De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 113] [p. 113] Liuwe Dykstra: Douns glêsskerven brekke út trompetten heech raest in blues de earmoed út fan holle dogma's mistyk skriemen fan saxofoans spat op tsjin finzenissen fan morael trommen sjonge fan folsleine leafde de fikty fan de sûnde hâldt ús tsjin klanken taeste nei de ivichheit foar dy en my gjin ivichheit foar ús de hel Vorige Volgende