De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 7] [p. 7] Durk van der Ploeg: Definysje myn hannen hawwe dy foarme út rûge stien lykastou bistien hast yn myn forbylding. myn fingerseinen bliezen amme yn dyn noasters, myn mûle makke dyn tonge los, myn eagen boarren gatten yn dyn granyt. dou hast gjin lichem dou bist in soan fan my, skepen út myn forbylding, minsklik libjend yn myn tinken, trochbrekkend de logika fan myn forstân. dou bist ûntaestber ûnforklearber dou bist de dichter yn my. [pagina 8] [p. 8] Drink my ut dyn eagen binne twa skealjen blinkend as koper. ik wurd woegen yn dyn djipte hifke yn dyn kâlde hannen. wifkje net, omklamje my as in wynglês, set my oan dyn lippen. drink my út mei hetsige swolgen. _____ moarn sil ik dy it mannewaer lêze moarn, as dauwedrippen yn 'e tsjelken fan 'e titelroazen hingje om tiid to forliezen. miskien doch ik it net ik wit it net, moarn duorret sa lang, faeks bitink ik my en doch it net. ik tink hast dat ik it net doch né ik doch it net moarn sil ik dy roazen stjûre. [pagina 9] [p. 9] Hermetysk dou bist in albasterne krûk, dou hast net earder wearde as ik dyn slanke hals fan trochskinend moarmer midstwa brek en dou leechskonken wurdst únder de strûken fan myn forduldigens en dyn kostbre salve myn wounen forsêftet. mar dou bist in albasterne krûk, eal fan foarm hermetysk sletten net to bidjipjen net to priuwen dou bist stien dou bist kâld. sil ik dyn slanke hals midstwa brekke? Leste reis ik wachtsje by de halte dêr't elke pine de ierdske freugden absorbearret. moanneljocht gliidt oer myn fuotten ta in lêste oantinken oan dizze forflokte planeet. de trein skout foar fier oer de bergen riid ik nei boppen dêr't de pine himsels forlit en de snietoppen teije ta in gletsjer in wetterfal in himelske rivier dy't net to stjalpen is. [pagina 10] [p. 10] Ekspedysje God is it prisma dy't it spektrum formearret. sawn kleuren fan Syn leafde falle oer myn hannen. ik ûntdek mysels op de ararat en sjoch it teken oan 'e loft. foar my ût giet in ekspedysje fan archeologen dy't noach's arke sykje. mar it teken, it teken sjogge hja net. Dounser ik bin dounser op it tinne trie dat slingert ûnder de kosmyske strielen fan de himel. de horizon stiet fertikael to laitsjen om myn dwaesheit en it publyk flokt en tjirget om't ik út 'e blâns reitsje. noch ien kâns; myn teannen kromje krampich om it tinne trie, dat aloan heger klimt: alle ierdskens fier to boppe. [pagina 11] [p. 11] Dou dou bist in wolk yn it wetter; in flakke spegel, taestend nei djipte en aloan fan foarm foroarjend op en del geand' mar altyd tekenjend ienfâldich, seldsum trochskinend as blank wetter. _____ der is neat mear dat bynt, alles fynt himsels; dichters slute har op yn it wurd dat boartet yn har koele fingers, yn de spegel fan de takomst stiet it grimas fan de tiid dy't út it bistek fan dizze ieu kantelt. God sil ienris alles bine, yn alles fine Himsels. Lit us.. lit ús weromgean troch it moeras fan de tiid. lit ús in kultuer opbouwe út rendieren en mammoets. lit ús mei hiëroglyfen fersen skriuwe yn 'e poalsnie. lit ús tajaen dat de tiid ús kommunikaesjemiddel is. Vorige Volgende