| |
| |
| |
A. Jousma:
De ballade fan Thodeswinde
Dêr't de Frankne sterke stinzen steane,
fier yn 't suden, is de breid oankommen:
Thodeswinde. En hja kaem fan earne
heech yn 't noorden, dêr't de séen skommen.
Nei it suden teach hja. Lange dagen,
dat hja 't lûd fan sé en wyn net hearde,
reizge hja oer heuvels, dêr't de hagen
ryklik bloeiden en gjin branning bearde.
't Ryk fan Redbad yn it kâlde en hurde
noarderlân hat hja foargoed forlitten.
En hja reizge swijend: sûnder wurden
hat hja dagen lang op 't hynder sitten.
Waerden eltse dei de mylde strielen
fan de sinne waermer, mei de ûre
groeide djip yn har it froastich fielen
fan forlangst nei rûge Noardsé-oere.
Langstme nei de âld-bitroude strânnen
woechs lyk op mei 't smûke fan de wegen.
De ûnwenn'gens lôge as in brân en
iiskâld ried hja nei de hal omhegen.
‘Frankekening, Jo dy't to oerwinnen
wisten Fryslân's hear en al syn helten,
sjoch, hjir bin ik, kaem nei 't lân fan sinne
út it ryk fan dampen en fan delten.’
‘Frede dy, prinsesse, Redbad's dochter!
Frede ek mei dyn lân fan sé en marren!
Frede mei dyn Heit! Wiswier, hy kocht der
ryklik fan foar hege priis. Kom harren,
knibbelje foar 't krús en wij dyn sliepen
mei de breidskrâns, swar dyn wylde goaden
en goadinnen ôf en stel dy iepen
foar it Wurd fan Kristus en syn boaden.’
| |
| |
Grimoald kaem glimkjend oan har side
en in liet fan langst hal yn him songen.
Grimoald, hal ea mei sok in blide
leafdesdream in frou dyn hert bifongen?
‘Grimoald, my stjûrt as pân fan frede
Redbad, kening fan de Noardséstrânnen.
Fyn ik yn dyn helteëach genede,
gun my dan om my dyn breid to neamen.’
‘Thodeswinde, leafste wûnderkeine,
wês de hearskeresse yn myn wenten.
Wês de keningshallen ta in seine,
fier fan Redbad en syn neare klinten.’
Redbad -: hja bitocht, hoe dat hja drôven
yn syn stins, dy lêste lege stounen.
Hja bitocht de hallen en de hôven,
dêr't har bernejierren blidens founen.
Doe't hja nei it alter kaem en trêdde
troch it Godshûs, dêr't de lampen barnden,
glieden fan har lippen wol de rêdde
wurden, dy't as Kristenbea toraenden.
Grimoald, dêr't er yn 't breidsbêd rêstte,
hat hja lang bisjoen mei flamjende eagen.
Nou't it fûl bigearen yn him dwêstte,
kaem har hate omheech yn wylde weagen.
Foar har each forriisden d'âlde strânnen,
dêr't de dampen nei de kimen driuwe,
dêr't de grize en flakke en feale lânnen
dreame en dêr't de wite wolkens kliuwe.
En hja sloech it blanke breidsklaed iepen,
dat de steile Redbadrunen blonken
op it stiel. Sa, wyl't er lei to sliepen,
is de foarst yn djipste sliep forsonken.
Redbad yn syn hal, hy stoarre en drôve
en bitocht de lêste swiere stounen,
doe't syn dochter doarme troch de hôven,
dêr't har bernejierren blidens founen.
| |
| |
‘Kening Redbad, my stjûrt Thodeswinde,
't keningsbern, dat Fryslân's fijân deade.
As har boade stjûrt hja my: ik kin de
dolk fan wrek dy toane: bluodrich reade.
Kening Redbad, rouje om dyn dochter.
Hja, dy't teach as breid nei Frankne hallen,
is net mear. Hwant Thodeswinde socht der
sels de dea en is de dea forfallen.
Thodeswinde's trêd sil net mear klinke
yn de skymring fan dyn hege hallen.
Kening Redbad, lit it kriichsswurd blinke
tsjin de Franken, kwant har hear is fallen!’
Redbad hal de kriichsrop troch syn lânnen
lûd bazune. Nei it suden teach er,
stried en sloech, tobriek de Frankne bânnen
en in nije tiid fan gloarje seach er.
Wenne wer as earen yn de hallen,
dêr't har bernejierren blidens founen,
ear't hja gie nei 't lân fan wrede Gallen,
dy't it keningsbern as kriichsbút wounen.
Dit is it forhael fan Thodeswinde,
't keningsbern, dat Fryslân's fijân deade,
Mocht myn wurd har boade wêze en de
boade fan har leafde, bloedich reade!
|
|