:
Nou, ik bin as it der op oankomt...
BIFF:
As it der op oankomt bist in greate swéslagger! Wy alle gearre! Mar ik haw myn nocht der ôf!
(Tsjin Willy)
Nou, hark ris goed nei my, dit bin ik.
WILLY:
Ik ken dy wol!
BIFF:
Wit heit wol, hwerom't ik trije moanne lang gjin adres hie? Ik haw in pak klean stellen yn Kansas City en haw dêr foar sitten.
(Tsjin Linda, dy't snokkeret)
Hâld op fan gûlen, ik haw myn nocht der ôf!
(Linda keart har fan de oaren ôf, de hannen foor it gesicht).
WILLY:
Dat sil myn skuld wol wer wêze!
BIFF:
Sûnt ik fan de h.b.s. kommen bin, haw ik my út alle goede baentsjes wei stellen!
WILLY:
Hwa syn skuld is dat?
BIFF:
En ik koe nea gjin plak fine, om't heit my sa eigenwiis makke hat, dat ik it net forneare koe en nim de oarders fan ien oan! Dat is, hwa syn skuld it is!
WILLY:
Ik hear it!
LINDA:
Stil nou doch, Biff!
BIFF:
Bliksem, it wurdt tiid dat heit it heart! Ik moast altyd binnen fjirtsjin dagen baes fan de hiele saek wêze, mar nou haw ik myn nocht der ôf.
WILLY:
Forhingje dy dan! Forhingje dy, om to narjenl
BIFF:
Né, net ien forhinget himsels! Hjoed bin ik alve fordjippingen delflein mei in pinne yn 'e hân.Ga naar voetnoot6). Mar ynienen bin ik stean bleaun, heart heit dat? En midden yn dat kantoargebou, heart heit? Midden yn dat gebou bin ik stean bleaun en ik seach... de blauwe loft. Ik seach dêr't ik wiis mei bin op dizze wrâld. Wurk, en iten, en tiid om to sitten en to smoken. En ik seach nei de pinne en sei tsjin mysels: hwerom haw ik dit ding yn 'e goedichheit meisnipt? Hwerom bisykje ik to wurden hwat ik net wurde wol? Hwat doch ik op in kantoar, en stel my oan as in forachtlike idioat fan in bidler, wylst alles hwat ik winskje dêr bûten is, en wachtet op it momint | |
[pagina 122]
| |
dat ik sizze doar hwa't ik bin. Hwerom mei ik dat dan net sizze, heit?
(Hy bisiket klear to krijen dat Willy him oansjocht, mar dy skuort him los en set nei lofts ta).
WILLY
(hatich, driigjend):
De doar fan dyn libben stiet wild iepen!
BIFF:
Heit, ik bin in mantsje fan neat, en mei heit is 't itselde!
WILLY
(set op him ta, boarst ûnbihearske út):
Ik bin gjin mantsje fan neat! Ik bin Willy Loman, en dou bist Biff Loman!
(Biff set op Willy ta, mar wurdt fan Happy keard. Yn razene lilkens liket Biff op sprong, syn heit oan to pakken).
BIFF:
Ik bin gjin man dy't lieding jaen kin, en heit likemin. Heit hat nea hwat oars west as in lytse wrotter, dy't op 'e jiskebult tolânne kommen is lyk as alle oaren! Ik bin in mantsje fan in dollar yn 'e ûre, heit! Ik haw it yn sawn steaten bisocht, mar koe dàt net ienris rêdde! In dollar yn 'e ûre. Fettet heit hwat ik bidoel? Ik kom net mear mei hokfoar prizen thús,Ga naar voetnoot7) en heit moat ophâlde fan tidigjen dat ik der mei thúskomme sil!
WILLY
(rjocht op Biff ta):
Dou falske, gemiene grimmyt!
(Biff rekket los fan Happy. Willy, bang, fljocht by de treppen op, Bill grypt him).
BIFF
(op it hichtepunt fan syn lilkens):
Heit, ik bin neat! Ik bin neat, heit! Kin heit dat net bigripe? Dat hat mei narjen neat mear to meitsjen. Ik bin dy't ik bin, dat is alles.
(Biff syn lilkens is útwoede, hy sakket yninoar, snokkerjend, wylst er him oan Willy beethâldt, dy't forslein nei Biff syn gesicht taest).
WILLY
(fornuvere):
Hwat dochst nou? Hwat dochst nou?
(Tsjin Linda)
Hwerom gûlt er nou?
BIFF
(brutsen, gûlt):
Yn 'e Godsnamme, lit my gean. En nim dy heechmoedige dreamen wei, forbaern se ear't der hwat bart!
(Hy fjochtet om himsels to bihearskjen; hy skuort him los en giet nei de treppen ta)
Moarnier sil ik gean. Bring him... bring him op bêd.
(Oanein giet Biff by de treppen op, nei syn keamer ta).
WILLY
(nei great skoft stilte, fornuvere, orémus):
Is dat... is dat net bisûnder? Biff... hy hâldt fan my!
LINDA:
Hy hâldt fan dy, Willy.
HAPPY
(djip troffen):
Dat hat er altyd dien, heit.
WILLY:
O, Biff!
(Hy sjocht wyld om him hinne)
Hy gûde! Hy hat tsjin my gûld!
(Hy kin syn leafde hast gjin roette jaen en uteret syn foarsizzing)
Dy knaep... dy knaep sil in great man wurdel!
|
|