frij goed yn de roas sjit en as taljochting by syn skôging in essinsieel sitaet fan Folkertsma jowt, dat yn inkele rigels de Fryske kwestje klear en skerp stelt.
Hwat my al opfalt, hoewol gjin nij docht, is, dat de hoflike auteur syn ‘portrait’ hjir en dêr mei romantyske kleuren skilderet en soms positive útspraken docht, dêr't insiders in fraechteken sette soene. Dat ‘the Frisian tradition is maintained by the Dutch royal family’ giet my stûf genôch. De bitinking fan de slach by Warns ‘has become a national day’. Prinsipieel en yn it leauwe ja, mar de bûtensteander, dy't dit lêst, forbynt der faeks ek in kwantitative diminsje oan, dêr't wy noch altyd op hoopje. Ek woe ik wol, dat it yn it generael wier wie, dat de Friezen fan hjoed-de-dei genêzen binne fan har minderweardichheitskompleks. En ik haw biskamsum konstatearre, dat in heal minskelibben yn Amsterdam jin dochs wol fan it folk forfrjemdet, doet ik mei niget yn dit Ingelske boek lies, dat de ritus fan it opsitten fan feint en faem mei it kritearium fan de brânnende of údôve kears ‘a still prevalent custom’ yn Fryslân is.
Hawar, in bytsje ûnskuldige romantyk is net slim yn in sympathike skôging, dy't fierders de bilangrykste aspekten fan it Fryske libben typearret.
Yn de folgjende sawntich siden wurdt dan de litteratuer bihannele, spesiael de poëzij, fan de âld-Fryske wetten oant Klaes Dykstra en Nyckle Haisma. Lyk as ik al sei, dit is net en wol ek net wêze in brede krityske stúdzje, mar in ynformatyf en typearjend oersjoch, en as sadanich is it in bêst stik wurk, gâns better as party Hollânske boekjes, dy't yn lyts bistek in frjemde litteratuer bihannelje.
It wie fansels ûnmooglik, om yn sawntich siden alles en elkenien syn gerak to jaen. De skriuwer moast in kar dwaen en dy is altyd subjektyf en wie yn dit gefal ek foar in part ôfhanklik fan persoanlike kontakten. Dy persoanlike ynfloeden lêst men yn en tusken de rigels. Se meitsje oan de iene kant de stof konkreter, aktuéler, minskliker, oan de oare kant kinne se de iensidichheit bifoarderje en oarsaek wêze fan in hiaet. Oer de fraech, hwa't nou krekt al en hwa't net bilprutsen wurde moasten, striidt men net by in wurk, dat yn 't algemien sa goed oan it doel biantwurdet. Mar as it feit, dat bygelyks Gerben Brouwer net neamd wurdt, hwaens Weagen in markanter en bilangriker plak hawwe yn de Fryske poëzij as it wurk fan mear as ien, dy't hjir wol yn foarkomt, in forsin is fan Howard Harris syn adviseurs, dan is 't in like slim forsin as dat Hollanners de nammen fan Frans Bastiaanse en