| |
| |
| |
Krityk yn it koart:
Kaspersma seit neat werom
De minske is ek hjirom in eigenaerdich wêzen, dat er tsjin himsels ‘goeije!’ sizze kin. Moarns, as er fan it bêd ôf komt bygelyks, kin er him mei sok wurd op 'e nij oan himsels foarstelle: ‘goeije!’ Dat beart nuver. Sa nuver, dat er him skammet, as er fornimt, dat in oar it heart. Dêrom rinne dyjingen, dy't op strjitte tsjin harsels prate, allinnich op strjitte, hoe drok it forkear ek is en ik bin der wis fan, dat se oars neat herhelje as: ‘goeije!’ Ik haw it ek wolris bisocht, om út to finen, oft ik gelyk hie, roun dan op sa'n ien ta en frege: ‘Hwat biprate Jo yn Josels?’ Rare eagen skuorde de oare dan op, krekt as seach er foar it earst yn syn libben in meiminske, en andere dan: ‘goeije!’ of soksahwat. En dochs, al hoe dúdlik it resultaet fan dit lytse ûndersyk wie, minsken, dy't yn harsels prate, yntrigearje my en ik moat war dwaen en fyn har net yn it foar al sympathyk. Dêrom bin ik bliid, dat it ‘yn jinssels praten’ net by de wet forbean is. Net dat ik sels lêst krije soe, hwant ik ha myn forstân noch wol, mar it soe dochs tige frjemd wêze, as men grútsjen hearde: ‘Ha jimme it al heard? Gerryt Lipstra is oppakt, hwant hy roun yn himsels to praten; twa polysjes hawwe it sjoen, dat sadwaende....’. It soe like fortrietlik wêze, as hwannear't de wet iepenlik útsprekke soe, dat it dreamen steatsgefaerlik is en dêrom is it goed, dat polysjes allinne mar omtinken ha foar it soarte a-sosialen dat sûnder ljocht op 'e dyk rydt.
Minsken, dy't der net sûnder kinne en siz regelmjittich ‘goeije!’ tsjin harsels, lûke har lykwols tobek en bigjinne mei noaten, wurden of ferve to wrakseljen, alhiel op harsels. PEN-centra en Kunstnersbounen soargje derfoar, dat soks minder frjemd liket as it is en men kin der sels in priis foar krije; as men it goed docht fansels en net tofolle iggewearret tsjin de morael. Dochs moat ik by de skriuwers, dy't my sympathyk binne, altyd wer tinke oan 'e niisneamde Gerryt Lipstra, of leaver it is krekt oarsom, earst tink ik oan Lipstra en dan komt de sympathy. Sa gong it my ek by Sûnder sûker fan Jo Smit, dat yn 1956 forskynd is as nûmer 3 fan de Reiddomprige 1954. En de forgeliking strykt ek noch, hwant der wie in lêzer - kritikus wol ik him net neame -, dy woe suver ha, dizze skriuwer soe oppakt wurde moatte. In man, dy't rint to praten yn himsels yn pleats fan dat er syn forantwurdlikheit biseft foar God, Fryslân en de biweging oer. Tink der mar ris om, Gerryt Lipstra heart ta it genus fan de import-yndividualisten, dy't yn Fryslân de boel wol eefkes oprêdde sille, mar it allinne drok ha mei harsels.
It is mar gelokkich, dat net elke Fries It Heitelân lêst; net om't it net in gesellich blêd wêze soe, mar om't de foarljochting op it stik fan Sûnder Sûker ryklik ûngesellich wie. Mear respekt haw ik dêrom foar dy kritikasters, dy't it gewoan nuver founen, dat in man, dy't yn it maetskiplik libben gjin strafregister hat, samar yn himsels bigjint to praten; hja wisten net hwat se deroan hiene en dat wit ik sels fuortendaliks ek net. Sûnder Sûker is nammers in frjemd forhael, dêr't eins neat yn bart, en binammen nou't ik sûnt in heal jier de krante lês, dêr't eltse dei in hiel soad yn bart, wurde frjemde forhalen my hwat langer hwat frjemder. Ik gean deroer to set en bifylje se sa lang mei myn tinzen, oant ik sizze kin, sjoch, dat is
| |
| |
nou it probleem dêr't Jo Smit mei tangele sit. By einbislút is dat ek de forheven taek fan de kritikus en de senior fan de kritisi, Dr. P.H. Ritter Jr. docht it ek sa, alle sneinen. Men moat jin derfoar hoedzje en nim foar it litterair kunstwurk oer de hâlding oan fan de junior, dy't deagewoan lêst: Karl May en Jules Verne, mearkes en de spannende aventûren fan Winnie de Poe. Nou komt Smit de probleemsykjende kritikus yn my in hiel ein tomjitte, om't er syn haedfiguer de monolooch út en troch ûnderbrekke lit mei in stikje theory. Dêryn ûntrint er de my sa sympathike figuer fan Lipstra, ek al is dy theory nijsgjirrich genôch.
Twa manlju sitte by in taffeltsje, yn in kafé; ien fan beiden is anonym, it is de forteller. De oare hjit Kaspersma en seit it hiele boekje troch gjin wurd, al hat it wol eigenskip dat er mei sawn pear earen harket nei it forhael oer in trêdde, ek wer anonyme, figuer, dy't oantsjut wurdt mei ‘hy’ of ‘him’. De lêzer wurdt net, sa't dat wenst is by Fryske boeken, wiidweidich yn de kunde brocht mei de omstannichheden fan de persoanen, om't Smit in ‘abstrakt’ forhael skreaun hat, dêr't hast gjin hanneling yn sit, wylst men mar fan ien fan de seis persoanen op it toaniel de namme wit: Kaspersma. Men wit net hoe let it is, allikemin, hoe't dy twa oan dat taffeltsje oaninoar slagge binne; koartsein, men wit fan neat en dochs suggerearret de novelle fan it bigjin ôf in réaliteit, dy't faeks net trochsichtiger, mar wol binearjender is, as men it boekje tichtdocht. Gerryt Lipstra, hwat biprate Jo yn Josels?
Oan Kaspersma wurdt fan de ik-persoan forteld, hoe't hy lieder wurden is fan de biweging, dy't nou nei in soad striid it hêft yn hannen hat. Ek dy biweging bliuwt anonym, likegoed as de man, dy't der nou de lieder fan is. Fan him is neat bikend; op de gearkomsten sei er oars net as: ‘Der moat fûlder striden wurde’ en fierder set er syn gleske brandewyn altyd mathematysk krekt op itselde plak del. Hy is de ivige steréotyp en de greate ûnbikende; gjin minske, mar ien dy't de rol spilet, dy't de minsken fan him bigeare; de man, dy't net praet, mar herhellet; dy't net fascinearret troch it kontakt, mar troch de ôfstân; in god op ierde, mar foargoed sûnder de selsspot fan de Farao, dy't sei: elkenien leaut yn myn godlikheit, ûtsein de tsjinner, dy't myn pôt leget.
Tsjinoer dy lieder stiet de ik-persoan fan de forteller, dy't irony genôch hat, om op in minske to lykjen. Solidair mei de biweging wol er wêze, mar hy wol der net yn leauwe, om't er net striidt foar in abstrakt idéael, mar foar himsels, dat hy drinkt rêstich syn brandewyn sûnder sûker, om't it libben goed is. Hy hat der nou ien kear nocht oan en siz sa nou en dan ‘goeije!’ tsjin himsels, sûnder de dupe to wêzen fan in biweging dy't jin twingt yn de namme fan de.... frijheit. As de ik-persoan syn forhael dien hat, lit Kaspersma him arrestearje en de moderne lins fan Smit syn litteraire kamera jowt noch eefkes in close-up fan de taep, dêr't de ober bistelt: trije mei sûker.
It probleem: de forhâlding fan leauwe en frijheit, fan kollektiviteit en yndividu, fan minsklike persoan en anonyme machts-apparatuer. Sûnder Sûker is in phaenomenology fan de macht, dy't tagelyk in apology wêze wol fan de frijheit. Hwa't yn dit konflikt in stik problematyk fan de Fryske Biweging weromkenne wol, moat himsels dy persoanlike fraech net ûntkomme litte; hwa't hjir allinne mar in satyre yn sjen kin op dyselde biweging, moat himsels ris in
| |
| |
persoanlike fraech stelle, om to bigjinnen eventueel à la Gerryt Lipstra. It boekje is lykwols net allinne slagge, om't it in probleem sjen lit, dêr't elkenien, op syn wize, mei to krijen hat; dit probleem komt dêrom sa binearjend op jin oan, om't Sûnder Sûker sa'n bêst forhael is.
Oer in probleem kin men debattearje, mar yn dit boekje wurdt forteld. Der wurdt forteld, net yn de sin fan de reportaezje, dy't in rige feiten meidielt, mar yn de abstrakte, mearkeseftige sin fan it wurd. Der wurde wol feiten meidield, mar de bitsjutting derfan leit op in twade, net neijer to bineamen, plan. Dat jildt like goed foar de lange ûnderbroeken, dy't de lieder oanhat, as foar de brandewyn sûnder sûker, dy't de forteller drinkt. Dêrom bin ik wiis mei dizze novelle, dy't folslein leit bûten de wenstige, noch altyd naturalistyske sfear, dêr't men forfelende krekt yn wit, hwat alles bitsjut: dieses heisst Hund und jenes heisst Haus. Sûnder Sûker hat mear fan in modern, abstrakt, skilderstik, dêr't ding en minske mear as ien bitsjutting yn hawwe; der eigene Garten grenzt nicht mehr an Gott.
De forhalen, dy't Smit de lêste jierren yn De Tsjerne publisearre hat, hawwe dyselde, typyske eigenskippen. De skriuwer kin dêrby útgean fan in ka of in bêdkwast - kin it konkreter? -, wylst er tagelyk dy ka en dy bêdkwast brûkt om ôfstân to nimmen fan de wurklikheit. In bêdkwast, dy't samar oan jin forskynt of in ka, dy't samar by jin op bisite komt en dan ek noch rare grappen útheeft; kin it abstrakter? Troch dit moderne prosédé, dêr't Smit mei om wit to gean, wurde ka en bêdkwast, anonyme lieder en anonym kafé bisiele mei in eigen libben as yn in mearke, dêr't de dingen út harsels biwege kinne en de minsken in efternamme net brek binne.
Dêrom bin ik bliid dat der ûnder alle figueren, dy't de Fryske skriuwers to wrâld brocht ha, ek in man rint, dy't praet yn himsels. Dat er him dêrby út en troch ûntskuldiget mei in stikje theory, dêr't de frijheit like neatsizzend yn is as it leauwe dat der yn bistriden wurdt, is op 'en heechsten Kaspersma kweaôf to nimmen. Dy hat soks nou ienris nedich, yn It Heitelân likegoed as yn it kafé, dêr't men trochstrings brandewyn drinkt mei sûker. It is mei rjocht en reden, dat de skriuwer yn dit forhael Kaspersma neat weromsizze lit, hwant oer de frijheit kin men faeks debattearje, mar foar jins nocht en wille siket men in freon of in freondinne.
LOLLE NAUTA
| |
Sawn froulju en ien man
Ria Postma-Stolk: Fiif minuten is to lang. Laverman, Drachten. 1956.
Dit is it forhael fan it fanke Dedtsje Valk, dy't foar it earst fan hûs giet, fuort mar hielendal nei Switserlân ta. Yn ‘Sturm und Drang’ is hja it eigen formidden ûntflechte, yn ‘Sturm und Drang’ ûndergiet hja it nije formidden fan ien man en toneisteby sawn froulju. De man tusken mem en leafste yn en de froulju mei har lytse sinnen, elk út in eigen wrâld wei en allegearre mei in hean forline. In show fan likefolle soarten egoïsme yn stokken holden mei hwat
| |
| |
goede wil. Hja skermje nei inoar ta, stjitte inoar ôf, forwurkje har eigen fortriet en forlet der yn, sitte har eigen idéalen efternei, yntrigearje, observearje en binne foreale.
It ramt, hweryn dizze drokke biwegings wol forantwurde spile wurde, is it bernetohûs Kinderfreude to Bern. De trie, dy't alles byinoar hâldt en hwer't alles om hinne wynt, is de spanning tusken Dedtsje Valk en har lânsman Herr Holland, sille hja elkoar nou krije of net? It wol hieltyd wêze, mar iderkear bidjerre de lêste fiif minuten it wer. Sels de efterste bledsiden mei it ôfskie, bringe de oplossing net en as it boek mei in foech sucht tichtklapt wurdt, wit de lêzer it noch net. Nou ja, it wiist dy kant wol út, mar... en alhoewol...
Mei oare wurden hie de skriuwster har thema wol guodkeaper oanbiede kinnen.
De heukerige, mar tige minsklike dingen fan dizze frouljusmienskip, it neigean ûnderling, de stien, dy't de feart yn it forhael bringt, de yntrige, de rjochtspraek, de ûntknoping (?), de oantsjutting fan de fierdere ûntjowing, hja dogge stik foar stik simpel en hast al to ienfâldich oan. Mar like goed, de skriuwster hat fan dit filmke hwat plesierichs makke, dat ek net yn de kâlde klean hingjen bliuwt, hwant hja hat it op in aerdige boartlike toan forhelle en mei kleurige tafrieltsjes yllustrearre, hwer't de lêzer nocht oan krijt. It hie om ús wol in drip wiidweidiger kinnen foar de dúdlikheit, nou moasten wy soms in eintsje tobek om de trie werom to finen.
Mei't de toets sa licht hâlden is, binne de minsken net hierskerp op it doek kommen; hja binne sketsen bleaun, mar dat nimt net wei, dat èn de knoffelige jongfeint, dy't it to waerm krige èn de froulju mei har kneepkes en feninichheitsjes knap har gerak krigen hawwe.
YPK FAN DER FEAR
| |
Skaden foar minsken
It goudene ûleboerd fan G. Spaanderman Wielinga. Kristlik Fryske Folksbibleteek nû. 26. A.J. Osinga N.V., Boalsert, 1956.
As dit nou ris net in ‘roman’ wêze wollen hie, mar bleaun wie by in bondel sketsen, tekeningen as men dat wol, fan de Sumarre heide by âlds, hwat soene wy dan in nijsgjirrich stik folkslitteratuer riker wurden wêze. Hwant de skriuwster fan dit boek fan ryklik 200 bledsiden hat goed ûnthâlden hwat oarreheit har ‘alearen op hjerstige jountiden’ forhelle oer ‘it âld Friezene libben, lyk as it hjir by ús op 'e heide foarhinne libbe waerd’, in libben fan spitkeet en slotpleats, fan earmoed en rykdom, fan ‘bernjen, boaskjen en baernende hertstocht’, fan Koarthakke en ‘skrinkelmannen’.
De Wâlden hawwe langer, gâns langer, as de Klaei fêsthâlden oan sêgen en mearkes, oan folksleauwe en folksgenêskunde, en op 'e Sumarre heide dôch mei syn primitive bifolking fan arbeiders, turfgravers, skoaijers, ierpelsikers, flaeksteppers en ûngetiders libbe ont koart forlyn - ja ont yn ús dagen, alteast by inkelden - fan dat allegearre jit in heap. Men kin it suver om de oare blêdkant yn dit boek opfandelje, lykas men ek mei niget lêst, hoe't in spitkeet set
| |
| |
waerd, hoe't hja dêr yn húsmannen, hoe't it om en ta gyng mei bernheljen en trouwen, mei masterjen en willemeitsjen, hwat der bipraet en biskôge waerd yn dy stienearme formiddens fan hwat de skriuwster neamt ‘de âlde frompraters, dy't mei hel en fordommenis omsmieten oft it neat wie’ en dy't troch har suver folksfrysk de mei ham en gram oernommene einen fan mar heal-forstiene theologyske skriftueren griemden, dat it in nuver grienmank waerd fan Frysk en ‘tale Kanaäns’.
Elts fan dizze eleminten hie in lêsber haedstik fan sa'n bondel fan to meitsjen west en it hie sûnder mis de klank fan it echte hawn, dêr't wy fuort oan leaud hiene. Mar mefrou Spaanderman-Wielinga woe heger mikke. It moast fuort in roman wurde. Hat har it wurk fan Evert Zandstra troch de holle spûke of De Hoara's faeks, ek in boek fan de Wâlden, fan boeren en arbeiders, fan harren fûle konflikten? Mar hoe dan ek, hja is op ‘e doele rekke, fordwaeld op har eigenste Sumarre heide. Fordwaeld yn de tiid: de Frjentsjerter Akademy (yn de Frânske tiid al sletten) en dokter Bongaerd (dêr't men in Burgumer dokter fan likernôch deselde namme om 1890 hinne yn wer fynt) yn deselde snuorje, fordwaeld yn de romte: de pleats It Goudene Uleboerd en de stins Solckama (dy't yn Garyp stie en net by de heide) fuort njonken elkoar. Mar folle slimmer: fordwaeld yn har eigen opset en tolânne kommen yn in wrâld fan bleke skimen, dy't de lêzer - hoe't er ek dikert - mar net ûnderskiede kin en dy't mar gjin minsken fan flêsk en bloed wurde wolle. Dat Saepck Hooda Humalda (ien fan de haedfigueren út it boek) gjin minskestal oannimme wol, och, dat soe men noch taskriuwe kinne oan de omstannichheit, dat hja in boeredochter ut de Sûdwesthoeke hjit to wêzen: de skriuwster is dêr ommers net thús? Mar dat itselde jildt foar Jimke, de divelskunstner út de heideklinte, en syn greate en erflike tsjinspylder Roel Eises Timminga, de smoarrike boer, op hwaens uterste gerjochtichheit dy Jimke tahâldt, is slimmer. Mefrou Spaanderman moat dizze beide figueren oars dôch goed kend hawwe út oarreheite teltsjes. Likegoed bliuwe hja papier en inket en dus jin frjemd, ek as de striid tusken beide mannen - it bikende thema fan de greatste, ynklauwerige kening-op-syn-hiem en de earme wrotter,
dy't foar syn lyts bytsje eigendom fjochtet as in liuw - nei de klimaks kliuwt. En as dan de profesije utkomt en de forwinsking fan Jimke de herteleaze troch-ende-wer-troch hurde boer forneatiget, it gouden ûleboerd fan boppen komt en al fallendewei de heimsinnige sark efter de skuorre tospjalt - de stien hie fansels ‘noch tsjinst dien as offerstien foar de âlde heidenske Friezen’ - wurdt men der oars noch oars fan en freget men jin op it heechst ôf, hoe't in pear houtene swannehalzen (al binne se dan mei goud bislein - toemar!) sa kreas dit ‘aerdich oantinken oan forfleine ieuwen” midstwa krije kinne.
In oerfloed fan (wisse: nijsgjirrige) folkloristyske bysûnderheden, in útdragerswinkel fol ‘histoaryske’ romantyk, in samling skaden, dy't minsken foarstelle moatte en fangefolgen in rige hannelingen, dy't alhiel bûten jin omgiet, sa moatte wy spitigernôch dit mislearre bisykjen fan in debutante oantsjutte. De taelkundige en de folklorist fine gâns moai spul efter dit goudene ûleboerd, mar: de Kristlik Fryske Folksbibleteek hat dôch gjin bydrage leverje wollen ta it Wâldeplan fan de Akademy, mar alderearst in boek om to lêzen?
S.J. VAN DER MOLEN
|
|