Dêr hat hja grif nei fornommen, tocht er.
‘Net bêst’, sei hja doe.
‘Jo kinne der net folle út wiiswurde?’ gekke er.
‘Mear as my leaf is’, wie it andert. ‘Sil ik mar gean?’
‘En dan giet de keap ek oer?’
‘Dat fleske kin ik wol sûnder.’
‘Mar hwerom doch?’ biddele er, nijsgjirrig wurden. ‘Fortel my mar gau hwat, dan krije jo dat fleske mei!’
‘Leaver net. Hwat ik jo fortelle moat, is net sa aerdich foar jo. En it komt út, dat wik ik jo.’
‘Dat sil ik ôfwachtsje moatte. Mar fortel op, ik stean der op!’
Wer krige hja de hân en stoarre nei de linen.
‘Binne jo tige wiis mei jou frou?’ frege hja doe.
‘Ja wis. Hoe dat sa?’
‘Jo hawwe har troffen op in skip, liket my ta.’
Hja koe dus yn alle gefallen de tinzen lêze, hwant dat kloppe, en it wie net oan to nimmen, dat immen har dat fortelle kinnen hie. Ja, op in boat fan Amsterdam nei De Lemmer hiene hja moar moete. It wie in reinige simmerdei. De mannich reizgers hiene har deljown yn it kajút, mar it hie him dêr to near west. Hy hie oan 'e reling stien. Dêr wie hja neist him kommen: hja hie ek har nocht hawn fan dy neare atmosfear dêr ûnder. Hja hiene oan De Lemmer ta stien to praten. Datselde jiers noch wiene hja troud.
‘Dat hawwe jo goed ret’, murk er op.
Hja gie der net op yn, skodholle allinnich mar.
‘Troch in skip sille jo har ek wer kwytwurde’, kaem der dan.
‘Nijsgjirrich, krekt in roman’, gekjage er. ‘En dan sil ik har net wer sjen, fansels.’
‘Ja, doch, ien kear noch. Mar net mei har prate’, kaem it earnstige andert.
‘Nou, dat is dan net oars’, makke er in ein oan de saek. Hy krige it fleske fan it rak en tearde der in stikje papier om.
‘Jou lean. En ik hoopje dat jo mis binne.’
‘Ik woe foar jo wol, dat ik mis wêze koe. Mar rekkenje der net op!’ Hja stoep ta de winkelsdoar út.
Hy koe net ûntstride, dat hja yndruk op him makke hie. Mar dat hearde fansels by it fak; en by it ras, net to forjitten. Hawar, hy soe der mei Jehanne mar net ienris oer prate, hja soe der om gnyskje en him faeks ek noch forwite, dat er dêr nou in fleske Cleopatra oan forgriemd hie. It wie wol net sok djûr guod, en al to bêst wie it ek net. Mar dérom hoegde it sa noch net. En hja soe gelyk hawwe.
Hwat moast men nou út soks opmeitsje? Net mei har op