De Tsjerne. Jaargang 12(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 16] [p. 16] Fedde Schurer en D.A. Tamminga: Fearpikkende op 'e ParnassusGa naar voetnoot*) II FEDDE SCHURER: Sclerose wankt net inkeld op dit pleintsje. Wês hoeden, al to oermoedich muzefeintsje. Blaes net to heech fan dyn ivoaren toer, 't Is nammers slipsop út in kalken eintsje. D.A. TAMMINGA: It prachtich spektrum yn sa'n sjippebuorle Hat dichter's dagen mei in glâns forfolle. Syn taest nei it ûntaestb're bliuwt in griis Foar mannich politike stamboeksbolle. FEDDE SCHURER: Kom, sjoch de saek hwat breder en hwat frysker. Dû spilest yn 'e kaert fan snob en gnysker. Ik woe dy wizer, djipper, wylder ha Dû al to njuete, al to Tamme Tysker. D.A. TAMMINGA: My heucht in dichter, dy't mei de Ingel stried Oan Jabbok's ich om 't preesterlike liet. Hoe kin it oars, dat sa'n ien yn dy keamer Swier hinkjend oan 'e heup syn wegen giet? FEDDE SCHURER: 't Vitale is rûch, 't sterile almeast perfekt. It libben kiest aloan in nij objekt. Is yn 't kolleezje fan ús Kardinalen De prêtre-ouvrier ûnearber en suspekt? D.A. TAMMINGA: O, wurker fan de alfte ûre, o pater, Dou learst him al, de rol fan glêdde prater. It líbben, achte ôffurdige, keas hjir net, It wie dyn kar, dyn kar-dinale flater. (wurdt fuortset) voetnoot*) Sjoch foar it bigjin fan dizze polemyk it desimbernûmer '56 Vorige Volgende