De Tsjerne. Jaargang 12
(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 1]
| |
De reade rispinge
It kommunisme hat syn dreamers en profeten,
hja dy't it earlik miene mei de mins,
mar 't hat syn skoften ek en syn proleten,
om't hja gjin fieling hawwe foar de grins
fan frijdom en de steat fan slavernije,
al spat it bloed harselme ta de strôt,
lykwols, de risping is foar Hongarije,
wylst noch de robots ride troch it nôt!
| |
[pagina 2]
| |
De simpele dingen
Dou tinkst fansels, in wjirm dy fielt gjin pine,
stekt men him mei de modderklút midstwa,
en hellest dou de lodde út 'e groun: sisa,
de iene helt dy sil de oare wol wer fine.
Nou komt oer bisten dy't gjin harsens ha,
lit stean hja wurde fan in hert forbline,
moai wis de ljep it êste oardiel ta,
al is 't gjin styl en doch as Pierlala, -
dan rint it út op skieding fan de seksen;
dat wês in fint, mar mocht de loft ris tine,
en moatst dy soms yn bange bochten wine
- forried it net, by alle heksen! -,
mei 't blinkend blêd allyksa iepenskine,
hwant och, dy kronkels binne mar reflexen...
| |
De slieperdyk
Al hat men dy in slûgert teld,
dêr't elkenien oerhinne wâdde,
dou naemst sok sizzen dy net nei,
mar wylst dyn stille wêzen swei,
de séën la in wachter steld,
bistou deselde bleaun, de âlde,
dy't wit fan wetten en gewelt,
hwant hat it springtij nearne kear
en brekt de brânning it forwear,
dan moat de slieperdyk it hâlde!
|
|