De Tsjerne. Jaargang 12
(1957)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 17]
| |
H.T.J. Miedema:
| |
[pagina 18]
| |
Redbad syn gewelt en rôverij to lijen hiene. Dêrom woe Redbad ek him fan kant meitsje. Dat Wursing doe net nei it mear bisibbe Ingelân flechte, mar nei de Franken, is wol to forklearjen meidat Redbad syn dochter mei de Frank Grimoald, de soan fan Pippyn en Plektrude, boaske wie. Wursing flechte dus net om't er kristen wie. Grimoald waerd yn 714 formoarde fan in heidenske Fries en yn itselde jier kaem Pippyn to forstjerren. Redbad sleat in boun mei Neustrië, it westen fan it Frankyske gebiet, en forsloech yn 716 yn it hert fan de fijân, by Keulen, leger en float fan Karel Martel, in oare soan fan Pippyn. Willebrord wie doe fan Wilteboarch-Utert útwykt nei it kleaster to Echternach en earst doe't Redbad yn 719 forstoar, koe er wer mei it bikearingswurk ûnder de Friezen bigjinne. Yn de Aldfryske litteratuer, foar in great part wurk fan de geastlikheit, forskynt Redbad hast as in kweageast. De Fryske humanisten seagen him lykwols as in symboal fan de âlde Fryske frijheit. Yn de tiid fan de romantyk hawwe ûnder oaren Jacob van Lennep en Arent van Halmaël him bisongen. Yn 1835 kaem sels in twadielige Redbadroman út fan in ds. Arn. de Jong. By myn witten hawwe de Halbertsma's en Harmen Sytstra Redbad en Aldgillis allinne ris brûkt yn smoute teltsjes, dy't hja jerne om 700 hinne spylje litte woene, dus inkeld as byfigueren. Dochs waerden hja en ek Tiede Dykstra as romantisi tige oanlutsen en bitsjoend fan it greate en geweltige fan dy tiid. De ynfloed fan Harmen Sytstra syn bea ta Alfader en Tiede Dykstra syn Noarderhêf is werom to finen yn it greate dichtstik De Friezen dat Onno Harmens Sytstra twa en tweintich jier âld, yn 1880 skreaun hat. It is in Fryske skiednis op rym, dêr't er ek jerne sêgen by brûkt, lykas dy fan it Aziatyske komôf fan Friso en syn folk. Nei de Romeinske bisetters komt er op it kristendom:
Mar wé! in oar gefaer driicht oan 'e suderkimmel
Wie 't mar dy krigermacht mei wapens ôf to slaen -
Mar as in slepend gif sil 't geast en krêften nimme
En 't sil yn stiltme sa syn helske wurking dwaen.
Lyk as de njirren oan de wròldesks woartel slabje,
Lyk as de harten him ûntnimme bast en knop,
Sa sil dit helsk forgif oan Friezne greatheit knabje,
Oant him bidjer trochkrûpt fan ûndren ta de top.
Dy falske leagenlear sil 't Fryske folk fordjerre,
Sil d'âlde goadenstam delhompe yn Hela's ryk,
En ringen sil gjin Fries nei d'òlde bard mear hearre,
En frijheit nimt wis gau nei 'n trouwer folk de wyk.
Ek oare Friezen binne fan Redbad en de romantyk fan de | |
[pagina 19]
| |
âldste Fryske skiednis ynspirearre: bygelyks Sytstra syn freon Piter Jelles en de Bernlef-sjonger J.B. Schepers, âlderen as Marcus Miedema en jongeren as Jan fan 'e Gaestmar en... Albert Wybenga. Yn de ynlieding op De striid om Keulen wiist syn soan hjirop en sitearret de fjouwer rigels fan Sytstra's Friezen, dy't as motto tsjinje boppe it dichtstik fan syn heit oer De âlde Friezen en it Kristendom yn it bondeltsje Maitiidsgrien fan 1911. Hjiryn wurdt noch gjin ûnderskie makke tusken de histoaryske Redbad en de Redbad II fan de leginde.
Douwe Kalma syn Kening Aldgillis fan 1920 is, by alles hwat der út technysk eachpunt op to sizzen wie, mei ynmoed spile. It stik hat by de Jongfriezen gâns losmakke dat mear histoaryske en idéologyske bisinning brocht. Sûnt de tweintiger jierren binne forskate Fryske en Nederlânske skriuwers troch Redbad en syn tsjinspiler Willebrord ynspirearre. Destiids makke de roman Stormenland (1929) fan de Limburchske skriuwster Marie Koenen tige yndruk op my. Lykas yn har biwurkingen fan Karolingyske en Keltyske romans is it der har net om to rêdden mei histoarysk forantwurde bisûnderheden de skiednis ta nij libben to bringen, mar hja ropt sfear en idéalen fan dy oare tiid en wrâld op en jowt it tinken en fielen wer fan har persoanen. Is har foarstelling faek nayfiensidich, har opteinens nimt jin mei. Willebrord is har helt: as jonge al wie der gjin forkeards fan him to sizzen en letter, as er foarsichtich en moedich foar Redbad syn troan forskynt, moat dy erkenne dat Willebrord ien fan it eigen folk is, alteast nei bisibbe, mar dat spitigernôch it kristendom him forbjustere hat. Redbad stiet him net ta to preekjen en dêrom giet Willebrord nei de Frankyske hearsker Pippyn, dy't syn frou Plektrude oan de kant skoud hat en eanget dat him nou syn twade houlik forwiten wurde sil, troch syn Frankyske preesters op syn oanstean sletten. Sa bliuwt Willebrord de hege figuer, fan alle foarsten achtenearre om syn kristendom yn wurd én die, yn in tiid fan great forfal yn de tsjerke. Redbad is hjir de man dy't efter it kristendom binammen de minne kristenen sjocht, in gefaer foar syn lân en folk, mar dy't, as syn soan en dochter kristen wurde ta in inerlike twastriid forfalt, dy't útrint op de legindaryske mislearre doop. Willebrord hat op de ein fan syn libben de greate toloarstelling dat Winfryd-Bonifatius, de man dy't by útstek syn idéael, de bikearing fan de Friezen, ta wurklikheit meitsje kin, him | |
[pagina 20]
| |
net opfolgje wol, mar oare wegen giet. It boek spilet yn Northumbrië en yn Ierlân, op de Wilteboarch en yn Medemblyk, gauris ek yn Maestricht en súdliker, mar net yn ús Fryslân. De striid om Keulen wurdt mar efkes neamd en de ôfrin derfan wurdt to gunstich foarsteld foar Karel Martel. Likemin as Marie Koenen hat in oare neo-romantikus, J.B. Schepers, bisocht him oan de histoaryske feiten to hâlden, yn syn Radbout (1932), in yn it Nederlânsk skreaun drama yn fiif útkomsten. Hy sjocht yn Redbad in foarst dy't net libbet foar syn leauwe, mar foar de frijheit fan syn lân. De ynsinking fan Fryslân is it gefolch fan de godstsjinststriid: fan de kristen-Friezen, dy't har net genôch tsjin de Franken forsette en fan de heidenen, dy't de Noaren ynhelje. De forbining fan de Fryske frijheit oan in godstsjinst is forkeard: al to let komt Redbad ta it ynsjoch dat frijheit fan godstsjinst eask wêze moat. Dêrom lit er him net dope. It stik spilet yn it jier fan Redbad syn dea, yn Medemblyk en foar it greatste part yn Wierum, dêr't Willebrord by in skipbrek troch jutters opheind wurdt, mar dêr't er ek kristenen fynt, ûnder oaren de jonge Liudger al. By de bitinking fan Willebrord syn stjerdei yn 1939 skreau de Nederlânske dichter Jan Engelman in mystearjespul Sint Willibrord yn tsien tafrielen nei midsieuske trant, mar foar it greatste part yn fiiffuottige jamben, lykas Scheper's stik ek. Engelman wykt net bot ôf fan hwat skiednis en leginde fortelle. It toaniel is yn de himel en oan de rânne fan de hel, yn Ierlân en op Walcheren, op Redbad syn stins, to Utert en yn it Teutoburgerwâld en bytiden gripe Lucifer en Gabriël yn as der minsken om harren roppe. Nijsgjirriger is de Redbad fan Ane Jousma, in net-printe histoaryske forbylding yn tsien tafrielen, yn 1941 to Ljouwert opfierd fan it kritetoaniel fan it Ald Selskip. Jousma hat sels as Jongfries oan Kalma syn Kening Aldgillis meidien. Syn stik hat er ek yn fiiffuottige jamben skreaun. Redbad, fan syn heit forballe nei Helgolân, komt werom as Aldgillis op it uterst leit en Ado Wursing wifket oft er op it Frankyske oanbod yngean sil: hy as fôgd oer Redbad syn jongere broer. Mar de heidenske preesters gripe yn en Redbad wurdt kening. Tonei sil syn hate him helpe om Fryslân frij en great to meitsjen. Lykwols, troch de leafde fan en foar in Fryske faem en it sjen fan in krúsbyld mei de lijende Heilân, yn it niis oermastere Utert, kin er net mear haetsje en fuortynienen is it út mei syn oerwinningen. Hy fielt him skurf en skuldich, mar sjocht gjin útkomst. Kristus únthjit him gjin help by de | |
[pagina 21]
| |
striid tsjin de Frank: Hy ken gjin ûnderskie fan folken en gjin gewelt, allinne frede. Eigen Friezen, lilk op de nou sa twifelriedige Redbad, stekke Starum yn de brân. Redbad kin wer woedzje, nou tsjin Franken én Friezen. Mar fjirtjin jier letter is it wer mis. As âld man moat er it heechste offer bringe: syn dochter, syn bêste stipe tsjin de Franken, moat er oerjaen oan Grimoald, de soan fan Pippyn. Lykas in oare Judith deadet hja him, mar ek harsels. Nou is alle leafde yn Redbad stoarn. Hy sjocht, allinne yn hate sil Fryslân winne fan de Franken, nou't dy ûnderling deilis binne en de stêd fan Keulen sûnder folk leit. Hjir hawwe wy dus de hate en it gewelt as de krêft fan it heidendom. Dit is gâns in forskil mei de Redbad fan Kalma yn syn Leafwyn, ek fan 1941. Jousma achte Kalma syn kening to guodlik en to filosofysk mei tofolle redenaesje en to min passy. Kalma giet der lykwols fan út dat Redbad wol de lêste greate foarfjochter wie fan it Fryske heidendom, mar dat er yn syn lêste striid, yn bounsfreonskip mei de kristlike Neustriërs, folle mear rjochte wie op in steatkundich as op in godstsjinstich doel. Hy seit dit yn de ynlieding ta syn Keningen fan Fryslân, dy't yn twa dielen yn 1949 en 1951 forskynden. Yn dizze fiif toanielstikken yn fersen byldet er Redbad út en fjouwer oare foarstefigueren om him hinne: syn beppe Thied, syn heit Aldgillis, syn suster Ydwine, keninginne fan Northumberlân, en syn soan Leafwyn. De earder forskynde Aldgillis en Leafwyn binne hjir foar in part omwurke yn opnommen. Ydwine en Redbad binne nij, skreaun yn de lêste oarloch, elk yn fiif útkomsten. Redbad is hjir de nommele hearsker, dy't foar alles om it bilang fan syn folk tinkt. Hy wol net foar de goaden stride en bileaven net in kristenhater lykje. As nettsjinsteande syn bifel ien fan de Neustryske bounmaten by de oermastering fan de Wilteboarch Willebrord syn tsjerkje yn de brân stekt, ûnthjit Redbad skeaforgoeding, ek al wurdt er fan de heidenpreesters biskuldige fan troubrek foar de goaden oer. Hy tsjinnet allinne de bilangen fan de Friezen, sûnder de rom fan Fryslân to sykjen. It stik spilet yn Starum en yn Keulen, dêr't Pippyn op syn uterst leit. Bihalven Willebrord, as biskop fan Utert, komme der in Neustryske muonts, seinboade fan syn lân, en in Amandus yn foar, biskop fan Keulen, dus net de bikende hillige fansels. Willebrord forwyt dizze Amandus fûl dat it him mear om eigen macht to rêdden is as om Kristus' bliid boadskip. Treflik is yn de lêste útkomste de biskriuwing fan de slach | |
[pagina 22]
| |
by Keulen, sa't Willebrord dy sjocht fan in hichte oan de Ryn. Nei Redbad syn oerwinning mei Willebrord net oer de Fryske swetten komme. Dochs komt myn Hear yn Fryslân, seit er lykwols tsjin Redbad. Dy sjocht it swurk wol driuwen, mar fynt treast yn de oertsjûging dat er fochten hat foar syn folk en dat God mei him wie. Sa sil er ek libje yn de lieten fan letter ieuwen, is syn oertsjûging.
Lêst men Wybenga's roman, dan wol it jin hast net oan dat dy alhiel los fan Kalma syn wurk skreaun is. Doe't ik Wybenga Jr. dernei frege, joech er lykwols it positive andert dat syn heit fan Kalma syn boeken allinne Skiednis fen Fryslân yn de hûs hie en lêzen hat. Hy moast neat hawwe fan Kalma syn ‘wurdkunst’. Syn ynspiraesje komt grif út deselde boarne as syn fers fan 1911 dat Sytstra's rigels oer de âlde Friezen en it kristendom as motto hat. De roman is yndield yn trije boeken. It earste spilet yn it lêstoan fan it jier 712 en bringt ús yn de kunde mei kening Redbad en syn wichtichste meiwurkers, de Wodanpreester Hedzer en de âlde haedman Ringnerus, mar ek mei Willebrord en de kristen-Fries Ado Wursing. De dûbele tsjinstelling heiden-kristen en Fries-Frank bigjint him tsjin de histoaryske eftergroun fan tastannen en persoanen al ôf to tekenjen. Boek twa lit sjen, hoe't yn 713 de forhâlding tusken Friezen en Franken hieltyd nuodliker wurdt. De oarloch brekt út yn 714, in striid alderearst om de Rynmounings; de Frankyske float wurdt mei help fan de Denen forslein. Willebrord giet fan Utert nei Echternach om eigen feiligens. It ynlânsk forset yn Fryslân wint oan, de Wursings wurde útmoarde, Westergoa platbaernd. It tredde boek bigjint mei it krisisjier 715. Karel Martel kriget it biwâld oer Keulen. De Friezen oermasterje de Wilteboarch en Doarestêd en leverje it oare jiers mei Deenske help Karel slach by Keulen. Nei de Fryske oerwinning yn Utert werom, freget in Angelsaks, it is Bonifatius, Redbad forlof yn it Fryske ryk to preekjen. Dat wurdt him wegere; it is foar Winfryd tonearsten better en gean nei Keulen. Dit bislút fan it boek wiist der op dat Redbad gjin hate hie yn it kristendom, nou't er de Franken tydlik útskeakele hie. Hy koe dy beide dochs ûngelyksoartige machten mar min los fan inoar sjen. Dat wie it tragyske foar him en foar de kristenen.
Forlykje wy Wybenga syn opfetting oer Redbad en Willebrord mei dy fan de oare skriuwers, dan is it dúdlik dat it | |
[pagina 23]
| |
de beide net-Friezen, Marie Koenen en Jan Engelman, der allinne om to rêdden wie en byldzje de figuer fan Willebrord út en syn bitsjutting yn de striid tusken kristendom en heidendom. By de oaren komt Redbad mear nei foaren. Schepers, mar binammen Kalma, Jousma en Wybenga binne Frysknasionael ynsteld. De twa earsten meitsje fan Redbad in foarst dy't tige fordraechsum wurdt of is yn saken fan godstsjinst. It is har alderearst om Fryslân en de Friezen to dwaen. By Jousma sjocht men folle skerper it skeel tusken kristendom en heidendom as in striid fan leafde en hate. Wylst Redbad mei gewelt bisiket syn Fryslân to rêdden, wurdt er op tragyske wize sels it slachtoffer. Wybenga syn roman is dúdlik yn Frysk-nasionale geast skreaun. Doe't it boek in hiel ein hinne ré wie, stjûrde er prof. J.H. Brouwer in tal haedstikken en frege him oft er syn oardiel jaen woe en in foarwurd skriuwe. Hy utere him doe oer syn bidoelingen yn inkelde brieven, dy't ik fan prof. Brouwer ynsjen mocht. Hjirút docht bliken dat er yn 1945 al in pear jier mei de roman, syn ‘libbenswurk’, to set wie. Net Redbad en Willebrord wiene syn haedpersoanen, mar ‘Hedzer de Preester fan Wodan’, dat ek de titel fan it boek wurde soe. Hy woe net de opfetting jaen fan de âlde skoalboekjes, dy't de Friezen as primitive barbaren sjogge. Ek moast - neffens brieven fan desimber 1946 - útkomme dat it net allinne in striid om it leauwe wie, mar ek ien om ekonomyske bilangen: de macht oer de Rynmounings, de hannel fan Utert, Doarestêd en Keulen en de frije feart op it Brittelân en de Eastsé. ‘Persoanen en yntrige binne secundair, Fryslân primair’. Lit myn sjoch op it stik skiednis der hjir en dêr bytroch wêze, de kristlike skiedskriuwing wie ek iensidich en partidich, seit er. Prof. Brouwer wiisde him op in tal punten, dy't letter forbettere binne. It doel, skriuwt Wybenga op 1 juny 1947, bliuwt, de Friezen yn in boeijend forhael op greate mominten yn har skiednis to wizen. My tinkt, Wybenga is dit wol slagge, al sjogge wy yn syn Redbad net de greate en hurde man, dêr't men ornaris oan tinkt. Hy is hjir âld en mijen, al rekket er inkeld ris troch alles hinne, as Hedzer him ienkear meinommen hat. De figuer fan Hedzer is wol sympathyk en jowt de skriuwer de mooglikheit de greate ynfloed útkomme to litten, dy't de heidenpreesters grif hawn hawwe en dy't ek by Marie Koenen en de oare biwurkers wol meispilet. It heidenske leauwe sels skynt Wybenga lykwols net folle to sizzen. It is mear in | |
[pagina 24]
| |
modern leauwen yn Fryslân dat syn Fryske foarmannen bisielet. By alle earbied foar it rjocht fan de skriuwer syn eigen wize fan sjen út to byldzjen, mei men jins biswieren uterje tsjin syn opfetting. Grif is it goed dat men ris in oare kant sjocht: it Frysk-nasionale aspekt wurdt hjir op sa'n meinimmende en oansprekkende wize forbylde, dat de trochsneed lêzer hjir mear fan bybliuwt as fan de measte oare biwurkingen fan dizze stoffe. Dat de skriuwer guon minne geastliken nei foaren hellet, bart mei rjocht en reden. Marie Koenen en ek Douwe Kalma litte goed útkomme, hoe'n bidjer der hearske yn it noch heal heidenske Frankeryk, dêr't de geastliken ornaris de pionnen fan de foarsten wiene. It is bikend dat Karel de Greate de Saksen mei twang en gewelt ta it kristendom brocht hat, mar prof. Post hat fêststeld dat de Friezen frijwillich oergien binne. De muonts Marcellus dy't op in Frankysk skip Starum forlitte moat, seit lykwols op bleds. 17 yn in net bot oertsjûgjende passaezje: ‘Under de hoede fan it Frankyske skyld, sille wy dy bline heidens kerstenje. Kin it net mei it wurd, dan mei it swurd... Wy sille dy preester en syn freon Heroaldes as hounen yn net wijde ierde bidobje.’ Dit is in anakronisme: pas yn de tsiende en âlfte ieu waerd it by de kristenen wenst de deaden yn wijde ierde to bigraven. In histoarikus sil mear fine, mar dat achtsje ik net slim. Biskriuwt men in tiidrek dêr't men net folle fan wit, dan kin men toseil gean op hwat men yn buorlannen of neistlizzende ieuwen fynt. Minder achtsje ik dat hjir in smjunt as Marcellus fan ‘wy’ prate mei, blykber mei út namme fan Willebrord en oare heechsteande geastliken. Oer it algemien wurdt Willebrord hjir net al to sympathyk foarsteld. Men kriget de yndruk fan in ûnfordraechsum en hearsksuchtich yntrigant, in ‘man dy't de leare fan leafde en gerjochtichheit jimmer foarenoan yn 'e mûle hat, (mar) longert op it bloed fan 'e Friezen... 't Is mei jo ek al as mei alle prekers, hear nei myn wurden mar sjoch net nei myn dieden’, wurdt him op bleds. 80 forwiten en op bleds. 163 jowt Willebrord hartoch Heroaldes ta: ‘Jo binne mûglik jit better Kristen as wy, dy't der ús foar útjowe.’ Op bleds. 138 fynt men: ‘Hokker lekken en brekken Willebrord hawwe mocht, eangstme wie him frjemd.’ Ek wurdt ta eare fan Willebrord tajown: ‘as it oan him lei, dan kamen alle slaven frij.’ Mei moderne eagen sjoen, is it yndie ûnfordraechsum fan Willebrord om timpels en goadebylden stikken to slaen. Men kin dit bigripe as it iennige middel om de heidenen fan har | |
[pagina 25]
| |
freze foar de goaden to bifrijen, mar neffens ien as Glazema hat it mooglik faker in bikroaning as it bigjin fan it bikearingswurk west. Dêrfoaroer wurde de heidenske Fryske en Frankyske lieders by Wybenga ornaris as foarbyldige minsken foarsteld. Soks hat hast hwat fan Friso Stellingwerf syn opfettingen, foardat er omdoopt waerd. Yn elk gefal sil men hjir gjin bigryp fine foar dyjingen, dy't it hopeleaze en faken wrede heidendom ôfswarden foar de treast fan it bifrijende kristendom. Likemin hat Wybenga folle aen fan it idéalisme dat de bringers fan it bliid boadskip dreau en fan it tragyske feit dat hja sûnder biskerming fan de Frank net folle yn ús lân út de wei sette koene. Bonifatius syn pleitsjen foar it kristendom oan de ein hat hwat fan de forkiezingsprogramma's fan de politike partijen: oars net as frede en woltier! Mear wurdearring kin men hawwe foar de skildering fan it Fryslân fan dy tiid en foar de epyske hichtepunten fan it forhael, bygelyks de oermastering fan de Britteboarch, de ûntsnapping fan de kastlein út Utert, de bifrijing fan Karel Martel en syn faem. Hy lit goed útkomme dat de Fryske boeren en skippers gâns heger stiene as har barbaerske helpers út de ‘grime herne’. As Wybenga it wetterlân biskriuwt, by de tocht fan Utert de noardlike Rynmouning del, sjoch ik it greate farwetter by Warten foar my. Men hie wol graech hwat mear fan it libben op de Fryske terpen sjen wollen, mar faeks is dit skrast om it forhael to bikoartsjen. Kleur en sfear fan it wetterlân wit er treflik foar jin op to roppen, lykas er dat yn syn jeugdfersen yn Maitiidsgrien ek dien hat. Foardat ik dy ûnder eagen hawn hie, haw ik lang tocht dat dizze Wybenga deselde wie as de Eastermarder Joh. Wybenga, dy't fan syn freon Meint Bottema fortelt yn Kalma's útjefte fan De Jonge fan de Marsheide. A.J. Wybenga is yn 1887 to Warten berne en kaem as fansels ‘by it Frysk’ en ta it Frysk skriuwen. Warten is en wie in ynfrysk doarp, dêr't ek lju as master E. Zwart, bikend om syn toanielstikken en skoalboekjes, en de toanielskriuwster Herm. Jaarsma wei komme. Wybenga syn heit wie in echte doarpsskoalmaster, in lêzer fan Waling Dykstra en de Fryske Húsfrjeon. Hy wie bifreone mei O.H. Sytstra dy't ek it foarwurd skreaun hat fan Maitiidsgrien. Under de fersen yn dizze bondel stiet hwer't hja skreaun binne, yn of by Warten, yn de Alde Feanen en yn de plakken dêr't de jonge Albert syn wurk hie: to Inkhuzen, yn 1905, doe't er dus achttjin jier âld wie, Swol en Heeten by Dimter, dêr't er boukundich opsichter west hat. Ek hat er yn Almelo | |
[pagina 26]
| |
en Heerlen wenne. Yn Noardwâlde hat er tekenlearaer en journalist west en yn 1931 waerd er yn Wolvegea amtner by Gemeentewurken fan Weststellingwerf. Dêr wie er ek jierrenlang de warbere foarsitter fan de krite Oer de Tsjonger. Dat er bihalven foar it Frysk en syn dialekten ek tige bilangstelling hie foar it Oertsjongersk, hat er yn De Pompeblêdden biwiisd, dêr't er yn 1948 de dialekten fan Wolvegea en Aldeholtpea forlike mei dy fan Noardwâlde en Aldeberkeap. Syn lêste wurk yn dit blêd wie in rige artikels oer De tael fan de âlder- en fan de jongerein, skreaun op forsyk fan Sipma en foar in part posthúm forskynd. Dêryn kaem er op foar it brûken fan de libbene folkstael, faei troch it offisiéle Hollânsk. Douwe Kalma syn yntellektuéle wurdkar en idioom achte er mar nuodlik. Hy stie oan de kant fan Hof en biwûndere Waling Dykstra syn geef Frysk, al hâldde er it leaver mei it ‘taelmonumint’ fan it Wetterlân, de Rimen en Teltsjes, as mei Dykstra syn Klaeifrysk. Hy hat ek forskate fersen en forhalen skreaun yn It Heitelân en Frysk en Frij. Oan De Tsjerne hat er meiwurke yn 1949 en 1950 ûnder de rubryk Krityk yn it koart en yn de Toanielkronyk. Dêryn skriuwt er ek oer Douwe Kalma, dy't er blykber út de tydskriften koe en fan syn Macbeth-oersetting. Doe't er mei pinsioen gyng, krige er it better oan tiid om greater wurk to skriuwen, mar in pear moanne letter is er al forstoarn. It is spitich dat er syn boek net mear printe sjoen hat. De Fryske Bibleteek wie al mei him yn ûnderhanneling oer de útjefte. De roman is gjin tsjinhinger wurden fan Felix Dahn's Kampf um Rom, al suggerearret de nije titel De striid om Keulen dat hast, mar it is in nijsgjirrige folksroman, ryk fan ynhâld en tael, dy't grif oan syn doel bianderet: in treffende útbylding fan in great momint út de Fryske skiednis. |
|